Springe nei ynhâld

The Unforgiven

Ut Wikipedy
The Unforgiven
algemiene ynformaasje
B-kantKilling Time (Sweet Savage cover)
artystMetallica
albumMetallica (The Black Album)
taalIngelsk
sjenreMetal
útbrocht28 oktober 1991
opnommenoktober 1990
doer6:27
labelElektra
skriuwerKirk Hammett,
James Hetfield,
Lars Ulrich
produsintJames Hetfield,
Bob Rock,
Lars Ulrich
fideoclip
Metallica: The Unforgiven (Official Music Video)
resultaten
hitlistenflagge fan Nederlân Single Top 100 - 25
sertifisearre Austraalje 2x platinum,
Itaalje goud,
Grut-Brittanje sulver,
Feriene Steaten goud

The Unforgiven is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1990 en útbrocht op it album Metallica better bekend as The Black Album fan Metallica út 1991. The Unforgiven wie it fjirde nûmer op it album en waard op 28 oktober 1991 útbrocht as twadde single fan it album.

The Unforgiven is een ballad gewoanwei bestiet in klassike ballad út rêstige strofes en in krêftich refrein, mar by dit liet draaide de band it konsept om. It refrein is rêstich songen en de strofes binne swier. It nûmer waard dan ek diels spile mei klassike gitaren yn stee fan de gebrûklike elektryske gitaren. It nûmer hat twa opfolgers yn The Unforgiven II fan it album Reload út 1997 en The Unforgiven III fan it album Death Magnetic út 2008.

Oer de fideoclip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fideoklip dy 't yn swart/wyt filme is, hat as tema in yn finzenskip berne jonge dy't syn libben trochbringt yn in stiennen keamer sûnder ruten. Neigeraden dat de fideo foarderet, wurdt er in folwoeksene en dêrnei in âldman. Hy besteget syn hiele libben oan it snijen yn de stien om in rút te meitsjen.

  • James Hetfield – Sang & Gitaar
  • Kirk Hammett – Gitaar
  • Jason Newsted - Bas
  • Lars Ulrich – Drums