Lars de Leeuw
Lars de Leeuw (Ljouwert, 7 desimber 1995) is in Frysk sjoernalist en presintator.
Stúdzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy gie fjouwer jier nei it Stedsk Gymnasium yn Ljouwert, mar hat syn middelbere skoaltiid úteinlik ôfmakke oan it Piter Jelles Ljouwerter lyseum dêr't er slagge foar syn FWU-diploma. Yn 2019 helle er syn bachelor Sjoernalistyk oan de Hegeskoalle Windesheim yn Swol.
Sjoernalist en presintator
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 2018 ôf wurket De Leeuw by Omrop Fryslân. Hy begûn dêr as stazjêr by de ynternet- en sportredaksje. Nei it heljen fan syn bachelor is er oan de slach gien as sjoernalist op de ynternetredaksje, as ferslachjouwer en as oersetter.
Sûnt novimber 2022 presintearret er it radioprogramma No yn Fryslân. Sûnt 25 septimber 2023 is er ek op telefyzje te sjen as presintator fan it nijsprogramma Fryslân Hjoed.
Programma's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- No yn Fryslân
- Fryslân Hjoed
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/1225044/in-nij-gesicht-by-fryslan-hjoed-lars-de-leeuw |