Springe nei ynhâld

Sicke Frearks

Ut Wikipedy

Sicke Frearks (Ljouwert om 1500 hinne - dêre 20 maart 1531, wie de earste Fryske martler fan de dopersken. Frearks waard op 20 maart 1531 ûnthalze yn Ljouwert. As kleanmakker waard er ek wol Sicke Snyder neamd. Hy leaude yn de folwoeksenedoop ynstee fan bernedooop. Op 11 desimber 1530 hie er de werdoop op syn leauwe yn Emden krige fan Jan Folkertsz Trypmaker fan Hoarn, dy't sels troch de Dútske preker en werdoper Melchior Hoffman doopt waard. It werdopen waard sjoen as ketterij en dêr stie de deastraf op. Doe't er weromkaam yn Ljouwert waard er oppakt en troch it Hof fan Fryslân ta dea feroardield. Op 20 maart 1531 waard er yn Ljouwert ûnthalze. Minne Simens koe min sette dat in godsfruchtige fromme man ta de dea feroardield wurde koe en hat yn de skrift ûndersyk dien nei de bernedoop.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: