Springe nei ynhâld

Weißensee

Ut Wikipedy
Kaart fan de Weißensee
de Weißensee by winterdei

De Weißensee is in mar yn de Eastenrykske Alpen, yn 'e dielsteat Karinsje. It mar leit op 930 meter hichte en is dêrom by't winterdeis populêr by de Nederlânske reedriders om't der hast altiten riden wurde kin.

De Weißensee is 11,6 km lang, en op syn wiidst 900 meter. Op it djipste plak is de mar 97 meter djip. It oerflak is sa'n 6,5 km². Yn de mar komt it wetter fan in gebiet fan 46 km² terjochte. Dit wetter wurdt ôffiert troch de Weissenbach oan de eastkant nei de rivier de Drau.

Fan de wal is minder as in tredde beboud, meast yn it westlike part, de rest fan it gebiet is beskerme natoergebiet. Der is gjin trochgeande dyk by de mar del, allinich in smel steil paad ferbynt it easten fan it beboude gebiet mei de eastkant.

By winterdei leit der meast sa'n 60 sm dikke iislaag op de Weißensee. Fantwege de wissichheid dat der riden wurde kin wurdt der fanôf 1989 in Alternative Alvestêdetocht organisearre. Troch de grutte belangstelling wurde der meardere Alternative Alvestêdetochten toertochten hâlden mei noch in dei as wedstryd. Ek binne der noch oare marathonwedstriiden oer in lytsere ôfstân.