Springe nei ynhâld

Iris de Graaf

Ut Wikipedy
Iris de Graaf
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 19 maart 1991
berteplak Ljouwert
wurkpaad
wurksum as 2015−2020: Ferslachjouwer NOS op 3, NOS Stories en bûtenlânredakteur NOS
2020−2023: Korrespondint Ruslân e.o.
2024-no: Nijslêzer NOS sjoernaal
medium telefyzje
wurksum by NOS
jierren aktyf 2015-no
offisjele webside
https://www.linkedin.com/in/irislarisa

Iris Larissa de Graaf (Ljouwert, 19 maart 1991) is in Nederlânske sjoernalist en presintator fan de Nederlandse Omroep Stichting. [1]

Oplieding en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Graaf groeide op yn Fryslân yn in húshâlding mei in jongere broer. Har beppe fan memmekant is Russysk. Dy waard berne yn de Sovjet Uny en waard yn de Twadde Wrâldoarloch deportearre nei Dútslân, krige dêr kunde oan in Nederlânske man en kaam sadwaande yn Fryslân teLâne. De Graaf sels trochrûn it Stedsk Gymnasium Ljouwert (2003-2009), mar wie doe ek al dwaande Russysk te learen fia in kursus op lûdskassette. Se studearre Slavistyk en Ruslânkunde oan de Ryksuniversiteit Grins (2010-2014) en hold yn it ramt fan studinteútwikseling in jier yn Sint-Petersburch ta. Se rûne yn 2016 har master mediastúdzjes en sjoernalistyk ôf. Earst wie se fan 2015 ôf online ferslachjouwer by NOS op 3 en NOS Stories, letter waard se bûtenlânredakteur út namme fan de NOS. Se wie ek in skoft ferbûn oan it Nederlands Instituut in Sint-Petersburch.

Yn maaie 2020 waard Iris de Graaf nei in sollisitaasje út namme fan de NOS en Nieuwsuur korrespondint foar Ruslân en omlizzende regio. Hja folge dêrmei David Jan Godfroid op dy ’t as korrespondint yn ’e Balkanlannen oan it wurk gie. Dy ferfanging waard fertrage omdat De Graaf yn de simmer fan 2020 troch de beheiningen fan de koroanapandemy noch gjin akkreditaasje krije kinnen hie. [2] Se woe yn har wurk foaral de klam lizze op it 'minsklik gesicht fan Ruslân'. It pakte oars út. Troch de Russyske ynvaazje fan Ukraïne yn 2022 feroare alles yn Ruslân.

Op 4 maart 2022 twittere Iris de Graaf dat se har wurk, mei op oanstean fan de NOS, tydlik trochsette soe út Nederlân wei. [3] De stap fan De Graaf folge op it beslút fan it Russyske parlemint, nei de ynvaazje, om de straffen foar it fersprieden fan saneamde falske ynformaasje slim te ferswierjen. Alles berjochten moasten konform de rjochtline fan it Russysk Ministearje fan Definsje wêze, dat wol sizze militêre sensuer. Nei twa moanne, yn juny 2022, kearde se dochs werom nei Moskou om har ferslachjouwing troch te setten.

Fanwegen har drystens en berettens wûn se yn 2022 de Woman of the Year Award fan Harper's Bazaar. [4] It radioprogramma De Taalstaat (NPO Radio 1, KRO-CV) neamde har de 'Taalstaatmeester' fan it jier 2022 foar har 'rike taalgebrûk'. [5] De Ryksuniversiteit Grins rôp har út ta 'Alumnus fan it Jier'.

De haadredaksje fan NOS Nieuws makke op acht maaie 2023 bekend De Graaf foar har feiligens foarearst opnij nei Nederlân te heljen. It beslút waard nommen om reden fan in pear resinte foarfallen, ûnder mear in langduorjende ûnderfreging op de lofthaven fan Moskou oer it Ynternasjonaal Strafhof en de arrestaasje fan har kollega Evan Gershkovich

Op 1 jannewaris 2024 waard De Graaf presintator fan it NOS Sjoernaal.[6]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: