Springe nei ynhâld

Karin de Groot

Ut Wikipedy
Karin de Groot
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Karin de Groot
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 27 maart 1963
berteplak Ryswyk (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as presintatrise
medium tillefyzje, radio
wurksum by NCRV, KRO, AVRO
bekend fan Ja, Natuurlijk
Spoorloos
jierren aktyf ±1985 – no
offisjele webside
www.karindegroot.tv

Karin de Groot (Ryswyk, 27 maart 1963) is in Nederlânsk presintatrise en programmamakster, dy't sawol foar de tillefyzje as de radio wurke hat. Hja waard oarspronklik bekend troch har presintaasje fan 'e natoerkwis Ja, Natuurlijk. Letter wie De Groot it gesicht fan û.m. Spoorloos, AVRO's Service Salon en Ontbijt TV.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Groot waard yn 1963 berne yn Ryswyk, ûnder de reek fan De Haach. Se folge in oplieding yn 'e sjoernalistyk oant 'e Akademy foar de Sjoernalistyk yn Tilburch, dêr't se lid wie fan it T.S.C. Sint Olof, in studinteferiening foar lju út 'e hegere sosjale fermiddens. Nei har stúdzje kaam se yn 'e tachtiger jierren yn 'e tsjinst fan 'e NCRV, en waard se al rillegau bekend as opfolchster fan Jan-Just Bos yn 'e funksje fan presintator fan 'e natoerkwis Ja, Natuurlijk.

Behalven foar de tillefyzje wurke De Groot ek foar de radio, dêr't se û.m. de programma's Dolce Vita en Cappuccino presintearre. Yn 1995 stapte se oer fan 'e NCRV nei de KRO, en naam se de presintaasje fan û.m. it programma Spoorloos op har, wêryn't sy en har tiim minsken wer yn kontakt brochten mei famyljeleden of freonen dy't se út it each ferlern hiene. Teffens wie De Groot ien fan 'e presintators fan it moarnsprogramma Ontbijt TV, en letter presintearre se foar de AVRO it programma AVRO's Service Salon.

Fan 2014 ôf is De Groot wurksum foar de fúzje-omrop KRO-NCRV. Yn 2011 die se mei oan it alfde seizoen fan it realitytillefyzjeprogramma Wie Is de Mol?, wêrby't se yn 'e tsiende ôflevering ôffoel. Yn 2016 kearde se yn dat programma werom yn 'e rol fan kandidatebegeliedster, wêrby't se Jan Peter Pellemans opfolge. Njonken har wurk as presintatrise en programmamakster is De Groot ek de skriuwster fan twa romans: Geheime Visite en Schaduwwaarheid, dy't se beide útbrocht by útjouwerij Nieuw Amsterdam. De Groot is troud en hat trije bern.

  • 2008 – Geheime Visite (roman)
  • 2011 – Schaduwwaarheid (roman)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: dizze side.