Jan Feith

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jan Feith

Jhr. Johannes (Jan) Feith (Amsterdam, 12 maaie 1874De Haach, 2 septimber 1944) wie in Nederlânsk sjoernalist, skriuwer, tekener en boekbânûntwerper.

Famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Feith wie in soan fan jhr. mr. Pieter Rutger Feith (1837-1909), jurist en ficepresidint fan de Hege Ried fan de Nederlannen en Jacoba Johanna Petronella Dronsberg (1847-1923). Hy wie in broer fan jurist Rheinvis Feith, fan fuotbalynternational en kiketspiler Constant Feith en in omke fan Antoine Feith.

Hy troude 1898 mei Johanna Elisabeth Maria de Kock (1877-1959); út dat houlik waarden in dochter en in soan berne.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Byld fan 1e Alvestêdetocht yn Ljouwert.
Yn de midden / 5e fan links mei burdsje de winner Minne Hoekstra, links fan him Gerlof van der Leij, de 2e priiswinner út Marrum, rjochts jhr. Jan Feith.

Feith wie in telch út it aadlik laach Feith. Nei de HBS yn Haarlim studearre er oan de Hannelsskoalle yn Amsterdam. Hy hie allerhanne banen oant er yn 1898 besluet sjoernalist te wurden. By it Algemeen Handelsblad slagge it him rillegau redakteur te wurden. Fan 1901 ôf makke er ûnder de skûlnamme Chris Kras Kzn spottekeningen foar it humoristysk-satirysk blêd De Ware Jacob. De sjoernalist Feith socht it nijs op. Yn 1905 skreau er in rige fuljetons oer in tocht fan trije dagen mei de auto troch Nederlând. Yn 1906 wie er gast oan board fan in torpedo-ûnderseeboat. In rige ynterviews mei in resjersjeur makke er ferhalen oer kriminaliteit en misdiedbestriding yn Nederlân fan. Teffens skreau er oer sosjale ûnderwerpen lykas sike en fertuteazge bern. Letter wurke Feith foar de Indische Post en it wykblêd De Kampioen fan de ANWB.

Feith skreu ek romans, toanielstikken en jongesboeken. Yn 1896 ferskynde syn earste boek Bloemen-Corso. De boeken Uit Piet's vlegeljaren en Uit Piet's Kantoorjaren wiene biografysk. As tekener fan karikaturen publisearre er in tal boeken mei spotprinten, lykas De oorlog in prent (1915) en De vrede in prent (1924). 1900 makke er it earste grutte folsleine sportboek: Het boek der sporten.

Njonken de skriuwerij wie Feith in amateursporter fan fertsjinste. 1892 hie er yn Londen in hurdfytswedstriid wûn dy't tusken Ingelân en Nederlân gie. Geregeldwei waard er yn wedstriden twadde nei syn freon Jaap Eden. Yn 1908 makke er in tocht fan trije dagen op redens de Fryske stêden bylâns en makke dêr ferslach fan yn it Algemeen Handelsblad. Yn 1909 wie er as sjoernalist oanwêzig by de Earste Alvestêdetocht. Hy gie yn Dokkum it iis op en ried 160 kilometer yn it kylwetter fan de lettere winner, Minne Hoekstra. In tal dagen nei dy tocht gie er yn de Ljouwerter Krante hertstochtlik yn de pleit foar it behâld fan de tocht as wedstriid en net, sa't it Friesche IJsbond foarstie, om der inkeld in toertocht fan te meitsjen.

Fan 1899 oant 1904 wie Feith foarsitter fan de Amsterdamsche Hockey & Bandy Club. As jonge wie er in aktyf fuotballer en spile er yn ien alvetal mei Pim Mulier.

Publikaasjes (ûnfolslein)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Monografyen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Het rijwiel (1890)[1]
  • Reis naar de Levant (1894)
  • Wielrijders (skuorkalinder)(1895)
  • Bloemen-Corso (1896)
  • De houten poppetjes (1899)
  • Het boek der sporten (1900)
  • Pillen voor Joe(1900)
  • Uit het land van hertog Hendrik (1900)
  • Zondeval (1901)
  • Engelsche kronings-idylle (1902)
  • Ter zonne (1902)
  • Schetsen van een journalist (1905)
  • Kostwinners (1906)
  • Uit Piet's vlegeljaren (1906)
  • De geschiedenis des vaderlands (1906)
  • Op het dievenpad (1907)
  • De wereld om (1907)
  • In de Amsterdamsche jodenbuurt (1907)
  • Ons eigen land (1908)
  • Zwerftochten (1908)
  • De reis om de wereld in veertig dagen of De zoon van Phileas Fogg (1908)
  • Op het Amstelveld (1909)
  • Het verhaal van den dief (1909)
  • De geheimzinnige uitvinding, of de tovermacht van een H.B.S. jongen (1909)
  • Een week als vliegmensch (1910)
  • Het valsche Russische goud (1910)
  • Groot toerisme (1910)
  • De Afrika-reiziger' (1910)
  • Misdadige kinderen (1911)
  • Waar wij zijn en wat wij zagen ‘Amsterdam’ (1911)
  • Waar wij zijn en wat wij zagen ‘Den Haag en Scheveningen’ (1911)
  • De avonturen van Flip en zijn speurhond (1912)
  • Billy Gedenkschriften van m’n chauffeur (1912)
  • Aviator (Roman van een) (1912)
  • Zieke kinderen (1913)
  • Met den Maas-Buurtspoorweg (1913)
  • Twee kleuters in een vliegmachine (1914)
  • Alpen-wintersport (1914)
  • Ons gouden Vondelpark (1914)
  • Oorlogs A B C (1914)
  • Onze zuinigheids manie (1914)
  • De Haarlemmermeerspoorlijnen (1915)
  • De oorlog in prent (1915)
  • De Levende Mummie, of Een Sportkampioen van voor 2000 jaar (1915)
  • Naamlooze Vennootschap Philips gloeilampenfabriek (1916)
  • In de Hollandsche branding (1917)
  • Onze mede-dieren (1917)
  • Met de Belgische troepen door West-Vlaanderen (1918)
  • Nederland in het heden (1918)
  • Uit tijden van oorlogswinst (1918)
  • Verwaarloosde jeugd (1918)
  • Tingeltangel (1918)
  • Uit Piet's Kantoorjaren (1918)
  • Het Vóórwereldlijk Monster (1920)
  • De drie K’s (kennis,kracht,karakter) (1920)
  • Altru & Ego (1920)
  • Van waarzeggende menschen en geluidgevende huizen (1920)
  • De industrieele club (1920)
  • De man zonder kaartje (1920)
  • Allemaal te water (1920)
  • Kleine menschen in de groote bergen (1921)
  • Op vleugels naar Indië (1921)
  • Het veembedrijf – oud en nieuw (1921)
  • Het Indische monster (1922)
  • Nederland in het heden [geactualiseerd] (1922)
  • De vrede in prent (1924)
  • Voorbijgangers (1925)
  • Nederlands grootste bedrijven vanuit de lucht (1925)
  • Iets over Nederland (1925)
  • Agar agar (1925)
  • Tropiaden (1926)
  • Het heilige bruine monster (1926)
  • Wat is Olympische kunst (1928)
  • 60 jaren papiergroothandel C.G.A. Corvey (1928)
  • De levende mummie (1929)
  • Flip en zijn speurhond (1929)
  • De melodieuse dood (1930)
  • De drijvende flesch (193?)
  • Wat Columbus heeft meegebracht (1930)
  • Doko; de avonturen van een kleine Moorsche jongen (1932)
  • De lotgevallen van Witje en Gitje (1932)
  • Dick en ik (1932)
  • Mijn hondenboek (1932)
  • Zwerftochten door ons land / Noord-Holland (1933)
  • La belle en haar aanbidder (1937)
  • Nieuwe geïllustreerde gids voor Amsterdam en omstreken (1937)
  • Bij het afscheid …? (1938)
  • Wilhelmina regina (1938)
  • 50 jaren Polak & Schwartz (1939)
  • Sport spot (1941)
  • Sport in Indië (1941)
  • Holland over zee (1941)
  • Rendez vous op het Buitenhof (1941)
  • Van Heutsz een naam een faam (1941)
  • Klein haantje (onbekend)
  • Over alles en nog wat (?)
  • De dans-maniak (?)
  • Voetbalwedstrijd (?)
  • In Hollandstaat een Hollandsch huis (?)

Manuskripten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Amerikaansch amoreus avontuur (1935)
  • Indisch journaal (1935)

Toaniel/revu[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De papa van Daisy-Bell (1895)
  • Ten bate van (1906)
  • Balwina (1917)
  • De jonge Willem Barendsz (1918)
  • De goal (1920)
  • Op ter Olympiade (1924)
  • De gescheiden tweeling (192?)
  • Levend speelgoed (1925)
  • Het wonderkind (1925)
  • Het bezeten huis (1927)
  • Periculum in pinetum (1929)
  • Knock out (1930)
  • Om ‘t 100.000ste [ANWB jubileum revue] (1933)
  • Vlindervlucht (1940)
  • Mannen – vrouwen - kinderen (1941)
  • De onafscheidelijken (1941)
  • Bezwarende omstandigheden (1942)
  • Verdrukte onschuld (1942)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Het rijwiel op Lexicon