Hardwired... to Self-Destruct is it tsiende studio-album fan Metallica. It album waard opnommen fan maaie 2015 oant en mei augustus, 2016 yn de eigen studio's fan Metallica yn San Rafael, Kalifornje en waard pear moanne letter op 18 novimber 2016 útbrocht. It wie it earste album op it eigen platelabel fan de band. Dei's foar't it album útkaam sette Metallica de nûmers fan it album ien foar ien op YouTube. It album kaam op nûmer ien binnen yn de Nederlânske Album top 100.
Op de Deluxe ferzje fan it album steane noch in tal ekstra nûmers, in tal covers en in tal live opnamen. De measten opnaam by de Record Store Day yn 2016.