Abeozen

Ut Wikipedy
Abeozen
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jean-François-Marie Éliès
nasjonaliteit Frânsk
berne 22 febrewaris 1896
berteplak Saint-Sauveur (Bretanje)
stoarn 3 juny 1963
stjerplak La Baule (Bretanje)
etnisiteit Bretonsk
wurk
taal Bretonsk
sjenre lit. romans, poëzij
oersettings út it Welsk
jierren aktyf 19251963
offisjele webside
n.f.t.

Abeozen, it pseudonym fan Jean-François-Marie Éliès, ropnamme Fañch, de Bretonske foarm fan François, (Saint-Sauveur, 22 febrewaris 1896La Baule, 3 juny 1963) wie in Frânsk roman- en toanielskriuwer en dichter fan etnysk Bretonsk komôf en in Bretonsk nasjonalist. Hy skreau yn it Bretonsk. Dêrnjonken wied er saakkundige op it mêd fan 'e Welske taal.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Abeozen waard yn 1896 berne berne yn Saint-Sauveur, yn it Frânske departemint Finistère, yn it westen fan Bretanje. Hy genoat ûnderwiis oan 'e skoalle fan 'e Bruorren fan Kristlike Doktrine yn Landivisiau, dêr't Claude Le Prat, in Bretonsk skriuwer en in grut foarfjochter tan 'e Bretonske taal, syn learaar wie.

Under de Earste Wrâldoarloch tsjinne Abeozen yn it Frânske Leger yn 'e rinfuorgen fan it Westfront. Dêr waard er it slachtoffer fan in Dútske oanfal mei gifgas. Fan gefolgen hold er de rest fan syn libben in swakke sûnens.

Fan 1925 oant 1929 droech Abeozen artikels by oan it Bretonsktalige literêre tydskrift Gwalarn. Letter skreau er ek foar de krante War Zao ("Stean Op"). Hy wurke fan 1927 oant 1940 as learaar oan 'e middelbere skoalle yn Saint-Brieuc, dêr't er in ôfdieling oprjochte fan 'e Secours Rouge, de Frânske tûke fan 'e kommunistyske Ynternasjonale Reade Stipe. Hy wie nammentlik tige tsjin op 'e Bretonske Nasjonale Partij fan François Debauvais, dy't foar syn smaak fierstente rjochts wie, wylst er sels de bolsjewiken it neist wie.

Abeozen syn linkse politike ideeën brocht er ta utering yn syn autobiografyske ferslach fan 'e Twadde Wrâldoarloch, Ur Brezel Diot ("In Stomme Oarloch"), út 1953, en syn roman Argantael, dy't er skreau tusken 1943 en 1950 en publisearre yn 1959. Yn dat lêste boek beskriuwt er mei dúdlike sympaty jonge kommunisten, lykas Marcel Cachin, de sekretaris fan 'e Frânske Kommunistyske Partij.

Nei't Frankryk yn 1940 ûnder in Dútske besetting kaam, liet Abeozen himsels yn 1941 beprate, sûnder ôfstân te dwaan fan syn linkse gedachteguod, om 'e rjochterhân fan Roparz Hemon te wurden by Radio Rennes Bretagne, wat in propagandawurktúch fan 'e nazys wie. Hy skreau dêrfoar in stikmannich teksten yn benammen literêr Bretonsk, wêrfan't de opnamen ferlern gien binne. Dêrnjonken ferskynden ûnder de oarloch artikels fan Abeozen yn La Bretagne, L'Heure Bretonne, Arvor en Galv. Ek publisearre er inkele boeken by de útjouwerij Skridou Breizh en wied er lid fan 'e keunstnersbeweging Seiz Breur en it Keltysk Ynstitút fan Bretanje (ICB).

Nei de befrijing waard Abeozen foar kollaboraasje mei de Dútsers arrestearre en siet er fjirtjin moannen finzen yn 'e Jacques-Cartierfinzenis yn Rennes. Hy waard frijlitten sûnder ea earne foar feroardiele te wêzen, mar ferlear likegoed syn foech om as learaar te wurkjen en waard ferballe út Bretanje. Dêrop sette er him nei wenjen yn La Baule, yn it departemint Loire-Atlantique. Dat heart histoarysk en etnysk ta Bretanje, mar bestjoerlik net, en Bretonske nasjonalisten waarden dêr nei de oarloch net ferfolge. Hy ferstoar dêre yn 1963, yn 'e âlderdom fan 67 jier.

Wurdearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It taalgebrûk yn it wurk fan Abeozen wurdt rûnom beskôge as fan 'e heechste kwaliteit foar dy tiid. Men nimt oan dat de redens dêrfoar binne: syn distânsje ta it wurk fan 'e leden fan 'e Bretonske beweging en syn oplieding yn in lyts plak dat doedestiden noch troch en troch Bretonsk wie. Ek syn kennis en behearsking fan it Aldbretonsk en it Welsk moatte perfoarst in rol spile hawwe. Syn toanielstikken wurde romme, mar binne net werprinte. Syn proaza, dêr't er net in soad fan skreau, stiet yn hege achtinge. Syn non-fiksje oer de skiednis fan 'e Bretonske taal, hoewol koart, wie fan grut belang as basis foar fierder ûndersyk.

Wurk (in seleksje)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1937 – Lennaduriou kembraek (XVIIvet - XIXvet kantved) (blomlêzing fan oersette Welske poëzij)
  • 1941 – Geriadurig brezonek krenn (leksikon fan it Midbretonsk)
  • 1942 – Yezhadur berr ar c'hembraeg (Welske grammatika)
  • 1942 – Dremm an Ankou (inkele novelles)
  • 1943 – Hervelina Geraouell (roman; werútjûn yn 1988)
  • 1943 – Marvailhou loened
  • 1944 – Skol vihan ar c'hembraeg (hânlieding foar it Welsk, mei Kerverziou)
  • 1953 – Ur brezel diot (autobiografysk ferslach fan 'e Twadde Wrâldoarloch)
  • 1954 – Bisousig kazh an tevenn (jeugdroman; werútjûn yn 1987)
  • 1957 – Istor lennegezh vrezhonek an amzer-vremañ (skiednis fan 'e Bretonske literatuer)
  • 1959 – Argantael (roman; werútjûn yn 1988 en 2011)
  • 1962 – Damskeud eus hol lennegezh kozh (hânlieding foar de Aldbretonske literatuer)
  • 1964 – Yezhadur nevez ar C'hembraeg (Welske grammatika, mei Goulven Pennaod)
  • 1969 – Pirc'hirin kala-goanv (roman, yn it Frânsk oerset troch Mikael Madeg as Le pèlerin de la Toussaint)
  • 1980 – Pevar skourr ar Mabinogi troidigezh diwar skrid al levr gwenn, kentskrid ha notennou gant F. Elies Abeozen (oersetting út it Welsk fan it Midsiuwske epos Mabinogion)
  • 1980 – Breiz a gan
  • 1983 – Kan ar spered hag ar Galon
  • 1987 – Barzhaz 1837-1939

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes et Références en Voir Aussi, op dizze side.