Freeze (tydskrift)
Appearance
Freeze is in Frysk blêd oer popmuzyk yn Fryslân. It blêd wurdt troch frijwilligers makke ûnder tafersjoch fan Friesland Pop. Yn it blêd stean fraachpertearen, resinsjes, demo's en konserten. By Friesland Pop stiene yn 1997 sa'n 500 bands ynskreaun. Freeze wurdt ferspraat by muzykwinkels en skoallen.
Reden fan oprjochtsjen yn 1993 wie it te min omtinken krijen fan Fryske bands yn de provinsjale parse. It earste nûmer ferskynde ûnder de namme Fuzz, neamd nei it effektpedaal fan in drumstel dat yn de alternative rock brûkt wurdt. Om it in blêd op in brede groep popmuzyk te rjochtsjen waard de namme feroare yn Freeze. Meiwurkers wiene Sjouke Nauta (haadredakteur/popkonsulint), Anja de Boer en Wyb de Boer.