James Hetfield

Ut Wikipedy
James Hetfield
sjonger en/of muzikant
James Hetfield yn 2017
James Hetfield yn 2017
persoanlike bysûnderheden
echte namme James Alan Hetfield
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 3 augustus 1963
berteplak Downey
wurkpaad
sjenre Metal
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Gitaar
grutste hit(s) Master of Puppets,
One,
Enter Sandman,
Nothing Else Matters
jierren aktyf 1978 - No

James Hetfield (Downey, 3 augustus 1963) is in Amerikaansk sjonger en gitarist. Hy is bekend as de sjonger fan Metallica. Hetfield en syn mei-bandleden waarden yn 2009 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

James Hetfield begûn as jong jonkje mei piano spyljen en te drummen, as jonge puber gie er oer op gitaar. Hetfield rjochte 1981 mei drummer Lars Ulrich de band Metallica op, nei't Ulrich yn 1980 in advertinsje pleatst hie yn in pleatslike krante, dêr't Hetfield op reagearre hie. Foar Metallica spile en song hy yn tal lokale bandsjes. Yn augustus 1992 rekke James Hetfield ferwûne by in optreden fan Metallica. Troch in flater mei de pyrotechnyk rûn hy twadde- en treddegraads brânwûnen op. Metallica kearde 17 dagen letter werom nei it poadium mei Metal Church gitarist John Marshall as ynfaller foar Hetfield, James wie sels al yn steat om te sjongen. Mei Metallica had Hetfield tsien studio-albums opnaam. En in tal wrâldwide hits op syn namme stean, Master of Puppets, One, Enter Sandman, en Nothing Else Matters.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

James waard berne yn Downey, Kalifornje, Amearika, hy hat twa hear-bruorren en ien suske. Syn âlden gien yn 1976 byinoar wei doe 't Hetfield 13 wie. Yn 1997 boaske Hetfield mei Francesca Tomasi sy ha trije bêrn. Yn 2001 liet Hetfield him opnimme yn in ôfkicksintra om syn jierrenlange drankswietens ûnder kontrole te krijen.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Band Single(s)
Kill 'Em All 25 july 1983 Metallica Whiplash,
Jump in the Fire
Ride the Lightning 27 july 1984 Fade to Black,
Creeping Death,
For Whom the Bell Tolls
Master of Puppets 3 maart 1986 Master of Puppets
...And Justice for All 6 septimber 1988 Harvester of Sorrow,
Eye of the Beholder,
One
Metallica
The Black Album
12 augustus 1991 Enter Sandman,
The Unforgiven,
Nothing Else Matters,
Wherever I May Roam,
Sad but True
Load 4 juny 1996 Until It Sleeps,
Hero of the Day,
Mama Said,
King Nothing
Reload 18 novimber 1997 The Memory Remains (ft. Marianne Faithfull),
The Unforgiven II,
Fuel,
Better Than You
Garage Inc. 24 novimber 1998 Turn the Page (Bob Seger cover),
Whiskey in the Jar,
Die, Die My Darling (Misfits cover)
St. Anger 5 juny 2003 St. Anger,
Frantic,
The Unnamed Feeling,
Some Kind of Monster
Death Magnetic 12 septimber 2008 The Day That Never Comes,
All Nightmare Long,
Broken, Beat & Scarred
Hardwired... to Self-Destruct 18 novimber 2016 Hardwired,
Moth into Flame,
Atlas, Rise!,
Now That We're Dead,
Spit Out the Bone

As gastmuzikant[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Single(s) Album Utbrocht yn Mei band
Man or Ash Wiseblood 1996 Corrosion of Conformity
Twist of Cain,
Possession
Danzig 1988 Danzig
Eclectic Electric Antipop 1999 Primus
Drivin' Rain The Deep End, Volume 2 2002 Gov't Mule
Beautiful Broken Beautiful Broken 2016 Heart