Alexander Cohen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Jozef Alexander Cohen (Ljouwert, 27 septimber 1864Toulon, 1 novimber 1961 wie in Nederlânsk sosjalist, anargist, skriuwer en sjoernalist.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cohen waard berne as soan fan de winkelman Aron Heiman Cohen en Sara Jacobs. Hy waard gauris fan skoalle stjoerd, makke de HBS net ôf en kaam nei in ferbliuw by syn pake-en-beppe yn Pruisen terjochte. Dêrnei naam hy tsjinst yn it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger dêr't hy foar fergripen tsjin de dissipline trije fan de fiif jier yn it kasjot siet wêrnei't hy per 22 maart 1887 ûntslein waard. Yn dat jier fêstige hy him yn De Haach dêr't hy as korrektor wurke by Recht voor Allen, de krante fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis. By in yntocht fan Willem III yn De Haach op 16 septimber 1887 raasde Cohen: Leve Domela Nieuwenhuis! Leve 't socialisme! Weg met Gorilla!. Hy waard hjirop feroardield ta seis moannen finzenisstraf foar majesteitsskeining, en flechte nei Gint, wêrnei't hy ûnder druk fan it Nederlânsk regear troch Belgje útwiisd waard. Cohen flechte nei Parys. Hy skreau hjir artikel foar Recht voor Allen en learde dêr syn lettere frou Kaya Batut kennen.

Op 25 desimber 1893 waard Cohen Frankryk útwiisd. Dêrnei fêstige hy him yn Londen. Yn 1896 gie hy yllegaal werom nei Nederlân, dêr't hy op 12 septimber arresteard waard en doe noch syn finzenisstraf út siet omdat hy wegere graasje te freegjen. Yn 1897 fêstige hy him wer yn De Haach. Yn 1899 gie hy wer nei Parys ta, dêr't hy yn 1900 in ferbliuwsfergunning krige.

Yn 1904 die hy yn opdracht fan it Frânske regear ûndersyk nei it ûnderwiis yn Frâns-Yndosina en Nederlânsk-Ynje. Yn 1905 kaam hy werom yn Parys. Fia Kees van Dongen waard hy korrespondint fan De Telegraaf. Cohen waard op 11 novimber 1907 ta Frânsk steatsboarger naturalisearre en fêstige him yn 1917 yn de buorskip Courcelles (gemeente Trélou-sur-Marne), mar yn maart 1918 waard syn boerespultsje by it Ludendorff-offinsyf troch Dútske troepen ferwoaste. Hjirnei ferhuze hy nei Marly-le-Roi. Yn 1932 fêstige hy him yn Toulon. Syn frou ferstoar hjir yn 1959. Cohen ferstoar dêr twa jier letter, 97 jier âld.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Paradox (1897-1898)
  • Uitingen van een reactionair (1929)
  • In opstand (1932)
  • Van anarchist tot monarchist (1936)
  • Uiterst links. Journalistiek werk 1887-1896 (1980; gearstald troch Ronald Spoor)
  • Brieven 1888-1961 (1997) ISBN 9053336427

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: