The Day That Never Comes
The Day That Never Comes | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | No Remorse (live) | |
artyst | Metallica | |
album | Death Magnetic | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
útbrocht | 21 augustus 2008 | |
opnommen | 14 maart 2007-22 maaie, 2008 | |
doer | 7:56 | |
label | Warner Bros. | |
skriuwer | James Hetfield, Kirk Hammett, Robert Trujillo, Lars Ulrich | |
produsint | Rick Rubin | |
fideoclip | ||
Metallica: The Day That Never Comes (Official Music Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Mega top 100 - 20, Singles top 50 - 11 |
The Day That Never Comes is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica tusken 14 maart 2007-22 maaie, 2008 en útbrocht op it album Death Magnetic fan Metallica út 2008. The Day That Never Comes is it fjirde nûmer op it album en waard op 21 augustus 2008 as earste single fan it album útbrocht.
Oer it nûmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Day That Never Comes begjint mei cleane gitaren dy 't trochwurkje yn de kûpletten, wylst de refreinen stipe wurde troch swiere gitaarriffs. Dit giet stadichoan hurder en liedt úteinlik ta in flugge harmony tusken de gitaren en in lange gitaarsolo fan Hammett. De ein fan it nûmer is suver ynstrumintaal, mei tal fan solo's en akkoardeskema's.
Oer de fideoclip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fideoclip foar it nûmer waard filme yn de woestyn bûten Los Angeles. De fideo toant twa mariniers dy 't op in auto yn in woestyn ride en rekke wurde troch in eksploazje. Neidat se dekking socht hawwe, ûntbleatet ien fan harren dat er in wûne oprûn hat. De oare marinier biedt earste help en ropt om help, en hoewol 't er úteinlik troch in helikopter ferfierd wurdt, wurdt suggerearre dat hy it net rêd.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- James Hetfield – Sang & Gitaar
- Kirk Hammett – Gitaar
- Robert Trujillo - Bas
- Lars Ulrich – Drums