Stedsk Gymnasium Ljouwert
Appearance
It Stedsk Gymnasium Ljouwert (Stedelijk Gymnasium Leeuwarden), foarhinne ek wol Piter Jelles Gymnasium neamd, is in iepenbiere skoalle dy't it gymnasium oanbiedt. De skoalle is ûnderdiel fan skoallemienskip Piter Jelles, it hat likernôch 650 learlingen en it is te finen yn de stêd Ljouwert. De histoarje fan de skoalle giet werom nei it jier 1525. De skoalle is inkele jierren ferneamd nei Piter Jelles Troelstra.
It hjoeddeistige gebou datearret fan 1880 en ûndergie in grutte ferbouwing yn 1939.
De learlingeferiening Ljouwerter Gymnasiasten Klup waard oprjochte foar of yn 1893.
Bekende âld-learlingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ina Adema, kommissaris fan de kening yn Noard-Brabân
- Pia Dijkstra, nijslêzeresse
- Sytse Douma, bedriuwskundige
- Sahar Hbrahim Gel, asylsykster
- Wilfred Genee, presintator
- Tjalling van der Goot, abbekaat
- Iris de Graaf, ferslachjouster fan de NOS
- Joost Klein, muzikant
- Pim Kooij, histoarikus
- Itzhak de Laat, shorttracker
- Lars de Leeuw, presintator en sjoernalist
- Louis Lyklema, eardere deputearre fan Fryslân
- Piet Paaltjens, dichter
- Kik Pierie, fuotballer
- Diederik Samsom, Twadde Keamerlid foar de PvdA
- Frederik August Stoett, taalkundige
- Jacobus Johannes Westendorp Boerma, histoarikus
Bekende âld-dosinten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Eddy Scholl, earder skaakkampioen fan Nederlân.
Keppeling(s) om utens: |