Weromkommen fan Jezus
It Weromkommen fan Jezus of Parousia (fan it Gryksk: Δευτέρα Παρουσία, Deftéra Parousía) wurdt yn it leauwen fan it kristendom, de islaam en it bahaïsme it tasizzen bedoeld dat Jezus Kristus wer weromkomme sil nei syn himelfeart twatûzen jier ferlyn.
Yn it kristendom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It weromkommen fan Jezus yn it kristendom wurdt sjoen as de bliuwende iepenbiering fan God oan de minske, dy't begûn mei it libben, de dea en de ferrizenis fan Jezus. Guon kristlike streamings ûnderskiede twa weromkomsten: de earste is it opnimmen fan de gemeente, dêr't Jezus op ierde weromkomt, by it lûd fan in aartsingel en it sketterjen fan trompetten, en helje de wiere kristenen op nei de himel ta, en de twadde is it stuit dêr't Jezus weromkomt en dêr't eltsenien him by sjen kin.
Neffens oare kristlike streamings komt Jezus by it opnimmen fan de gemeente wynliken net nei de ierede werom, want de leauwige kristenen kommen de Heare yn de loft temjitte (1 Tessalonikers 4:15-17). Der soe dan dus mar ien weromkomst wêze, dy fan dêr't Jezus te sjen is op de wolken (Iepenbiering 1:7). De manier fan weromkommen sil itselde wêze as op de manier dat er opnaam waard yn de himel (Hannelingen 1:11).
Yn de Roomsk-katolike tsjerke, de Lutherske tsjerke en de herfoarme en grifformearde tsjerken wurdt leaud dat by it weromkommen it Keninkryk fan God fêstige wurdt, en net in ierdsk of polityk keninkryk, mar in himelsk keninkryk, dêr't himel en ierde ferienige wurde.
Neffens gyliastyske opfettings yn it kristendom komt Jezus oan de ein fan de skiednis werom op ierde en ferneatigje syn tsjinstanners. Hy sil dan alle macht fan de minsklike "keninkriken" en machten oernimme en sil dan it Tûzenjierrich Ryk stiftsje. Benammen Sândedeisadvintisten en Pinksterbewegings nimme dy opfetting tige serieus oan.
In soad kristenen tinke dat hja de gânse tiid taret wêze moatte op it weromkommen fan Jezus. Yn Mattéus 24:42-44 stiet: "Dêrom moatte jim reestean, want de Minskesoan komt op in stuit dat jim it net ferwachtsje".
Neffens de Bibel sil Jezus weromkomme as it evangeelje oer gâns de wrâld ferspraat is en eltsenien de kâns krigen hat harren sels te bekearen. Dêrom binne der noch hieltyd sindelingen oan it wurk dy't besykje it evangeelje yn lannen te ferkundigjen dêr't it ferhaal fan Jezus noch net bekend is. Yn Mattéus 24:14 stiet: "Dit bliid boadskip fan it keninkryk sil oer de hiele wrâld ferkundige wurde as in tsjûgenis foar alle folken. En dan sil de ein der wêze." Fierder sille de twa tsjûgen it evangeelje fierder ferspriede yn it tiidrek fan it regear fan de Antykrist en de Grutte benearing.
Yn it Alde Testamint stiet ien fan de foartekens foar it weromkommen fan Jezus: it weromkommen fan it Joadske folk nei harren oarspronklik wengebiet. Ferskate kristenen leauwe dat it de hjoeddeistige steat Israel is, en dat de profesij yn 1948 mei it oprjochtsjen fan de steat Israel ferfolle waard. Hja ferwize dêrnei yn Ezechiël 37:21: "Dit hat God de Heare te sizzen: Ja, Ik helje de bern fan Israel tusken de folken wei, dêr't se hinne rekke binne, bring har rûnom wei byinoar en wer op har eigen grûn".
Jezus sil neffens de Iepenbiering fan Jehannes weromkomme op de wolken en eltsenien sil him dan sjen kinne.
Nei it weromkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't Jezus op ierde weromkaam is, sil er mei syn leger fan de kristenen, dy't by it opnimmen fan de gemeente opnaam binne, de striid oangean mei de Antykrist en syn leger op Armageddon, in berchtme by Megiddo. Neffens de Iepenbiering fan Jehannes 17:14 sil Jezus dy striid winne: "Dy sille it Laam be-oarlogje en it Laam sil harren oerwinne, om't Er Kening oer alle keningen en Hear oer alle hearen is, en dy't Him trou bliuwe, sille mei Him oerwinne".
Dêrnei sil Satan tûzen jier lang opsletten wurde. Iepenbiering 20:1-3 seit: "Doe seach ik in ingel út 'e himel delkommen, hy hie de kaai fan 'e ôfgrûn en in grut keatling yn 'e hân. Hy griep de draak, de âlde slange, dat is de duvel, de satan en sloech him yn 'e boeiens foar tûzen jier. Hy keilde him yn 'e ôfgrûn en skoattele dy ôf en fersegele dy boppe him, dat er de folken net mear op 'e doele bringe soe, ear't de tûzen jier om wienen, dêrnei moat er noch foar in koart skoft loslitten wurde".
Dat is it begjin fan it Tûzenjierrich Ryk. Satan sil dan mei in grutte keatling fêstbûn wurde en yn in djippe ôfgrûn smiten wurde. Dêrnei sil it folgjende barre: "Mar as dy tûzen jier om binne, sil de satan út syn finzenis loslitten wurde; dan sil er der op út gean om de folken yn 'e fjouwer hoeken fan 'e ierde, Gog en Magog, op 'e doele te bringen, om harren dy't sa machtich binne as it sân fan 'e see byinoar te bringen ta de oarloch. Doe kamen se opsetten oer de hiele ierde hinne en besingelen it legerkamp fan 'e hilligen en de beminde stêd; mar der kaam fjoer út 'e himel del en dat fertarde harren. En de duvel dy't harren op 'e doele brocht hie, waard yn 'e poel smiten, dêr't ek it bist en de falske profeet yn sitte; dêr sille se by nacht en by dei pinige wurde yn alle ivichheid". (Iepenbiering 20:7-20)
Foar de minsken dy't yn Jezus leauwe, sil der in ûnbidich moaie tiid komme dy't te ferlykjen is mei de himel op ierde. Dat stiet yn Jesaja 11:9: "Se sille gjin kwea dwaan en neat ferniele op myn hillige berch, want de ierde rekket fol mei de kennis fan de Heare, sa't de see fol sit mei wetter". Fierder sille wylde bisten gjin minsken mear oanfalle en sille bisten dy't earst inoar opieten, no yn frede meiïnoar libje.
Yn de islaam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Jezus yn de islaam.
Yn de islaam wurdt Jezus (of Isa; Arabysk: عيسى ʿĪsā) sjoen as in boadskipper en Masih (messias) fan God en waard stjoerd om de Israeliten in nij evangeelje te ferkundigjen. It leauwen yn Jezus, en alle oare boadskippers fan God, is ferplichte yn de islaam om in moslim wêze te kinnen. Moslims beskôgje Jezus lykwols net as de Soan fan God, om't hja leauwe dat der net ien oan God gelyk is, mar as in profeet. Yn de koraan stiet dat Jezus berne waard út de faam Marije en moslims leauwe ek dat Jezus de wûnders, dy't beskreaun steane yn de fjouwer evangeeljes, die mei tastimming fan God. Se leauwe lykwols net dat er krusige waard, mar wol dat er yn 'e himel opnaam waard.
Yn de koraan stiet dat it weromkommen fan Jezus in teken fan de Dei fan it Oardiel is. Der binne ek guon hadiths dy't it weromkommen fan Jezus foarsizze. It stuit sil net bekend wêze oant er as in earlike hearsker oer de minsken hearsket en hy sil dan alle krusen (it symboal fan de kristenen) ferneatigje en de dzjizja opheffe.
Neffens islamityske tradysje sil Jezus weromkomme yn de tiid fan oarloggen dy't troch de Mahdi, bekend yn de islaam as de ferlosser, fochten waarden tsjin de Dajjal (de falske messias of de Antykrist) en syn folgelingen. Jezus sil op it plak fan in wite arkade beëasten Damaskus delkomme en sil de Mahdi helpe yn de oarloch tsjin de Dajjal. Jezus sil de Dajjal ferslaan en alle Minsken fan it Boek (ahl al-kitab, dy't nei Joaden en kristenen ferwiist) sille yn him leauwe. Der sil dus dan ien mienskip, dy fan de islaam, wêze.
Nei de dea fan de Mahdi sil Jezus de rôl fan lieder oernimme en brekt der in tiid fan frede en rjochtfeardigens oan. Islamityske geskriften neame ek it ferskinen fan Ya'juj en Ma'juj (ek bekend as Gog en Magog). Alde stammen sille harren ferspriede en sille steurings op de wrâld feroarsaakje. God, dy't Jezus syn beaen anderet, sil wjirmen los litte dy't harren yn de nekken bite sille om harren te deadzjen. Jezus sil dan fjirtich jier op de wrâld wêze en sil dêrnei ferstjerre. Moslims sille dan de Salat al-Janazah (begraffenisgebed) foar him dwaan en sille him yn de stêd Medina yn it lege grêf njonken dy fan Mohammed begrave.
Yn it bahaïsme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens it bahaïsme leit it weromkommen fan Jezus op it grûnwurk op it ûntwerp fan in stadich proses dat gearfalt mei de foarútgong fan de minsklike beskaving fan it begjin fan de minskheid ôf. De stifters fan de grutste wrâldreligyen fertsjintwurdigje elts in part fan it weromkommen fan it wurd en de geast fan God as in nij en bysûnder personifikaasje dy't troch God stjoerd wurdt en dy't nije evangeeljes, wetten en iepenbierings ferkundigje, sa't alle grutte religyen in part fan de progressive iepenbiering binne. Elts weromkommen wurdt sjoen as in foarútgong fan eardere tiden. It weromkommen fan Jezus wurdt sjoen as in fuortsetting fan de wil fan God, dy't as ien trochgeand leauwe mei ferskiljende nammen sjoen wurdt.
Bahá'u'lláh, de stifter fan it bahaïsme, ferkundige dat er de manifestaasje fan de weromkearende Jezus wie.
Folgelingen fan it bahaïsme leauwe dat de profesyen fan it weromkommen fan Jezus, njonken de profesyen fan de oare religyen, ferfolle waarden troch de Báb yn 1844, en dêrnei troch de foarfallen yn de dagen fan Bahá'u'lláh. Hja leauwe dat it ferfollen fan de kristlike profesyen troch Baha'u'llah te ferlykjen is mei it ferfollen fan de Joadske profesyen troch Jezus. Bahaïsten leauwe dat it weromkommen fan Jezus mei in nije namme Jezus syn bedoeling wie as in weromkomst yn geastlike sin, allyk, neffens de útlis fan Jezus yn de evangeeljes, dat it weromkommen fan Elía as Jehannes de Doper in weromkomst yn geastlike sin wie.
Yn it Joadendom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens it Joadendom is Jezus ien fan de falske messiassen, om't er net alle Messiaanske profesyen ferfolle hawwe soe, sa as ûnder oaren:
- It bouwen fan de tredde tempel (Ezechiël 37:26-28)
- It lieden alle Joaden werom nei it Lân Israel (Jesaja 43:5-6)
- It lieden yn in tiid fan frede op de wrâld, ein fan alle haat, ûnderdrukking, lijen en sykte: "Gjin folk sil langer de wapens opnimme tsjin in oar folk, en se sille har net mear op fjochterij útlizze" (Jesaja 2:4)
- It fersprieden fan de kunde fan de God fan Israel oer gâns de wrâld hinne, dy't de minskheid as ien ferienigje sil: "En de Heare sil kening wêze oer de hiele ierde: dan sil de Heare de iennichste Hear wêze en syn namme de iennichste namme" (Sacharja 14:9)
It kristlike idee dat dy profesyen ferfolle wurde soene by it weromkommen fan Jezus wurdt neffens it Joadendom as opdiene antwurden beskôge, om't de Joadske bibel gjin weromkommen neamt. En ek is der de fraach wêrom't God syn doelen de earste kear net berikke kinne soe. Men is fan betinken dat it idee fan it weromkommen ûntstien is om't hja teloarsteld wiene, want doe't Jezus ferstoar, moast der in ferklearring foar komme.