Anabaptisten

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Fersprieding fan it Anabaptisme 1525-1550

Anabaptisten (Gryksk ανα (fanijs, wer) + βαπτιζω (dope), dus letterlik: werdopers) is de namme dy't meast brûkt wurdt foar de earste Minnisten. Wat anabaptisten ûnderskate fan oare protestanten is harren lear fan de doop fan folwoeksenen; sy fersmieten dêrmei de bernedoop. Mei dêrom en fanwege polityk ferskil fan miening waarden se slim ferfolge troch de Roomsk-Katolike Tsjerke, mar ek troch de oare protestanten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Minne Simens
Anneken Hendriks wie in hûsfrou yn Fryslân, doperske sûnt 1552. Yn oktober 1571 waard se yn Amsterdam weromkend en ta dea feroardiele. Har mûle waard mei buskrûd folle en hier, fêstbûn oan in ljedder, op in bêd fan gleone koalen te smiten. (Ets fan Jan Luyken)

Anabaptisten komme fan 1530 ôf yn Fryslân foar. Sicke Frearks stoar as earste de marteldea. Hy waard yn 1530 yn Emden troch Jan Folkertsz Trypmaker doopt, dy't sels dêre troch de Dútske werdoper Melchior Hoffman doopt waard. Melchior Hoffman, dy't in lutherske predikant yn Straasburch wie, kaam yn kontakt mei it anabaptisme en en moast út de stêd wei flechtsje en gie nei East-Fryslân ta. Hy naam it anabaptisme fan Switserlân mei nei Fryslân ta. De Fryske preester Minne Simens wie ynearsten sympatyk oan Marten Luther. Om 1530 hinne luts er him oan troch Huldrych Zwingli en rekke er ûnder de yndruk fan de Switserske dopersken. Doe't Sicke Frearks ûnthalze waard, luts er it him tige oan. Hy koe gjin bibelske grûnen fine oangeande de ûnthalzing fan Frearks. Der wienen freedsume (warleaze) anabaptisten en strange (revolúsjonêre) anabaptisten ofwol werdopers. De revolúsjonêre werdopers stiften ûnder harren lieder Jan fan Leien yn de Dútske stêd Múnster harren Nije Jeruzalim en holden dêr in skrikbewâld op nei. Hja tochten dat it Tûzenjierrich Ryk nei it weromkommen fan Jezus oankommende is. Simens spruts him út tsjin de Fan Leien en syn radikalen. Múnster waard troch de ferdreaune biskop belegere en Jan fan Leien besocht help te sykjen út ûnder oaren Fryslân wei. Hy stjoerde Jan fan Geelen nei Fryslân en sykje nei jild en wapens en tagelyk rebûlje op te stoken. Yn jannewaris 1535 garre er 300 werdopers en besette it Kleaster Blomkamp, ek wol Aldekleaster neamd, by Boalsert. Georg Schenk fan Toutenburch, steedhâlder fan Fryslân yn namme fan de Habsburchske keizer Karel V, tôge op twadde peaskedei yn april 1535 nei it kleaster. Nei it belis fan Aldekleaster waarden de werdopers oppakt en in soad fan harren waarden yn Ljouwert ûnthalze, ophongen en ferdronken. De radikale werdoper Piter Simens, in broer fan Minne Simens wie ek ien fan harren en Minne wie alhiel oandien troch dat barren. Hy besleat yn 1535 alle geweld ôf te swarren. Hy flechte fluch dêrnei nei de [[Ommelannen en East-Fryslân ta. Jan fan Geelen, dy't de werdopers yn Aldekleaster late, koe ûntkomme en yn maaie 1353 late er it werdopersopskuor yn Amsterdam dêr't er by sneuvele. Yn july dat jiers kaam ek oan de besetting fan Múnster troch de revolúsjonêre werdopers in ein. Jan fan Batenburg dy't mei syn oanhingers de Nederlannen ûnfeilich makke waard yn 1537 oppakt.

De freedsume dopers, de minnisten of doopsgesinden ûnder Minne Simens en Durk en Obbe Philips hiene mear sukses.

Lettere ûntjouwings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De doperske steane ynternasjonaal bekend as minnisten of mennoniten en yn Nederlân as doopsgesinden. Ynearsten wiene alle doperske streamings tige rjochte op suverheid en woene se net meidwaan yn it bestjoer fan stêden en lannen. Dat wie winliken de earste skieding tusken tsjerke en steat. Der ûntstien al rillegau ferskate mienings en late ta ferbrokkelings. Yn Nederlân wiene bygelyks de Wetterlânske, Heechdútske, Fryske en Flaamske minnisten, dêr't gauris ek noch yn in "âlde" en "jonge" ferparte waarden. Letter waarden de minnisten yn Nederlân suver as frijsinnich sjoen. Oare minniste-mienskippen bleaune tige op harren sels stean en bestiene benammen út agraryske koloanjes yn krekt oanmakke gebieten yn East-Jeropa en Noard-Amearika. Benammen de amish steane bekend om harren ôfwizings fan ûntjouwings fan de moderne tiid. Yn de tweintichste iuw ûntjoech de Amerikaanske haadsteam fan mennoniten him ta in wiidweidich protestantske leauwensmienskip dy't him skaaimerkt troch harren freedsumens.

Oer de libben fan de minnisten en doopsgesinden skreau Ypk fan der Fear it boek De breugeman komt (1953). Dit boek waard yn 1956 oerset yn it Nederlânsk.

Wat de grutdoop oanbelanget soe men se ta foarrinners fan it baptisme, de Evangelyske tsjerken en Pinkstergemeenten beskôgje kinne.

Bekende anabaptisten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. en oaren, Encyclopedie van Friesland 1953, Anabaptisten.
  • Kanon fan de Fryske Skiednis/Minne Simens
  • Gert Elzinga, Peter Karstkarel, Dick van der Maarel, Tien eeuwen Friesland, de Friezen en hun ziel en zaligheid yn Frisia Illustrata side 233. Utjouwerij Waanders, Swol
  • J.N. Bakhuizen van den Brink e.o., Handboek der kerkgeschiedenis 3 (Ljouwert: De Tille, 1980; fjirde printinge), 104-108.