Jason Newsted

Ut Wikipedy
Jason Newsted
sjonger en/of muzikant
Jason Newsted yn 2013
Jason Newsted yn 2013
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jason Curtis Newsted
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 4 maart 1963
berteplak Battle Creek
wurkpaad
sjenre Metal
ynstrumint Basgitaar
grutste hit(s) One,
Enter Sandman,
Nothing Else Matters
jierren aktyf 1983 - No

Jason Curtis Newsted (Battle Creek, 4 maart 1963) is in Amerikaansk bassist. Hy is bekend as de bassist fan Flotsam & Jetsam en Metallica. Newsted en syn eardere mei-bandleden fan Metallica waarden yn 2009 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Newsted begûn as jonkje fan njoggen mei gitaar spyljen, mar nei't er Gene Simmons fan Kiss spyljen hearde is er op fjirtjin jierrige leeftiid oerstapt op de basgitaar.

Flotsam & Jetsam (1981-1986)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1981 begûn Newstad as bassist bij de Trashmetalband Flotsam en Jetsam nei't er reagearre hie op in advertinsje fan de fan de krekt oprjochten band dy't noch in bassist socht. Op 4 july 1986 brocht er mei dizze band it album Doomsday for the Deceiver út. Oktober 1986 ferliet Newstad de band nei't er frege waard troch Metallica om syn yn septimber ferûngelokke bassist Cliff Burton te ferfangen.

Metallica (1987-2001)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Newstad gie earst mei Metallica op in koart toernee en dernei kaam der in EP út, It earste studio-album fan Jason mei Metallica ...And Justice for All kaam út op 6 septimber 1988. Der wie fûle krityk op it album mei't de baspartijen fan Newsted binne amper te hearren binne op it album. Letter hawwe James Hetfield en Lars Ulrich tajûn dat se dit bewust dien hiene. Mei Metallica had Jason Newsted fjouwer studio-albums útbrocht en ien album mei covers. Yn jannewaris 2001 makke Jason Newsted bekend dat er nei 15 jier Metallica gie ferlitten.

Ozzy Osbourne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferfanger fan Newsted by Metallica waard pas yn 2003 fûn yn Robert Trujillo doe de bassist fan Ozzy Osbourne, Om't Osbourne op dat stuit op toernee wie waard Newsted frege as ynfaller om de rest fan it toernee ôf te kinnen meitsjen.

Voivod (2001-2008)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn fertrek by Metallica waard Jason ûnder de namme Jasonic bassist by de Kanadeeske band Voivod. Mei Voivod had Newsted trije studio-albums útbrocht, hy is nammentlik ek noch te hearen op it album Infini dat yn 2009 útkaam.

Newsted (2012-2014)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2012 foarme er syn eigen band, dizze band hat oant 2014 en der is ien studio-albumm fan útkaam. Nei dizze band waard it frij stil rûn Jason Newsted op in tal lytse projekten nei.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jason Newsted waard berne yn Battle Creek, Michigan, Amearika, as de tredde yn in gesin fan fjouwer. Jason newsted boaske yn 2012 mei Nicole Leigh Smith. Hy hat yn it ferline ek al ris troud west mar dat houlik kaam wilens de opnamen fan The Black Album oan in ein. Yn syn frije tiid is Newsted dwaande mei skilderjen en hat syn skilderijen op ferskate plakken yn Amearika eksposearre.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Band Single(s)
Doomsday for the Deceiver 4 july 1986 Flotsam & Jetsam
...and Justice for All 6 septimber 1988 Metallica Harvester of Sorrow,
Eye of the Beholder,
One
Metallica
The Black Album
12 augustus 1991 Enter Sandman,
The Unforgiven,
Nothing Else Matters,
Wherever I May Roam,
Sad but True
Load 4 juny 1996 Until It Sleeps,
Hero of the Day,
Mama Said,
King Nothing
Reload 18 novimber 1997 The Memory Remains (ft. Marianne Faithfull),
The Unforgiven II,
Fuel,
Better Than You
Garage Inc. 24 novimber 1998 Turn the Page (Bob Seger cover),
Whiskey in the Jar,
Die, Die My Darling (Misfits cover)
Voivod 4 maart 2003 Voivod Gasmask Revival,
We Carry On
Katorz 25 july 2006
Infini 12 juny 2009
Heavy Metal Music 6 augustus 2013 Newsted Soldierhead

As gastmuzikant[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Single(s) Album Utbrocht yn Mei band
Hatred Aside Against 1998 Sepultura