John Ringo

Ut Wikipedy
John Ringo
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Ringo
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 22 maart 1963
berteplak Miami-Dade County (Floarida)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre science fiction, fantasy,
militêre fiksje, politike skrillers
bekendste
  wurk(en)
Empire of Man-tetralogy
The Council Wars
útjouwer Baen Books
jierren aktyf 2000 – no
offisjele webside
www.johnringo.org

John Ringo (Miami-Dade County (Floarida), 22 maart 1963) is in Amerikaansk skriuwer fan romans en koarte ferhalen dy't foar in grut part ta de sjenres fan science fiction en fantasy hearre. Dêrnjonken hat er ek militêre fiksje en politike skrillers skreaun. Ringo hat in militêre eftergrûn en stiet derom bekend dat er syn boeken gauris yn gearwurking mei oare auteurs skriuwt. Tsjin 2011 hied er yn totaal mear as trije miljoen boeken ferkocht, en wie syn wurk oerset yn sân ferskillende talen

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ringo waard yn 1963 berne yn Miami-Dade County, oan 'e súdpunt fan it Floarida-skiereilân. Hy brocht in grut part fan syn jonkheid reizgjend troch, mei't syn âlden foar harren wurk gauris ferhúzje moasten, ek om utens. Hy besocht 23 ferskillende lannen foar't syn âlden har mei harren gesin fan sân bern yn Alabama nei wenjen setten. Tsjin 'e tiid dat er yn 1981 yn Winter Park, yn Floarida, fan 'e middelbere skoalle kaam, hie Ringo sadwaande op fjirtjin ferskillende skoallen sitten, wêrûnder guons yn Grikelân, Iraan en Switserlân. Neffens Ringo sels late al dat reizgjen by him ta in geweldige wurdearring foar de oerienkomsten tusken minsken út ferskillende lannen en in bliuwende ôfwearze fan bûtenlânsk iten.

Nei't er fan 'e middelbere skoalle kommen wie, naam Ringo tsjinst yn it Amerikaanske Leger, dêr't er it ta korporaal brocht by de 82e Parasjutistedifyzje. Hy naam diel oan 'e Amerikaanske ynfal yn Grenada, yn 1983, en tsjinne nei't er earfol ôfswaaid wie, noch twa jier as reservist by de Nasjonale Garde fan Floarida. Nei syn tsjinsttiid studearre Ringo marine biology, dêr't er in associate degree yn behelle. Hy ûntdiek lykwols al rillegau dat mei marine biology gjin drûch brea te fertsjinjen falt, en om't er tsjin dy tiid in frou en twa dochters ûnderhâlde moast, naam er in baan oan as databasebehearder.

Skriuwkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1999 krige Ringo in idee foar in science fiction-ferhaal oer in bûtenierdske ynfaazje fan 'e Ierde en de militêre reäksje dêrop troch de minskheid. Hy wurke dat ferhaal út ta in roman, dy't er de titel A Hymn Before Battle joech, nei it gedicht Hymn Before Action fan Rudyard Kipling. Neitiid stjoerde er it boek op nei útjouwerij Baen Books, mar dêr waard it ôfwiisd. Doe't Ringo dêroer yn diskusje gie mei de eigner fan 'e útjouwerij, Jim Baen, op it foarum fan 'e webside fan it bedriuw, besleat dy om sels ris nei de roman te sjen. Baen fûn it boek sa goed dat er syn meiwurkers weromfluite en sa koe it dat A Hymn Before Battle yn 2000 troch Baen Books publisearre waard.

A Hymn Before Battle koe it skoan dwaan, en ek de boeken dy't folgen, diene it goed. Sa goed sels, dat Ringo syn baan opsizze koe om him foltiids op it skriuwen ta te lizzen. Yn 2015 hied er in oeuvre fan 46 romans en in ferskate koarte ferhalen opboud. In protte fan 'e romans skreau er yn gearwurking mei oare auteurs. Sa skreau er de Empire of Man-tetralogy tegearre mei David Weber, en wurke er foar de Cally's War-trilogy gear mei Julie Cochrane. Oare skriuwers dêr't Ringo mei gearwurke hat, binne Michael Z. Williamson, Linda Evans, Larry Correia, Tom Kratman, Travis S. Taylor en Ryan Sear.

Ringo hat ek ferskate artikels skreaun foar de krante de New York Post, en op 'e tillefyzjestjoerders Fox News en National Geographic Channel hat er as kommentator aktyf west. Yn 2015 wied er mei help fan in profesjonele senarioskriuwer dwaande mei it omwurkjen fan syn boeken A Hymn Before Battle, Ghost en Princess of Wands ta senario's, mei de bedoeling om se ferfilmje te litten. Yn 2012 waard oan Ringo op 'e science fiction-konvinsje DeepSouthCon 50, yn Huntsville (Alabama), de Phoenix Award takend foar syn bydragen oan 'e science fiction-literatuer. Ringo wennet no yn Chattanooga (Tennessee) en hat foarhinne wenne yn Commerce (Georgia) (1995-2003) en Jefferson (Georgia) (2003-2005).

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(hjirby giet it om romans, of it moat oars oanjûn stean)

  • Legacy of the Aldenata-rige (science fiction; ek wol bekend as de Posleen-rige of de Posleen War-rige)
    • Posleen War-rige (sintrale ferhaalline)
      • 2000 – A Hymn Before Battle
      • 2001 – Gust Front
      • 2002 – When the Devil Dances
      • 2003 – Hell's Faire
    • Hedren War
      • 2009 – Eye of the Storm
    • Posleen War-rige (sydferhaallinen)
      • 2005 – Watch on the Rhine (mei Tom Kratman)
      • 2007 – Yellow Eyes (mei Tom Kratman)
      • 2009 – The Tuloriad (mei Tom Kratman)
    • Cally's War-trilogy (spin-offrige)
      • 2004 – Cally's War (mei Julie Cochrane)
      • 2007 – Sister Time (mei Julie Cochrane)
      • 2009 – Honor of the Clan (mei Julie Cochrane)
    • oare spin-offromans
  • Empire of Man-tetralogy (science fiction)
    • 2001 – March Upcountry (mei David Weber)
    • 2001 – March to the Sea (mei David Weber)
    • 2003 – March to the Stars (mei David Weber)
    • 2005 – We Few (mei David Weber)
      • omnibusútjeften
        • 2014 – Empire of Man (omnibus fan March Upcountry en March to the Sea)
        • 2014 – Throne of Stars (omnibus fan March to the Stars en We Few)
  • The Council Wars-tetralogy (fantasy)
    • 2003 – There Will Be Dragons
    • 2004 – Emerald Sea
    • 2005 – Against the Tide
    • 2006 – East of the Sun, West of the Moon
  • Paladin of Shadows (politike skrillers)
    • 2005 – Ghost
    • 2006 – Kildar
    • 2006 – Choosers of the Slain
    • 2006 – Unto the Breach
    • 2007 – A Deeper Blue
    • 2013 – Tiger by the Tail (mei Ryan Sear)
  • Voyage of the Space Bubble (science fiction, ek bekend as de Looking Glass-rige)
    • 2005 – Into the Looking Glass
    • 2007 – Vorpal Blade (mei Travis S. Taylor)
    • 2008 – Manxome Foe (mei Travis S. Taylor)
    • 2008 – Claws that Catch (mei Travis S. Taylor)
  • Special Circumstances-duology
    • 2006 – Princess of Wands
    • 2012 – Queen of Wands
  • Troy Rising-trilogy (fantasy)
    • 2010 – Live Free or Die
    • 2011 – Citadel
    • 2011 – The Hot Gate
  • Black Tide Rising-rige (fantasy)
    • 2013 – Under a Graveyard Sky
    • 2014 – To Sail a Darkling Sea
    • 2014 – Islands of Rage and Hope
    • 2015 – Strands of Sorrow
    • 2016 – Black Tide Rising (blomlêzing fan koarte ferhalen, û.red.f. Ringo en Gary Poole)
    • 2018 – The Valley of Shadows (mei Mike Massa)
    • 2019 – Voices of the Fall (mei Gary Poole)
    • 2019 – River of Night (mei Mike Massa)
    • 2021 – We Shall Rise (mei Gary Poole)
    • 2024 – United We Stand (mei Gary Poole)
  • Monster Hunter Memoirs (fantasy; spilet yn 'e wrâld fan 'e Monster Hunter International-rige)
    • 2016 – Monster Hunter Memoirs: Grunge (mei Larry Correia)
    • 2017 – Monster Hunter Memoirs: Sinners (mei Larry Correia)
    • 2018 – Monster Hunter Memoirs: Saints (mei Larry Correia)
  • TransDimensional Hunter
    • 2022 – Into the Real (mei Lydia Sherrer)
    • 2023 – Through the Storm (mei Lydia Sherrer)
  • bydragen oan searjes fan oare auteurs
    • Honorverse-rige (fan David Weber)
      • 2003 – Let's Go to Prague (koart ferhaal yn 'e blomlêzing The Service of the Sword, red. David Weber)
      • 2003 – A Ship Named Francis (koart ferhaal yn 'e blomlêzing The Service of the Sword, red. David Weber)
    • Bolo-searje (fan Keith Laumer)
    • Clan of the Claw
      • 2011 – Exiled (mei ferskate oaren)
  • op harsels steande boeken

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2012 Phoenix Award (fan DeepSouthCon) wûn oeuvrepriis bydragen oan science fiction-literatuer

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.