Longemboly
Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
In longemboly is in tromboaze (ôfsluting) fan in longslachier (arteria pulmonalis), sadat it dêrtroch fersoarge longweefsel net, of mar foar in part, fan bloed foarsjoen wurde kin. Dat hat negative gefolgen foar de soerstofopname yn de longen, foar it oantaaste diel fan de long sels (al ûntstiet meastal gjin longynfarkt omdat de long in soad kollateraalfetten, omliedingen, ta foldwaan hat). De ôfsluting is hast altiten in klute stjurre bloed, hoewol't ûnder tige bysûndere omstannichheden oare embolyen wol ris optrede kinne (bygelyks mei lucht of fet).
In ruteremboly is in folsleine ôfsluting fan beide longslachieren en bestjut in akute dea.
Diagnoaze
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De diagnoaze wurdt steld troch in longperfúzjescan of, nijmoadriger, in CT-scan fan de longen. In ferheging fan de stof D-dimear yn it bloed is in wichtige oanwizing foar in tromboaze of emboly.
Symptomen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Faan binne der gjin symptomen, fral by lytse embolyen. Longemboly wie grif ien fan de diagnoazen dy't mist waard. As de emboly wat grutter is, kin men de neifolgjende ferskynsels ferwachtsje.[1]:
- Hurd en oerflakkich sykheljen (92%)
- Benaudens/pûstich (dyspnoe) (84%)
- Pine op it boarst (88%), dy't fêstsit oan it sykheljen (74%)
- Sa mar ynienen hoastje (53%)
- Ferhege hertslach (44%)
- Lichte ferheging (subfebrile koarts) (43%)
- Bytsje bloed yn it sputum (30%)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|