Springe nei ynhâld

Opname fan de gemeente

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Opnimmen fan de gemeente)
Trijedielige yllustraasje fan Jan Luyken fan de opname sa't dy beskreaun is yn Mattéus 24:40 út de Bowyerbibel út 1795

De opname fan de gemeente, yn it Ingelsk rapture neamd, is it leauwen fan guon kristlike streamings, benammen dy fan evangelyske protestanten yn de Feriene Steaten, dat foar de eintiid alle kristenen, tagelyk mei de opstiene kristenen, opfarre sille "yn de wolken om de Heare yn de loft temjitte te kommen".

Yn de earste brief fan Paulus oan de Tessalonikers yn it Nije Testamint brûkt er it Grykske wurd harpazo (Aldgryksk: ἁρπάζω), dat sokssawat "ûntlûke" of "ûntwrame" betsjut, en dat wol sizze dat dyjingen dy't yn Jezus Kristus leauwe fan de ierde ûntlutsen wurde nei de loft ta. De term wurdt gauris troch konservative teologen yn de Feriene Steaten brûkt, mar wurdt ek wol brûkt foar de mystike feriening mei God of foar it ivige libben yn de himel

Der besteane ferkiljende eachpunten oer it presize stuit fan de opname en of it weromkommen fan Jezus ien of twaris barre sil. Guon binne fan betinken dat de opname ûnderskaat wurdt fan it weromkommen fan Jezus, sa't dat neamd wurdt yn de evangeelje fan Mattéus, 2 Tessalonikers en Iepenbiering, en dus plakfine sil foar de Grutte benearing. Dêrnei sil Jezus op ierde weromkomme en it Tûzenjierrich Ryk fêstigje. Yn it Ingelsk wurdt dat eachpunt pretribulationism (pretribulationisme: foar de grutte benearing tribulation) neamd en is it meast gongbere yn de Feriene Steaten, mar der binne guon yn it evangelisme dy't dy teory bestride.

De measte gongbere streamings yn it kristendom, lykas de Roomsk-katoliken, Eastersk-otterdoksen, Lutheranen, Anglikanen en de herfoarme en grifformearde tsjerken hingje dy teory net oan en brûke de "opname fan de gemeente" net as in teologyske term. Ynstee dêrfan sjogge se de opname fan de gemeente as it ferienigjen mei Jezus yn de himel nei dat er weromkaam is op ierde en fersmite se it idee dat in grutte kloft minsken op ierde efterlitten wurdt foar de Grutte benearing sa't dy beskreaun is yn 1 Tessalonikers 4:17.

Bibelske eftergrûn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dyjingen dy't de lear fan de opname fan de gemeente oanhingje ferwize nei 1 Tessalonikers, dy't de wichtichste ferwizing foar harren leauwe is, dêr't Paulus neffens harren it weromkommen fan Jezus as in opname fan de gemeente beskriuwt. Yn 1 Korintiërs beskriuwt Paulus hoe't leauwigen op in dei yn in sucht feroarje sille en dan by Jezus Kristus wêze.

Untstean fan de lear

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Edward Irving
John Nelson Darby

Oant de santjinde iuw wie der hast noch gjin leauwen yn it opnimmen fan de gemeente. Dêrnei wurdt troch de Amerikaanske puriteinen Increase Mather (1639-1723) en syn soan Cotton Mather (1663-1728) it leauwen yn in opname ferbûn mei it premilennialisme. Hja leauden dat de leauwigen opnaam wurde soene, en dat dêrnei der in minne tiid op ierde oanbrekke sil. Dêrnei sil it Tûzenjierrich Ryk fêstige wurde. De Ingelske term rapture, dy't almeast oersetten wurdt mei "opname", komt fan Philip Doddridge en John Gill yn harren kommentaar op it Nije Testamint.

Yn 1788 wurdt troch de baptist Morgan Edwards oppenearre dat it opnimmen foar de pleagen, de Grutte benearing, plakfine sil. Yn 1811, tsien jier nei de dea fan de skriuwer, ferskynt der in Spaansk boek, dy't skreaun waard troch de Roomsk-katolike preester Emmanuel Lacunz, oer it opnimmen.

Yn 1827 waard dat boek troch de Skotske predikant Edward Irving (1792-1834) yn it Ingelsk oersetten. Letter rekke er fan betinken dat mei de Antykrist ien man bedoeld wurdt en kaam er ta it einbeslút dat Jezus twaris weromkomme soe: de earste kear foar't de Antykrist opstean sil yn 1862 en dat de grutte benearing oanbrekt, dêr't er nei foar de twadde kear weromkomt. Gauris wurdt it opnimmen foar de grutte delklap taskreaun oan de doetiidske fyftjinjierige Margaret McDonald, dy't in folgeling fan Edward Irving wie. Hja hie yn 1830 in fisioen oer de eintiid, dêr't it opnimmen lykwols nei de grutte delklap plakfine sil. Har wurk waard yn 1840 útjûn en yn 1861 waard it fannijs útjûn, mar yn dy edysje waard al oppenearre dat de gemeente al foar de grutte benearing opnaam wurde sil.

John Nelson Darby (1800-1882), dy't wol sjoen wurdt as de grûnlizzer fan de bedielingelear, oppenearre dat Jezus komme soe foar't de Antykrist komme soe, en dy lear waard frij populêr. Hy wie de grûnlizzer fan de Bruorrebeweging, lykas de Plymouth Brethren, dy't dy lear dus ek oernaam. De skriften fan dy beweging hiene benammen yn de Feriene Steaten in soad ynfloed. Yn Nederlân hie Johannes de Heer (1866-1961) in soad ynfloed troch syn blêd Het Zoeklicht, dat noch hieltyd bestiet en deselde fyzje ferkundiget.

Ek út de Feriene Steaten wei wie der in ûnbidich soad ynfloed op de fyzjes fan evangelyske kristenen oer it wereromkommen fan Jezus. Yn de santiger jierren fan de tweintichste iuw ferskynden de boeken fan Hal Lindsey. Ek de romansearje Left Behind fan Tim Lahaye en Jerry B. Jenkins waard yn de njoggentiger jierren goed ferkocht.

Hjoed-de-dei wurdt de lear fan de opname fan de gemeente oanhongen benammen yn evangelyske en garismatyske rûnten, yn de Bruorrebeweging en troch baptisten. In soad tradisjonele katoliken en protestanten nimme 1 Tessalonikers 4:16-17 letterlik oan: de opname fan de gemeente wurdt daalk folge troch de opstanning fan de deaden op de Dei fan it Oardiel. Dêr sille de libbenen en de kreklyn opstiene deaden Jezus temjitte komme as er fan de himel komt en oardielje de wrâld. Hja sjogge de opname as in part fan de twadde komst fan Jezus. De Eastersk-otterdokse tsjerke fersmyt de lear fan de ôfsûnderlike opname fan de gemeente.

Der besteane ferskiljende mienings oer yn hokker folgoarder de foarfallen, dêr't de opname part fan is, barre sille. Yn Mattéus 24 foarseit Jezus dat de folgjende foartekens barre sille: der sille kristlike sabeare profeten komme te hanneljen; berjochten oer oarloggen en hongersneed; kristenen sille ferfolge wurde; in soad minsken falle fan harren leauwe ôf; wetteleazens nimt ta; de leafde kuollet ôf. Jezus sil pas lykwols weromkomme as it evangeelje oer gâns de wrâld ferkundige is. Mei de "les fan de figebeam" (Matéus 24:32) wurdt neffens guon Israel mei bedoeld. Oanhingers fan de lear hiene yn de njoggentjinde iuw it fannijs ûntstean fan de steat Israel foarsein

It opnimmen fan de gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oanhingers fan de lear ferwize nei 1 Tessalonikers 4, 1 Korintiërs 15 en Mattéus 24:40-41. Jezus jout oan hokker tekens der komme sille, sa't leauwigen sjen kinne dat Er komt: "de sinne sil tsjuster wurde, de moanne sil syn skynsel net jaan, de stjerren sille fan boppe falle en de himelske machten sille yn ûnstjoer reitsje. Dan sil it teken fan de Minskesoan oan 'e loft ferskine. Alle folken op 'e wrâld sille harsels foar 't boarst slaan. Se sille de Minskesoan op 'e wolken fan 'e himel kommen sjen mei grutte macht en majesteit". Dy foarfallen komme oerien mei wat der yn Iepenbiering 6:12 stiet: "Doe't Er yn myn fisioen it sechde segel iepenbriek, kaam der in swiere ierdbeving. De sinne waard sa swart as in hierren sek en de moanne waard hielendal read as bloed. De stjerren fan 'e himel foelen op 'e ierde, lykas in figebeam syn lette figen falle lit as in hurde wyn deroan skoddet. De himel waard wei as in boekrol dy't oprôle wurdt, en alle bergen en eilannen waarden fan it plak skuord".

De Bibel neamt dat it fan stuit fan it weromkommen gjinien fan wit. Yn 1 Tessalonikers 5:2 seit dat Er as in dief yn de nacht komme sil. Neffens in soad minsken komt Jezus nei de ierde werom op in wolk en nim de kristlike mienskip op: "De Hear sil sels ommers, by it klinken fan it befel, by it lûd fan in aartsingel en by it sketterjen fan Gods trompet, delkomme fan 'e himel en dy't yn Kristus stoarn binne, sille earst út de dea ferrize. Dêrnei sille wy dy't yn libben bleaun binne, tagelyk mei harren, hjir weihelle wurde op 'e wolken, de Hear temjitte yn 'e loft. En sa sille wy foar altiten by de Hear wêze" (1 Tessalonikers 4:16-17).

De grutte benearing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Grutte benearing.

De Antykrist hat frij paad en ferfolgje de leauwigen. Markus 13:24-26 seit: "Yn 'e tiid nei de benearing sil de sinne tsjuster wurde, de moanne syn skynsel net mear jaan, de stjerren sille fan boppen falle en de himelske machten fan it plak reage wurde. Dan sille se de Minskesoan op 'e wolken kommen sjen mei grutte macht en hearlikheid. Hy sil syn ingels útstjoere, en de útkarden byinoar bringe út 'e fjouwer wynstreken, fan 'e ein fan 'e ierde oan 'e ein fan 'e himel ta".

Lukas 21:25-28 seit: "Der sille frjemde dingen barre mei de sinne, moanne en de stjerren. Op ierde sille de folken yn grutte noed sitte en net witte, hoe't se ûntkomme moatte oan 'e bolderjende en skomjende see. De minsken sille it bestjerre fan eangst en spanning om wat der oer de wrâld komme sil, want it stjerreleger sil yn ûntstjoer reitsje. Dan sille se de Minskesoan kommen sjen op in wolk mei grutte macht en majesteit. Wannear't dat allegearre begjint, kom dan oerein en stek de holle op, want jimme ferlossing is neioan".

Tûzenjierrich Ryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Tûzenjierrich Ryk.

Dêrnei sil Jezus tûzen jier lang hearskje op in paradyslike ierde, dêr't allinnich frede is. Dêrby spilet it folk fan Israel de grutste rôl. Minsken mei dy fyzje ferwize nei de profesyen út it Alde Testamint oer it fannijs ûntstean fan de steat Israel.

Ferlikings fan de ferskiljende milennialistyske eachpunten: premilennialisme, postmilennialisme en amilennialisme
De Wikipedy hat ek in side Dei fan it Oardiel.

Ta einbeslút wurdt de duvel fannijs loslitten en dy set útein mei in nije kriich. Hy wurdt foargoed ferslein en wurdt my de Antykrist en de sabeare profeten yn in poele smiten dêr't se yn ivichheid pinige wurde. De deaden steane op en de folken sille oardiele wurde. Der komt in nije himel en in nije ierde.

Tiid fan de opname

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wannear't derfan útgien wurdt dat der gjin tûzenjierrich ryk wêze sil (amilennialisme), dat it al west hat (postmilennialisme), of dat derfan útgien wurdt dat de gemeente pas nei de grutte benearing opnaam wurdt (posttribulanisme) makket it gjin ferskil mear wannear't it opnimmen plakfynt. Fanút al dy eachpunten falt de opname fan de gemeente gear mei it foargoed weromkommen fan Jezus.

Yn it premilennialisme is it pretribulasjonistyske eachpunt, sa't hjir boppe beskreaun is, it oerhearskjende eachpunt, dy't de opname fan de gemeente skiedt fan it weromkommen fan Jezus. Fierders binne der noch twa eachpunten yn it premilennialisme dy't minder populêr binne, lykas it leauwen dat de opnamme yn de grutte benearing plakfynt (midtribulasjonisme) en it leauwen dat der mar in part fan de gemeente opnaam wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: