Lolo Ferrari

Ut Wikipedy
Lolo Ferrari
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ève Geneviève Aline Valois
nasjonaliteit Frânsk
berne 9 febrewaris 1963
berteplak Clermont-Ferrand (Frankryk)
stoarn 5 maart 2000
stjerplak Grasse (Frankryk)
etnisiteit Frânsk
Italjaansk
Oksitaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 19961998
offisjele webside
www.loloferrarixxx.com

Lolo Ferrari, berne as Ève Geneviève Aline Valois (Clermont-Ferrand, 9 febrewaris 1963 - Grasse, 5 maart 2000) wie in Frânsk dûnseresse, sjongster, model, mainstream-aktrise, neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't bekend stie as de frou mei de grutste boarsten fan 'e wrâld, mei in boarstomfang (nei boarstfergrutting) fan 130 sm.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lolo Ferrari waard berne yn Clermont-Ferrand, yn it Sintraal Massyf, mar groeide op yn La Baule, oan 'e Frânske westkust. Se hie in ûngelokkige jeugd, mei in heit dy't nea thús wie en in mem dy't har net lije mocht en har (neffens har eigen sizzen) oates en toates fertelde dat se lilk, walchlik en dom wie en dat gjin man ea nei har omsjen soe. Se sette útein mei har karriêre troch yn har tinerjierren in pear bybaantsjes as mannekên te sykjen. Yn 1988 troude se mei Eric Vigne, in eardere drugsdealer dy't krekt in finzenisstraf útsitten hie en fyftjin jier âlder wie as sy. Fuort dêrnei begûn se mei modellewurk foar neakenblêden, en ek wurke se wol as prostituee; har man waard arrestearre om't er foar har aktyf wie as sûteneur.

Lolo Ferrari yn 'e film Camping Cosmos fan Jan Bucquoy.

Dêrta oanmoedige troch har man, begûn Ferrari fan 1990 ôf mei wiidweidige plastyske sjirurgy. Dêrby liet se fral har búste 22 kear fergrutsje, mar ek oare parten fan har lichem waarden oanpakt, lykas har lippen. It late allegear ta in ûnbidich resultaat, dat troch ûnderskate boarnen omskreaun wurdt as in behamaat 58F, 54G en 54J. Hoewol't dy maten nei alle wierskyn optocht binne, hawwe boarsten fan ferlykbere grutte de maat 36T of 36MMM. Yn elts gefal bewissige se har der yn 1999 mei fan in Guinness wrâldrekôr. (Dat wrâldrekôr waard har lykwols bekreaud, of is sûnt oertroffen troch guon oare modellen en/of pornoaktrises, lykas Chelsea Charms, Maxi Mounds en Minka. Yn fraachpetearen sei Ferrari oer har boarsten en oare plastyske sjirurgy: "Al dit spul komt fuort út dat ik net oer it libben kin. Mar it hat my neat jûn" en: "Ik wie bang en ik skamme my; ik woe de kâns krije om myn gesicht, myn lichem te feroarjen, om mysels om te foarmjen. Eins woe 'k stjerre." Guon psychologen hawwe de teory op 't aljemint brocht dat se wierskynlik lit hat oan dysmorfofoby, in geastessykte wêrby't de pasjint nea tefreden is mei it eigen uterlik, al hoefolle plastyske sjirurgy oft der ek op tapast wurdt (itselde wurdt wol beweard oer de Amerikaanske sjonger Michael Jackson).

Nei de boarstfergruttings naam se namme "Lolo Ferrari" oan, wêrby't "Lolo" ferwiist nei in Frânske oantsjutting út 'e sprektaal foar "boarsten", en "Ferrari" nei de efternamme fan har pake oan memmekant. Dat late trouwens ta lange rjochtsaken mei de Italjaanske autofabryk Ferrari, oangeande de oantaasting fan in wetlike beskerme hannelsmerk, doe't Ferrari in nei har neamd linzjery-label op 'e merk bringe woe.

Om harsels te promoatsjen, gie se yn 'e simmer fan 1995 mei har man nei it Filmfestival fan Cannes, dêr't se it Jeropeeske kampioenskip grutte boarsten wûn en de leaflinge fan 'e fotografen waard. Dêrmei krige hja ek foar it earst ynternasjonale bekendheid, al waard hja úteinlik allinnich noch mar sjoen en besprutsen yn relaasje ta har búste, dy't hja ek withoefaak op tillefyzje útstalde. It jiers dêrop spile se yn 'e Belgyske spylfilm Camping Cosmos, fan regisseur Jan Bucquoy en produsint Francis De Smet. Dêrnei krige hja in fêste rol yn 'e show Eurotrash, op 'e Britske stjoerder Channel 4, folge troch optredens yn oare programma's op oare Jeropeeske stjoerders. Yn 'e hope om in karriêre yn 'e popmuzyk te krijen, brocht se ek twa singles út, Airbag Generation (1996) en Set Me Free (1997). Dêrnjonken spile se yn in pear pornografyske films, lykas Double Airbags (1996), Planet Boobs (1996) en Mega Tits 6 (1998).

Dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lolo Ferrari yn 'e film Camping Cosmos as in soarte fan karikatuer fan Pamela Anderson.

Op 'e moarn fan 5 maart 2000, doe't se 37 jier wie, waard Lolo Ferrari dea fûn troch har man yn harren wente yn Grasse, oan 'e Frânske Riviêra. In autopsy wiisde út dat se in oerdoazis antydepressiva en kalmearringsmiddels nommen hie en harsels mei opsetsin tekoart dwaan wollen hie. Se wie doedestiden depressyf en de lykskôger die de útspraak dat it selsmoard wie. Ferrari har âldelju wiene der lykwols fan oertsjûge dat har man der mear fan ôfwist, en twongen nei twa jier fan gerjochtlike striid in twadde autopsy ôf. By dy twadde lykskôging waard fêststeld dat dea troch fersmoaring net útsletten wurde koe. Eric Vigne waard dêrop oppakt en brocht trettjin moanne yn it tichthús troch, oant in twadde analyze him fan alle blaam suvere en er yn 2007 op frije fuotten steld waard.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Big DD (1996)
  • Camping Cosmos (1996) fan Jan Bucquoy
  • Double Airbags (1996)
  • Planet Boobs (1996)
  • Lolo Ferrari Special - The Biggest Tits In The World (1997)
  • Mega Tits 6 (1998)
  • Le King de ces Dames (1999)
  • Quasimodo d'El Paris (1999) fan Patrick Timsit
  • Der Generalmanager oder How To Sell A Tit Wonder (2006) fan Steffen Jürgens

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Airbag Generation (1996) : KD Single - KD Maxi - Finyl Maxi -
  • Set Me Free (1997) : Jamais Edité -

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Sheila Jeffreys, Beauty and Misogyny: Harmful Cultural Practices in the West, Routledge, Siden 158 - 164: The Pornographic Demand for Breast Implants: Lolo Ferrari, ISBN 0 41 53 51 839.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.