Freeze (muzykfestival)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Freeze
plak en tiid
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan Ljouwert (gemeente).png Ljouwert (gemeente)
plak Flagge fan Ljouwert.png Ljouwert (stêd)
holden yn Neushoorn
tiid fan it jier mids desimber
bysûnderheden
soarte evenemint muzykfestival
sjenre popmuzyk
bestean 19972018
org. troch Stifting Fryslân Pop
offisjele webside
www.freeze-festival.nl

Freeze wie in Frysk muzykfestival op it mêd fan popmuzyk, dat 22 jier lang elts jier yn Ljouwert plakfûn. It wie in inisjatyf fan 'e Stifting Fryslân Pop, en waard organisearre yn mids desimber. De namme is Ingelsk foar "Befries" (útspr.: [fri:z], "friiz"), in wurdboarterij dy't sawol ferwiisde nei de winterkjeld fan desimber (wannear't it festival holden waard) as nei it derop lykjende wurd "Fries" (om't der muzyk fan Fryske bands spile waard).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Freeze waard foar it earst holden yn 1997, op inisjatyf fan 'e Stifting Fryslân Pop, dy't ek in tydskrift útbringt mei de titel Freeze. It muzykfestival waard yn desimber organisearre en fungearre benammen as poadium foar Fryske bands. Jierrenlang fûn Freeze plak yn Stedsskouboarch De Harmony, oant it yn 2016 ferhuze nei de oare kant fan it Ruterskertier, yn muzyksintrum Neushoorn, dêr't it de lêste trije jier holden waard.

De edysje fan 2018 bliek de lêste te wêzen, sa waard mids febrewaris 2019 bekend, mei't de Provinsje Fryslân foar 2019 gjin subsydzje mear jaan woe. De finansjele stipe troch de provinsje fan de Gemeente Ljouwert, mei-inoar goed foar 35.000 oant €50.000 yn 't jier, wie foar de organisaasje fan it festival in ûnmisbere pylder foar de finansiering. It weifallen fan 'e provinsjale subsydzje betsjutte dêrom de ein fan Freeze. Fryslân Pop makke tagelyk bekend dat men noch nei mooglikheden socht om guon ûnderdielen fan it festival, lykas de útrikking fan 'e Fryske Popawards en ferskate Jeropeeske útwikselings, earne oars ûnder te bringen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Haagsma, Jacob, Festival Freeze houdt ermee op, zeker in huidige vorm, yn: de Ljouwerter Krante, 15 febrewaris 2019, s. 2.