The Unforgiven II

Ut Wikipedy
The Unforgiven II
algemiene ynformaasje
B-kant Helpless (live)
artyst Metallica
album Reload
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 23 febrewaris 1998
opnommen 1996
doer 6:36
label Elektra
skriuwer Kirk Hammett,
James Hetfield,
Lars Ulrich
produsint James Hetfield,
Bob Rock,
Lars Ulrich
fideoclip
Metallica: The Unforgiven II (Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Single Top 100 - 25
sertifisearre Flag of Australia.svg Austraalje goud,
Flag of Denmark.svg  Denemark goud

The Unforgiven II is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1996 en útbrocht op it album Reload fan Metallica út 1997. The Unforgiven II wie it fjirde nûmer op it album en waard op 23 febrewaris 1998 útbrocht as twadde single fan it album.

Oer it nûmer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Unforgiven II de opfolger fan The Unforgiven út 1991. Beide nûmers hawwe fergelykbere muzikale tema's. De akkoardeskema by de kûpletten is opfallend gelyk oan dy't brûkt yn it refrein op "The Unforgiven". Der is noch in tredde opfolger The Unforgiven III fan it album Death Magnetic út 2008.

Oer de fideoclip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferhaal yn de fideoclip fan The Unforgiven II is fergelykber mei it ferhaal fan de earste fideoclip, hoewol 't in tunnel de lege keamer yn de earste fideo ferfangt. It begjint mei in jonge sûnder shirt dy't fêstsit yn in muorre, en sjen lit hoe 't de muorre stik foar stik brekt neigeraden dat de jonge âlder wurdt. fierderop yn de fideoclip, wurdt it abstracter, mei weagen dy't oan de oare kant fan de muorre bûke en skuorre, wêrtroch't de muorre elke kear lytser wurdt. De lêste sêne lit sjen hoe 't it oerbliuwende stik fan de muorre feroaret yn in frou, mei de hân fan de no âldere jonge noch altyd yn de rêch. De jonge iepenet syn hân, wêrtroch't de frou de kaai út syn hân helje kin en hy syn hân út de muorre helje kin.

Muzikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • James Hetfield – Sang & Gitaar
  • Kirk Hammett – Gitaar
  • Jason Newsted - Bas
  • Lars Ulrich – Drums