Amish

Ut Wikipedy
De hynstewein is it tradisjonele transportmiddel fan de Amish.

De Amish is in doperske protestante mienskip yn Noard-Amearika. Harren skiednis giet werom nei de reformaasje en de doperbeweging yn dy tiid. Yn it jier 1693 skieden de Amish har fan de menisten ôf. De hjoeddeistige Amish-mienskip beslacht 448 delsettings yn 28 ferskillende Amerikaanske dielsteaten en de Kanadeeske provinsje Ontario (sifers 2011). Yn Europa wenje gjin Amish mear. Yn 2011 waard de Amish mienskip op sa'n 261.150 minsken rûsd. [1]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De woartels fan de Amish lizze yn de doperbeweging yn de tiid fan de reformaasje. De menisten binne de folgers fan de Fryske doperske pryster Menno Simons. De foaroanman fan de Switserske menisten, Jakob Ammann, wie yn de twadde helte fan de 17e iuw fan betinken dat de menisten har net holden oan de lear fan Menno Simons. De folgers fan Jakob Amman wurde de Amish neamd. Yn 1693 skieden de Amish har as separate groep ôf. Yn dy tiid wennen de Amish yn Súd-Dútslân, de Elsas, en Switserlân. Troch ferfolging setten de Amish har ek nei wenjen yn Lotaringen, it Saarlân en de Palts. Yn de 18e en 19e iuw wie der in grutte emigraasje fan Amish nei Noard-Amearika. In grut part fan de lânferhuzers gong nei Pennsylvania. Dêr waarden de Amish net mear ferfolge om harren leauwen. De lêste mienskip fan de Amish yn Europa bestie oant 1941 yn Lúksemburch.[2]

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Young Center for Anabaptist & Pietist Studies fan it Elizabethtown College yn Pennsylvania hâldt sifers by fan de Amish mienskip yn Noard-Amearika. Yn 1991 wienen der 123.550 Amish yn Noard-Amearika, yn 2011 wienen der 261.150 Amish.[3][4] In trochsnee Amish-gesin hat oer it generaal sa'n 5-10 bern. It tal Amish ferdûbelet dêrtroch elke 20 jier.

Fersprieding fan de Amish oer de dielsteaten fan de Feriene Steaten en de Kanadeeske dielsteat Ontario:[5]

  1. Pennsylvania 61.270
  2. Ohio 60.885
  3. Indiana 45.825
  4. Wisconsin 15.745
  5. New York 13.230
  6. Michigan 11.880
  7. Missouri 10.060
  8. Kentucky 8.625
  1. Iowa 7.895
  2. Illinois 7.000
  3. Ontario (Kanada) 4.860
  4. Minnesota 3.275
  5. Tennessee 2.125
  6. Kansas 1.620
  7. Delaware 1.350
  8. Maryland 1.350

De namme Amish is in sammelnamme. Der binne ferskate groepen en streamingen binnen de mienskip: de Old Order Amish (95.000 leden), de New Order Amish (150.000 leden) en de Beachy Amish (9000 leden).[6] Dêrneist binne der ôfspjaltingen lykas de Swartzentruber Amish en de Troyer Amish.

It grutste part fan de Amish praat it Pennsylvania-Dútsk ('Pennsilfaani-Deitsch'). It is in 18e/19e-iuwske fariant fan it Dútsk út it suden fan Dútslân en Switserlân. Tsjinsten wurde hâlden yn it Heechdútsk of yn it Pennsylvania-Dútsk. In groeiende minderheid fan de Amish praat Ingelsk, de taal dy't se ek prate mei minsken fan bûten de mienskip. Minsken bûten de mienskip wurde troch de Amish ek wol Ingelsken neamd.

Leauwen en libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kontrast tusken moderne wrâld en in hynstewein fan de Amish.

It leauwen en it deistige libben binne by de Amish hiel sterk mei-inoar ferbûn. De grûnslach fan it leauwen leit yn de bibel. De Amish binne hiel bot tsjin heechmoed (heechhertige grutskens) en libje yn in stimming fan dimmene ûnderwurpenheid oan God. De Amish sjogge in grut ferskil tusken harsels en de wrâld om har hinne. De wrâld om har hinne sjogge de Amish as ferkeard en bedoarn troch yndividuele autonomy, jild en technology. De Amish binne pasifisten dy't in sober mienskipslibben mei dêryn in lyts plak foar ûnderwiis as ideaal sjogge.

De tsjerketsjinsten wurde om de twa wike by de leden thús hâlden. Oer it generaal duorje de tsjinsten sa'n trije oant fjouwer oeren. Der wurde twa preken hâlden, in lange en in koarte. De prekers hawwe gjin teologyske stúdzje dien. By de tsjinst wurdt oerstadich en monotoon sjongen út in sangboek út it jier 1654.[6] Nei de tsjinst ferlitte de manlju it hûs, de froulju bleauwe binnen om iten te sieden. As alle manlju iten hawwe meie de froulju ite en dêrnei it hûs oprêde.

By de Amish wurde de bern net doopt. Krekt as by oare dopersken binne de Amish fan betinken dat in minske sels by steat wêze moat om nei te tinken oer syn doop. De doop is ornearre foar folwoeksen - yn de praktyk om it 20e libbensjier hinne - dy't dêr frijwillich en bewust foar kieze. De „Rumspringa“ is in tiid dy't begjint nei it ferlitten fan de skoalle. Yn dy tiid binne de âlden wat toleranter. De jongerein mei dan de bûtenwrâld yn syn hiele hear en fear ferkenne. Mei de Rumspringa kin de jongerein sjen hoe't it libben bûten de Amish-mienskip der hinne leit en meidwaan oan aktiviteiten dy't oars yn de Amish-mienskip ferbean binne. Sa'n 85-90 persint fan de jongerein kiest nei de Rumspringa bewust foar de doop. Mei de doop slute se harsels frijwillich by de Amish oan, foar de rest fan harren libben.

Takomst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanâlds buorkje de Amish yn Noard-Amearika op it lân. In lyts tal Amish hawwe oar wurk sadat se ek mei oare minsken en saken yn kontakt komme. Dêrtroch kin it by dy kategory wêze dat sommige âlde wearden fan de Amish stadich weiwurde. Amish dy't net buorkje komme mei harren wurk gauris yn kontakt mei elektryske apparten en masines. Dêrtroch binne se twongen om dêr liberaler mei om te gean. Troch hieltyd mear kontakt mei de bûtenwrâld sjogge Amish-leden ek foardielen fan it libben bûten de Amish-mienskip. In lyts part fan de froulju wurket. Dêrtroch binne se finansjeel ûnôfhinklik, se krije nije kompetinsjes, en se hawwe frij kontakt mei de bûtenwrâld. De takomstige ferhâlding tusken tsjerke en minsken binnen de Amish mienskip lit him noch net foarsizze.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webside Amish Studies
  2. Ynformaasje oer de Amish op gameo.org
  3. Amish Studies Amish Population Trends 1991-2010
  4. Amish Studies Amish Population Trends 2009-2011
  5. Amish Studies Amish Population by State (2011)
  6. 6,0 6,1 digibron.nl Een afgezonderd volk (út it Reformatorisch Dagblad)