Springe nei ynhâld

Tredde Alvestêdetocht

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Trêde Alvestêdetocht)
Tredde Alvestêdetocht
De rûte fan 'e Tredde Alvestêdetocht (tsjin 'e klok yn)
De rûte fan 'e Tredde Alvestêdetocht (tsjin 'e klok yn)
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
datum 27 jannewaris 1917
evenemint Alvestêdetocht
edysje 3
bysûnderheden
soarte evenemint reedriderstocht
org. troch Fer. De Fryske Alve Stêden
winner(s) Coen de Koning
winnende tiid 9:53 oeren
tal dielnimmers 42 wedstrydriders
108 toerriders
offisjele webside
www.elfstedentocht.nl

De Tredde Alvestêdetocht wie de tredde offisjele edysje fan 'e Alvestêdetocht op redens, dy't ferriden waard op 27 jannewaris 1917. Dizze reedriderstocht waard organisearre troch de Feriening De Fryske Alve Stêden. Winner wie, krekt as by de Twadde Alvestêdetocht yn 1912, Coen de Koning út Arnhim, mei in tiid fan 9 oeren en 53 minuten.

De Feriening De Fryske Alve Stêden hie eins de Tredde Alvestêdetocht ferride wollen yn 1914. It frear goed dat jiers, dat, optimistysk as de feriening yn syn begjinjierren wie, hie men de ynskriuwing alwer iepensteld. De tocht soe heve op 26 jannewaris. Der kamen dy deis 60 wedstrydriders en 62 toertochtriders opdaagjen, mar mei't it hommels teiwaar waard, moast de tocht in pear oeren foar de start ôflast wurde om't it te gefaarlik wie. Letter dyselde winter waard it him ek net mear, en yn 'e winters fan 1914 op 1915 en fan 1915 op 1916 lei der amper iis. Pas yn 'e winter fan 1916 op 1917 koe it mei de Tredde Alvestêdetocht útein. Der skreaune har doe 42 wedstrydriders en 108 toertochtriders yn.

Coen de Koning út Arnhim, dy't de Twadde Alvestêdetocht yn 1912 wûn hie, wie op 'e nij fan 'e partij en al yn 't foar waard er sjoen as de grutte favoryt om ek dizze edysje op syn namme te skriuwen. Sels seid er tsjin in oare wedstrydrider, Jan Ferwerda út Kampen, dy't him yn 1912 sûnder bewiis fan falskspyljen beskuldige hie, dat er winne of stjerre soe. Lykas by alle iere Alvestêdetochten it gefal wie, waard de rûte tsjin 'e klok yn riden, dus fan Ljouwert earst nei Dokkum.

Nei de start, om 6.20 oere op 27 jannewaris 1917 yn Ljouwert, foarme him op it stik oer de Dokkumer Ie nei Dokkum in kopgroep, dy't bestie út De Koning, Sjoerd Swierstra fan Offenwier en it duo Gerrit Zwijze en H. Krikke, dat ôfkomstich wie út Gramsbergen. Op 'e weromweis fan Dokkum sprinte De Coning lykwols by Swierstra wei, dy't op syn beurt de beide Sallanners wer efter him liet. Yn Frjentsjer hie De Coning in foarsprong fan 2 minuten op Swierstra opboud, en dy wist er neitiid noch fierder út te wreidzjen.

Yn Boalsert arrivearre De Koning al sà betiid, dat men dêrwei tillegrammen ferstjoerde nei de folgjende stêden, om't oars de kontrôleposten noch ûnbemanne wêze soene as De Koning dêr trochkaam. Yn Starum wie syn foarsprong op Swierstra oanwoeksen ta 20 minuten. Yn dy tiid waarden der noch gidsen ynset om 'e reedriders oer de Fryske marren te lieden, en De Coning keas dêrfoar in Jan Poepjes út. Dy bliek lykwols grutte muoite te hawwen om syn hege tempo by te hâlden.

Swierstra lei by Hylpen ek al 17 minuten foar op syn efterfolgers, en rûn dêrnei noch 7 minuten op De Coning yn. It slagge him lykwols net om syn efterstân foar de finish yn Ljouwert goed te meitsjen. De Coning wûn de Tredde Alvestêdetocht mei in rekôrtiid fan 9 oeren en 53 minuten. Swierstra kaam úteinlik 28 minuten letter binnen, op 10 oeren en 21 minuten. Tredde waard Gerlof van der Leij út Feinsum, mei in tiid fan 11 oeren en 4 minuten. Fan 'e 42 wedstrydriders wisten mar 9 man binnen twa oeren nei de winner oer einstreek te kommen; de oaren waarden dêrom neffens de jildende regels fan 'e tocht diskwalifisearre.

Coen de Koning, winner fan 'e Tredde Alvestêdetocht, yn 1917.
posysje dielnimmer wenplak tiid
1 Coen de Koning Arnhim 9:53
2 Sjoerd Swierstra Offenwier 10:21
3 Gerlof van der Leij Feinsum 11:04
4 Gerrit Zwijze Gramsbergen 11:04
5 Hendrik Kooistra Wergea 11:14
6 Eise Bergsma Ljouwert 11:35
7 Jan Ferwerda Kampen 11:50
8 Sipke de Jong Winsum 11:50
9 H. Mulder Wageningen 11:52

Fan 'e 108 toertochtriders dy't yn 1917 oan 'e Tredde Alvestêdetocht meidiene, hellen 83 de einstreek. Under harren wie de 24-jierrige Janna van der Weg fan Ousterhaule. Hoewol't hja net de earste frou wie dy't oan in Alvestêdetocht meidie (dy eare hie Jikke Gaastra by de Twadde Alvestêdetocht fan 1912), wie se wol de earste frou dy't de Alvestêdetocht útried. Van der Weg waard dêrfoar offisjeel huldige yn Stedsskouboarch De Harmony yn Ljouwert.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Alvestêdetocht
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht