Springe nei ynhâld

Turn the Page

Ut Wikipedy
Turn the Page
algemiene ynformaasje
B-kant Get Out of Denver
artyst Bob Seger
album Live Bullet
taal Ingelsk
sjenre Rock
útbrocht 1976
opnommen 1975
doer 5:11
label Capitol
skriuwer Bob Seger
produsint Punch Andrews,
Bob Seger
resultaten
sertifisearre Feriene Steaten Platinum
tal covers ûnbekind

Turn the Page is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Bob Seger yn 1972 en útbrocht op syn Back yn '72 album út 1973. It waard doe net as single útbrocht, oant Seger's live ferzje fan it nûmer op it yn 1976 útbrochte Live-album Live Bullet.

Turn The Page iepenet mei in sakssolo en it liet giet oer it libben fan muzikanten ûnderweis fan optreden nei optreden. De oare kant fan de medalje en in side dy 't it publyk net sjocht of selden oer lêst. It is tagelyk de rêstichste fan alle útfieringen fan Turn the Page.

  • Bob Seger – Sang & Toetsen
  • Drew Abbott – Gitaar
  • Chris Campbell – Bas
  • Charlie Allen Martin – Drums
  • Alto Reed – Saksofoan
  • Robyn Robbins – Mellotron

Golden Earring cover

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1995 brocht de Golden Earring it album Love Sweat út mei allegear covers it tsiende nûmer op it album is Turn The Page. Dizze ferzje wurdt brûkt yn de suksesfolle telefyzjesearje Sons Of Anarchy.

Metallica cover

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Turn the Page
algemiene ynformaasje
B-kant Bleeding Me,
Stone Cold Crazy,
The Wait
artyst Metallica
album Garage Inc.
taal Ingelsk
sjenre Hardrock
útbrocht 16 novimber 1998
opnommen septimber-oktober 1998
doer 6:06
label Elektra
skriuwer Bob Seger
produsint Bob Rock
fideoclip
Metallica: Turn the Page (Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Single top 100 - 42,
flagge fan Belgje Ultratop 50 Flanders - 33
sertifisearre Sweden goud

Yn 1998 brocht de Metallica it album Garage Inc. út mei allegear covers it fjirde nûmer op it album is Turn The Page. It waard op 16 novimber fan 1998 útbrocht as single, De B-kânt fan de single wie foar de nûmers Bleeding Me, Stone Cold Crazy (Queen cover) en The Wait (Killing Joke cover).

De Metallica ferzje giet oer in mem dy 't oerdeis in stripper is en nachts har lichem ferkeapet. De byhearrende klip waard troch MTV yn 'e besnijing dien, omdat pornoster Ginger Lynn in roltsje ferfolle.

  • James Hetfield – Sang & Gitaar
  • Kirk Hammett – Gitaar
  • Lars Ulrich – Drums
  • James Newsted - Bas

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: