Frederik August Stoett
Frederik August Stoett (Ljouwert, 5 maaie 1863 - Nymwegen, 27 april 1936) is in Nederlânsk taalkundige. Syn heit wie yn Ljouwert gemeente-arsjitekt.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stoett gie earst yn Ljouwert nei it Steedlik Gymnasium, en studearre dêrnei yn Leien (fan septimber 1889 ôf). Hy promovearre yn de Nederlânske letteren op 15 juny 1889. Hy wie nei 1888 learaar oan it Steedlik Gymnasium yn Amsterdam, it lettere Barlaeus Gymnasium.
Stoett troude op 23 july 1889 yn Ljouwert mei mejuffer P. van Driesum, dy't ek fan Ljouwert wie. It span krige in soan en twa dochters. De beide famkes stoaren yn 1904 oan blinetermûntstekking, se wienen doe seis en acht jier. Syn frou ferstoar, nei ôfgryslik lijen, yn 1926. Nei syn emeritaat wenne Stoett yn Groesbeek.
Neist syn wurk as learaar wijde Stoett him oan de wittenskip om de Nederlânske taal. It bekendst is hy wurden mei syn boek oer Nederlânske sprekwurden.
Stoett is begroeven op it Nije Easterbegraafplak yn Amsterdam.
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Proefskrift: Proeve eener beknopte Middelnederlandsche Syntaxis (handelstitel: Beknopte middelnedederlandsche spraakkunst. Syntaxis, De Haach 1889
- Etymology hearrende by syn proefskrift, augustus 1890
- Foltôging fan it troch Dr. G. Penon starte Glossarium op de Bloemlezing uit Middelnederlandsche dichters, mei Eelcoo Verwijs, Sutfen 1890. As titel wurdt ek wol brûkt Middelnederlandsch Woordenboek.
- Nije útjefte fan Sidrac
- Nederlandse spreekwoorden, spreekwijzen, uitdrukkingen en gezegden (1901). Mei dit boek waard Stoett benammen bekend ûnder it grutte publyk.
- Drie Kluchten uit de Zestiende Eeuw (1932)
- Dêrneist levere hy bydragen oan tydskriften lykas Noord en Zuid, Tijdschrift voor Nederlandse Taal- en Letterkunde, Nederlandse Spectator, Weekblad De Amsterdammer en Het Belfort.