Springe nei ynhâld

Ype Schaaf

Ut Wikipedy

Ype Schaaf (Ljouwert, 12 april 1930Utert, 16 augustus 2003) wie in Nederlânsk predikant en sjoernalist fan Frysk komôf.

Schaaf waard yn 1959 sindingspredikant yn Kameroen nei in stúdzje teology oan de Ryksuniversiteit Grins. Doe't er werom kaam yn Nederlân yn 1968 kaam er yn tsjinst fan it Nederlands Bijbelgenootschap.

Tusken 1977 en 1990 foarme er mei Sytze Faber de haadredaksje fan it Friesch Dagblad. Hy skreau ferskate boeken, dêr't in stikmannich fan yn it Frânsk oerset binne.

Tema's dêr't er him mei dwaande hâlden hat wiene de Kristlike sinding, Afrika, Fryslân, evangeelje en kultuer. Foar de NCRV-omrop ferskynde er út en troch op telefyzje. Koart foar syn hommels ferstjerren wie er noch begûn oan in proefskrift.

  • Laarzen op de Lange Pijp. Leeuwarden in de Tweede Wereldoorlog (1994)
  • De Afrikaanse weg van Jezus (1995)
  • De blanke is gek (autobiografy) (2002)
  • Yn septimber 1996 kaam Schaaf yn opspraak, troch in fragmint fan in ynterview op NieuwsTV, dêr't er yn 'e gong wei, in jonkje dat efter him yn byld ferskynde, in klap yn it gesicht ferkeape.[1]

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Ljouwerter Krante, 11 septimber 1996, haadside