Jikke Gaastra
Jikke Gaastra | ||
Reedrider | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jitske Gaastra | |
bertedatum | 3 jannewaris 1888 | |
berteplak | Aldeboarn | |
stjerdatum | 6 april 1963 | |
stjerplak | Arnhim | |
sportive ynformaasje | ||
ûnderdiel | Langebaan |
</noinclude> Jitske (Jikke) Minderhout - Gaastra (Aldeboarn, 3 jannewaris 1888 - Arnhim, 6 april 1963),[1] wie in Frysk reedrydster. Se wie yn 1912 de earste frou dy't de Alvestêdetocht ried. Se waard op de tocht begelaat troch har broer Jelle Gaastra.[2]
Se ried de tocht lykwols net út. Yn Snits, dat jier de lêste stêd foar de finish yn Ljouwert om't de tocht tsjin de klok yn riden waard, krige Gaastra mei oare dielnimmers te hearren dat se net fierder ride mocht om't it Bestjoer foltôging fan de tocht te gefaarlik achte[3]. Elkenien dy't Snits helle hie waard beskôge de tocht útriden te hawwen en ûntfong it Alvestêdekrúske.
Yn de wiken en moannen nei de tocht krige Gaastra brieven en geskinken, ek út it bûtenlân .
Jikke Gaastra troude op 18 maaie 1917 yn Capelle mei Jakob Minderhout (1892-1970), skuonmakker en fabryksopsichter. Sy krigen fjouwer dochters en in soan. Gaastra stoar yn de âldens fan 75 jier yn Arnhim. Sy waard beïerdige op de Algemene Begraafplaats Noord yn Oosterbeek. Haar redens en in betinkingsteken, dat har broer Jelle yn 1960 meitsje litten hie, wurde bewarre yn it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|