Hadith

Ut Wikipedy
Koaran

De Hadith (Arabysk: أحاديث, aḥādīth (meartal) حديث, ḥadīth (inkeltal), wat betsjut: 'dat wat ferteld wurdt') binne in samling islamityske oerleveringen oer it dwaan en litten fan de profeet Mohammed. Troch dizze oerlevering kenne wy de soenna, de manieren fan de profeet. Foar de soennityske moslims foarmje de Hadith in oanfolling op de Koaran.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tafsir en teologen hawwe de earste trije iuwen lang diskusjearre en studearre oer de fraach hokker fan de oerlevere tradysjes, dy’t elkoar op guon punten tsjinsprekken, echt binne en hokker dêr letter by betocht binne. De Hadith is dêrnei opnaam yn talleaze samlingen, wêrfan't der yn de soennityske islam seis as betrouber beskôge wurde. Dizze binne tusken 800-850 opskreaun. De skriuwers binne: Al-Boechârie, Muslim, Abôe Dâwoed, Tirmidzi, An-Nasâ'ie en Ibn Mâdja. Dochs bestienen der ek al foar dy tiid Hadith samlingen. Dizze wienen wol minder systematysk fan opset en se foldienen net oan de strange keurings kritearia dy’t foaral Al-Boechârie en Muslim formulearren. Yn de rin fan de tiid wienen der in soad ferhalen optocht oer Mohammed. Om dy ferhalen ekstra leauwe te litten bewearden de minsken dat Mohammed it sels ferteld hie. Moslims gean der fan út dat de seis ûndersikers dizze foute ferhalen weismiten hawwe. Inkele islamologen fine dat de betrouberens fan in oerlevering net mear fêst te stellen is. Dêrom leauwe se de hiele Hadith literatuer net.

Betingsten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In belangrike betingst foar in echte Hadiths is dat der in folsleine rige is fan trochfertellers (“isnaad”) dy’t elkoar kend hawwe en elkoar sjoen hawwe. De persoan dy’t de Hadith ferteld moat dus al syn boarnen opneame kinne. De lêste persoan yn dy rige moat in persoan wêze dy’t Mohammed persoanlik kend hawwe moat. Dêrneist moatte de trochfertellers ek bekend stean as betrouber en moatte se in sûn ferstân hawwe en sterk ûnthâld.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hadith is sa klassifisearre.

  • sahieh ‘sear betrouber’.
  • hasan 'goed, mar minder betrouber'
  • da'ief 'twiveleftich' en
  • mawdoe 'fersonnen'

Al-Boechâry wie in sear respektearre útlizzer en redakteur fan de Hadith, hy wie in soennityske gelearde. Tegearre mei Muslim, in oare Hadithgelearde sammele hy in grutte kolleksje tige betroubere Hadith. As in Hadith yn dy fan Al-Boechâri en ek yn dy fan Muslim foarkomt dan gean moslems der fan út dat it in echt ferhaal is. Beide binne tige kritysk west foar't se in Hadith optekenen. Der wienen likernôch 600.000 oerleveringen oer Mohammed yn omrin, Al-Boechâri hat der 7000 opskeaun. Al-Boechâri en Muslim hawwe in grutte ynfloed hân op de ûntwikkeling fan de islamityske wetjouwing. De Koaran en de Hadith foarmje tegearre de basis foar it leven en de lear fan de minsken dy’t harren Soennyt neame. Ut de Koaran en de Hadith binne de islamityske wetten gearstald, de sjaria. Yn de guon islamityske lannen jildt de sjaria as basis fan in diel fan it rjocht. De measte lannen hawwe in mingd rjochtsysteem.