Springe nei ynhâld

Jack Ruby

Ut Wikipedy
Jack Ruby
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jacob Leon Ruby
oare namme Jacob Leon Rubenstein
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 maart 1911
berteplak Chicago (Illinois)
stoarn 3 jannewaris 1967
stjerplak Dallas (Teksas)
etnisiteit Joadsk
wurkpaad
berop/amt nachtklubeigner
aktyf as krimineel
jierren aktyf 19471963
reden
  bekendheid
wie de moardner fan
   Lee Harvey Oswald

Jack Ruby (berne as: Jacob Leon Rubenstein; Chicago, 25 maart 1911Dallas, 3 jannewaris 1967), wie in Amerikaansk nachtklubeigner fan Poalsk-Joadsk komôf, dy't konneksjes mei de maffia hie. Op 24 novimber 1963 skeat er yn 'e garaazje ûnder it haadburo fan 'e plysje te Dallas Lee Harvey Oswald dea, de fermoedlike moardner fan 'e Amerikaanske presidint John F. Kennedy. De moard waard troch in oanwêzige kameraploech filme en live útstjoerd. Ruby waard derfoar feroardiele en krige yn earste ynstânsje de deastraf, al waard him letter in nij proses tasein. Wylst er dêrop wachte, kaam er yn 'e finzenis te ferstjerren oan in longemboly, feroarsake troch longkanker.

Libben oant 1963

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jack Ruby waard yn 1911 yn Chicago berne as Jacob Leon Rubenstein, soan fan Joseph Rubenstein (1871-1958) en Fannie Turek Rutkowski, beide otterdokse joaden en beide berne yn Poalen. Ruby wie de fyfde yn in gesin mei acht (oerlibjende) bern, en hie in jonkheid fol skoaltsjeskûljen en jeugdkriminaliteit. As tiner rekke er oan 'e bookmakerskant belutsen by it ôfsluten fan weddenskippen op hynsterinbanen, en yn 'e 1940-er jierren besocht er geduerich rinbanen yn 'e Amerikaanske steaten Illinois en Kalifornje. Yn 1943, ûnder de Twadde Wrâldoarloch, waard er oproppen foar syn tsjinstplicht, dy't er ferfolle as fleantúchmeganisiën op ferskate bases fan 'e Amerikaanske Loftmacht yn 'e Feriene Steaten. Syn steat fan tsjinst dêre wie sûnder lek of brek, en yn febrewaris 1946 waard er earfol ûntslein.

Nei syn tsjinsttiid kearde Ruby earst werom nei Chicago, mar in jier letter, yn 1947, ferfearen hy en syn bruorren nei it Teksaanske Dallas, dêr't se koarte tiid letter harren efternamme feroaren ta "Ruby". De reden dy't se dêrfoar opjoegen, wie dat se in postoarderbedriuw begûn wiene, en dat se bang wiene de klandyzje mis te rinnen fan lju dy't net mei Joaden omgean woene. Letter iepene Ruby yn Dallas ferskate nachtklubs, stripklubs en dûnspaleizen. Hy krige der ek goede bannen mei in grut part fan 'e pleatslike plysjes. Dy kamen del yn syn nachtklubs, dêr't er harren lette en sette, en soarge dat it har oan neat ûntbriek, wylst er fan gjin beteljen witte woe. Ruby troude nea.

Konneksjes mei de maffia

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er him yn Dallas nei wenjen set hie, rekke Ruby behelle yn alderhanne tsjustere saakjes, en hied er gedoente mei û.o. Sam Giancana, in notwaar lid fan 'e maffia, Joseph Campisi, dy't ek by de ûnderwrâld belutsen wie, en de gokker Lewis McWillie, dy't goekunde wie fan maffiabaas Santo Trafficante jr. Yn 1959 reizge Ruby sels nei Kuba ta (dat wie foar't Fidel Castro dêr oan 'e macht kaam), sabeare om McWillie dêr op te sykjen, mar der binne sterke oanwizings dat er ynstee (of ek) in moeting hie mei Trafficante sels. In dei foar de moard op Kennedy besocht Ruby noch it restaurant fan Campisi, dy't ûnderhearrich west hawwe soe oan Carlos Marcello, in maffiabaas dy't der, neffens de ferhalen, oer praat hie om Kennedy út 'e wei te romjen.

Hoewol't de Kommisje Warren, dy't fuort nei de moarden op Kennedy en Oswald, yn 1964, de hiele saak ûndersocht, hawwe woe dat der gjin "wêzentlik ferbân [bestie] tusken Ruby en de organisearre misdie", miende de Spesjale Kommisje fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, dy't it spul yn 1979 nochris op 'e nij oereide, dat Ruby "in statistysk ferantwurde konklúzjes talittend tal bannen en direkte en yndirekte kontakten mei ûnderwrâldfigueren" en "it kriminele elemint yn Dallas" hie, mar dat er net "in lid" wie fan 'e organisearre misdie.

It eigenste momint fan 'e moard op Oswald.

Op freed 22 novimber 1963 wie Ruby oan it wurk yn syn nachtklub The Carousel Club, yn it sintrum fan Dallas, doe't er om kertier foar ienen middeis, likernôch in kertier nei't it bard wie, hearde oer de moard op presidint John F. Kennedy. Neitiid waard er sjoen wylst er omhong by it Parkland Memorial Hospital, dêr't Kennedy hinne brocht wie, en doe by it haadburo fan 'e plysje, dêr't Lee Harvey Oswald, de fermoedlike dieder, fêstholden waard. Twa dagen letter, op snein 24 novimber 1963, moarns om njoggen minuten foar healwei tolven, doe't Oswald fia de ûndergrûnske garaazje fan it plysjeburo nei it tichthûs fan 'e county brocht wurde soe, stoep Ruby tusken de dêr gearklofte sjoernalisten wei en skeat Oswald lyk yn it boarst. Dy waard bewusteleas nei it sikehûs ta brocht, dêr't er om sân minuten oer ienen de middeis stoar. Mei't der in kameraploech yn 'e garaazje oanwêzich wie, waard de moard live útstjoerd en troch miljoenen minsken sjoen.

Ruby waard daliks arrestearre, en ferklearre letter dat er mei syn die Jackie Kennedy it lijen fan in langrinnend proses en in iepenbier tsjûgenis besparje wollen hie. Ek seid er dat er Dallas holpen hie om in skandeplak út te wiskjen. Neffens it ûndersyk fan 'e Spesjale Kommisje fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, út 1979, wie syn omtinken foar Jackie Kennedy "in fabrisearre juridysk trúkje", mei't Ruby yn in privee-bryfke (of alteast in bryfke wêrfan't er tocht dat it privee wie) oan ien fan syn abbekaten, Joseph Tonahill, skreau: "Joe, dit moatsto ek witte. Myn earste abbekaat Tom Howard hat tsjin my sein dat ik sizze moat dat ik Oswald deasketten haw sadat Caroline en frou Kennedy net nei Dallas hoege soene te kommen om te tsjûgjen. Okee?"

Wat Ruby syn wiere motyf dan wie, is noch altiten net dúdlik. Der binne guon oanwizings dy't derop wize dat it in "spontane" die wie (d.w.s. ien dy't op it lêste momint by him opkaam), nammenste mear om't er syn leaflingshûn, Sheba, opsletten yn syn auto efterliet. Mar it ûndersyk fan 'e Spesjale Kommisje fan it Hûs fan Offurdigen fûn dat ûnoannimlik, mei't er teminsten guon dingen yn 't foar regelje moatten hie (lykas it by him hawwen fan syn fjoerwapen), en boppedat miende de kommisje dat er help nedich west hie foar it binnenkommen fan 'e garaazje, dy't inkeld tagonklik wie foar plysjeminsken en akkreditearre leden fan 'e parse. Wylst er letter yn 'e finzenis siet, die Ruby ferskate kearen útspraken dy't ferwiisden nei in gearspanning fan heechpleatste persoanen, dy't him ta syn die oanset of twongen hawwe soene.

Berjochting en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn arrestaasje waard Ruby oanklage en feroardiele foar moard. Hoewol't syn abbekaten besochten oan te toanen dat er fermindere tarekkenber wie, wie dat om 'e nocht, en waard op 14 maart 1964 de deastraf tsjin him útsprutsen. Yn it healjier nei de moard op John F. Kennedy frege en biddele Ruby ferskate kearen om heard te wurden troch de Kommisje Warren, mar dy toande dêr frjemd genôch hoegenamt gjin belangstelling foar. Pas nei't syn suster Eileen ytlike brieven oan 'e kommisje skreaun hie (en dy brieven iepenbier wurden wiene), wie de kommisje te bewegen om nei Dallas te reizgjen en Ruby yn it ferhear te nimmen. Hy smeke harren om 'e mooglikheid om yn Washington, D.C. te tsjûgjen, mei't er sei "hjirre stiet myn libben faai" en "ik wol de wierheid fertelle, mar dat kin ik hjir net dwaan", mar opperrjochter Earl Warren syn antwurd wie dat soks tsjin 'e regels wie en dat it fiersten tefolle administrative omballingen opsmite soe om in útsûndering te meitsjen.

Nei syn feroardieling ta de deastraf tekenen Ruby syn abbekaten, oanfierd troch Sam Houston Clinton, berop oan by it Teksaanske Hof fan Berop foar Strafsaken, dêr't se beärgumintearren dat Ruby yn Dallas gjin earlik proses hân hie en nea hawwe kinne soe. Uteinlik, op 6 oktober 1966, stelde it hof harren yn it gelyk en waard de deastraf oan kant reage. Der waard risselwearre om in nij proses te hâlden, te begjinnen yn febrewaris 1967, yn Wichita Falls, doe't Ruby op 9 desimber 1966 nei it Parkland Memorial Hospital yn Dallas brocht waard mei longûntstekking. De oare deis waard it syn dokters út ûndersiken dúdlik dat er oan longkanker litte, mei útsaaiïngs yn syn lever en syn harsens. Tsjin ien fan syn bewekkers, helpsheriff Al Maddox, sei er doe dat er in hoart tefoaren in ynjeksje krigen hie foar ferkâldenens, mar dat er no miende dat er ynstee ynjektearre wurden wie mei kankersellen, mei't er út 'e wei romme wurde moast om't er tefolle wist. Ruby stoar trije wiken letter, op 3 jannewaris 1967, yn itselde sikehûs dêr't foar him John F. Kennedy en Lee Harvey Oswald stoarn wiene. De direkte deadsoarsaak wie in longemboly, mar de ûnderlizzende oarsaak wie longkanker.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.