Robert Trujillo
Robert Trujillo | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Robert Trujillo yn 2017 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Roberto Agustín Miguel Santiago Samuel Trujillo Veracruz | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 23 oktober 1964 | |
berteplak | Santa Monica | |
wurkpaad | ||
sjenre | Metal | |
ynstrumint | Basgitaar | |
jierren aktyf | 1978 - No |
Roberto Agustín Miguel Santiago Samuel Trujillo Veracruz (Santa Monica, 23 oktober 1964) is in Amerikaansk bassist. Hy is bekend as de bassist fan Suicidal Tendencies en Metallica. Trujillo en syn mei-bandleden fan Metallica waarden yn 2009 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame. Robert Trujillo is de heit fan bassist Tye Trujillo.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Robert Trujillo begûn al jong mei muziek meitsjen by feestbands, op syn 19e gie er nei in jazz-cosirvatorium.
Suicidal Tendencies (1989-1995)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trujillo krige bekendheid doe't er yn 1989 Bob Heathcote ferfong as bassist fan de Kalifornyske metalband Suicidal Tendencies. Trujilo brocht fjouwer studio-albums út mei dizze band.
Infectious Grooves (1989-1997) (2013-No)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trujillo is ek in bandlid fan it njonkenprojekt van de sjonger fan Suicidal Tendencies Mike Muir, Infectious Grooves. Ek mei dizze band brocht Robert fjouwer studio-albums út.
Ozzy Osbourne (1996-2003)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't er Suicidal Tendencies ferlitten hie waard Trujillo de nije bassist fan de band fan Ozzy Osbourne, as ferfanger fan Bob Daisley. Mei Osbourne brocht er ien studio-album út.
Metallica
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2003 die Trujillo wilens in toernee fan Ozzy Osbourne audysje by Metallica dy't nei it útbringen fan it album St. Anger op syk wiene nei in ferfanger foar de yn 2001 opstapte bassist Jason Newsted. Trujillo krige de baan. Dat Ozzy Osbourne moast foar de rest fan it toernee op syk nei in oare bassist as ferfanger fan Trujillo, die waard fûn yn Jason Newsted doe de bassist fan Voivod. Nettsjinsteande dat Trujillo net op it album St. Anger te hearren is, is er al te sjen yn de fideoclips dy't makke binne by de singles fan it album St Anger. Mei Metallica hat Robert oant no ta twa studio-albums útbrocht.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Robert Trujillo waard berne yn Santa Monica, Kalifornje, Amearika, as de soan fan in dosint. Trujillo is boaske mei Chloé sy ha twa bêrn.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Band | Single(s) |
---|---|---|---|
Lights...Camera...Revolution! | 3 july 1990 | Suicidal Tendencies | You Can't Bring Me Down, Send Me Your Money, Alone, Lovely |
The Plague That Makes Your Booty Move... It's the Infectious Grooves |
9 oktober 1991 | Infectious Grooves | Punk It Up |
The Art of Rebellion | 30 juny 1992 | Suicidal Tendencies | Nobody Hears, Asleep at the Wheel, I'll Hate You Better |
Sarsippius' Ark | 16 febrewaris 1993 | Infectious Grooves | |
Still Cyco After All These Years | 15 juny 1993 | Suicidal Tendencies | I Saw Your Mommy |
Groove Family Cyco (Snapped lika Mutha) | 29 maart 1994 | Infectious Grooves | Cousin Randy, Violent & Funky |
Suicidal for Life | 14 juny 1994 | Suicidal Tendencies | Love vs. Loneliness, What You Need's a Friend |
Borracho | 18 augustus 1999 | Infectious Grooves | |
Down to Earth | 16 oktober 2001 | Ozzy Osbourne | Gets Me Through, Dreamer |
Degradation Trip | 18 juny 2002 | Jerry Cantrell | Angel Eyes |
Death Magnetic | 12 septimber 2008 | Metallica | The Day That Never Comes, All Nightmare Long, Broken, Beat & Scarred |
Hardwired... to Self-Destruct | 18 novimber 2016 | Hardwired, Moth into Flame, Atlas, Rise!, Now That We're Dead, Spit Out the Bone |
As gastmuzikant
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Single(s) | Album | Utbrocht yn | Mei band |
---|---|---|---|
Hard Core, Paint It Black (The Rolling Stones cover), Voodoo Brother |
Baptizm of Fire | 1997 | Glenn Tipton |
Dejar de ser | Poder latino | 1998 | A.N.I.M.A.L. |
Demise of Sanity, Life, Birth, Blood, Doom |
1919 ★ Eternal | 2002 | Black Label Society |