Springe nei ynhâld

Wilfred Genee

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Genee by de Iepen Dei 2009 fan FK Grins.

Wilfred Willem Jozef (Wilfred) Genee (Ljouwert, 27 juny 1967) is in Nederlânske presintator en sportsjoernalist út Soest. Op 11 april 2008 is Genee troud mei syn hjoeddeiske frou, Lily.

Genee studearre oan it Steedlik Gymnasium Ljouwert wêrnei't hy oan de Ryksuniversiteit fan Grins rjochten studearje soe. Yn dy perioade wurket hy by de lokale omrop fan Grins, Oog TV. Dêrnei sil hy ek noch wurkje foar telefyzjebedriuwen FilmNet, Sport 7, SBS 6, Canal plus en RTL 5.

By RTL 5 krijt hy syn eigen programma, Voetbal Insite, wêryn Johan Derksen de fêste tafelgast is. Ek presintearre hy by RTL 5 oare sportprogramma's oer it Dútske en it Ingelske fuotbal, Wimbledon, snoeker en darten. Dêrneist wie hy sa no en dan te sjen as presintator fan RTL Boulevard op RTL 4.

Yn 2005 lûkt Genee fan RTL 5 nei de nije telefyzjestjoerder Talpa fan John de Mol. Hjir docht hy de sportprogramma's en presintearret hy it fuotbalprogramma De Wedstrijden, dêr't de gearfettings fan de Earedifyzje te sjen binne.

Op 26 juny 2007 wurdt bekend dat Talpa, dat dan al Tien hjit, oernaam wurdt troch RTL Nederlân, wêrmei't Genee werm komt by syn âld-wurkjouwer. Fan 2007 ôf presintearret hy Voetbal Insite wer, noch hieltyd mei Johan Derksen deryn. Yn 2008 krijt dit programma in nije opset en wurdt it omneamd ta Voetbal Insite.

Sûnt de simmer fan 2008 wurket Genee ek foar it nije telefyzjekanaal fan de Earedifyzje CV, it Eardifyzjekanaal. Ek is hy sûnt 21 july 2008 te hearren as presintator by BNR Nijsradio.

Yn de simmer fan 2011 presintearet Genee it Omgong fan Frankryk programma, Tour du Jour op RTL 7, Yn de hjerst fan 2011 wûn Genee mei it RTL5 programma 'Voetbal International' de Gouden Televizier Ring.