Springe nei ynhâld

Koaran

Ut Wikipedy
De Koaran.

De Koaran is it hillige skrift fan de Islam. Neffens de moslims is de Koaran in reeks iepenbierings fan de islamityske God (Allah) oan syn profeet Mohammed.

Neffens de tradysje is de Koaran net opskreaun troch Mohammed, mar waarden de iepenbierings fan de profeet oarspronklik trochferteld. Aboe Bakr, earste kalyf fan it Arabyske Ryk, soe de lear delskreaun litten hawwe. Op basis fan dy tekst waard yn opdracht fan Oethman, de tredde kalyf, de definitive tekst fêststeld.

Al-Fatiha, de foarste soera út de Koaran

De Koaran hat 114 "soeras" (haadstikken). In soera bestiet út ferskate ferzen (ayat of aya). De soera's binne ornaris oardere fan grut nei lyts, dat net neffens de gronologyske folchoarder. De langste soera yn de Koaran hat 286 fersen, de koartste hat der 3. De teksten yn de Koaran binne yndield neffens de namme fan de soera, folge troch it nûmer fan de aya.

Neffens de Koaren oppenearret God him oan 'e minsken troch tekenen en iepenbieringen. De profeten of 'boadskippers fan God' ûntfongen de iepenbieringen en joegen dy troch oan 'e minsken. De iepenbieringen foarmje mei-inoar in identyk boadskip dat jildt foar it hiele minskdom. Yn Koaran 41:43 stiet "Der is neat tsjin jo sein dat noch net oan 'e boadskippers foar dy ferteld is. Jo Hear is de Hear fan ’e bermhertigens en fan ’e pynlike straf." De iepenbiering fan God wurde net streekrjocht oan 'e profeten oerbrocht, mar ingeltsjes bringe de hillige bân ta stân. Yn Koaran 42:51 stiet beskreaun "Foar in minske is it net mooglik dat Allah ta him sprekke soe oars as troch ynjouwing of achter in wale of troch in boadskipper te stjoeren om troch Syn gebod te iepenbierjen wat Hy wol." It oantal profeten is net mei krektens te sizzen, lykwols wurde der yn 'e Koaran 26 nammen neamd.[1]

Yn 1143 waard troch Petrus de Earbiedweardige opdracht jûn om de Koaran yn it Latyn te oersetten. Petrus de Earbiedweardige wie abt fan Cluny en in fûle tsjinstanner fan 'e Islam en 't Joadendom. Om syn krityk op in fûnemint te bouwen, liet er de Oersettersskoalle fan Toledo it wurk oersette. De oersetters wienen Robert fan Ketton, Peter fan Toledo, de mûnts Herman fan Carinthia en in Saraseen mei de namme Mohammed. De Latynske ferzje waard oereide en yn 1543 troch de Zuricher teolooch Theodor Bibliander yn Basel printe. Los fan in pear losse fragminten is de oersetting fan Ketton en oaren de earste folsleine Koaranoersetting. Yn 'e achtjinde iuw waard de Koaran ek yn oare talen oerset. De Latynske oersetting wie de basis foar de Dútske, Nederlânske en Italjaanske oersetting.

De moslims binne fûl tsjin it oersetten fan 'e Koaran, yn hokfoar taal dan ek. De reden leit foar 't neist yn 'e kontekst fan 'e earste Koaranoersetting. It wurk fan Petrus de Earbiedweardige kin pleats wurde yn 'e kontekst fan de Krúsfardersbeweging. Sûnt dy tiid binne moslims tige skeptysk oer Koaranoersettingen. De Koaranfersen 26:192-195 sizze it neikommende oer de Arabyske taal; "Sjoch, dit is in iepenbiering fan 'e Hear fan 'e wrâlden. De Hillige Geast hat it delbrocht. Yn jo hert, dat jo ien fan warskôgers binne. Yn dúdlike Arabyske taal." Fierwei de measte moslims sjogge de Arabyske ferzje as de iennichste flaterfrije ferzje.

Sibskip Bibel en Koaran

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de Koaran leauwe de kristenen en joaden ek yn de 'echte' God. Der binne stikken tekst yn de Koaran dy't ferwize nei saken en minsken út de Bibel. Foarbylden fan persoanen út de Bibel dy't neamd wurde yn de Koaran binne Abraham, Noäch en Jezus Kristus. Dy trije religy's meiïnoar wurde ek wol it Abramitysk leauwen neamd fanwege de oerienkomsten en de ôfstamming fan Abraham. Der binne lykwols wichtige ferskillen tusken de Bibel en Koaran yn it fertellen fan lyksoartige ferhalen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Meartalige Koaran (Arabysk, Ingelsk, Frânsk, Dútsk, Nederlânsk, Spaansk, Italjaansk)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Number of Prophets op al-islam.org (sjoen op 3 july 2022)