Court Lambertus fan Beyma

Ut Wikipedy
Coert Lambertus fan Beyma

Koert of Court Lambertus fan Beyma (Harns, 5 febrewaris 1753 - Dronryp, 7 septimber 1820) wie gritenijsekretaris, notaris en feilingmaster, ôffurdige en deputearre yn de Fryske Steaten, foarman fan de Fryske patriotten, lieder fan in steatsgreep en balling yn Noard-Frankryk. Fan Beyma waard yn 1795 by weromkomst ôffurdige nei de Nasjonale Gearkomste.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn heit wie sekretaris by de Fryske Admiraliteit yn Harns, syn mem stamme út in Fryske aadlike famylje. As studint Rjochten hâlde Fan Beyma yn 1769 in taspraak by de komst fan steedhâlder Willem V yn Frjentsjer. Hy ferfolge syn stúdzje yn 1774 yn Leien. Court Lambertus waard folmacht nei de Fryske Steaten yn 1776. Yn 1780 waard hy ta syn frustraasje gjin grytman, mar sekretaris fan West-Dongeradiel. Yn dy funksje korrespondearre hy mei Joan fan der Kapellen tot den Pol. Tegearre makken se petysjes, û.o. om in provinsjaal leger te organisearjen, oer te gean ta erkenning fan de Feriene Steaten en de macht fan de steedhâlder te beheinen by beneamingen. Yn febrewaris 1782 waard troch Fan Beyma yn de Fryske Steaten in besyk dien it nea útfierde artikel VIII fan de Uny fan Utert, dat foarseach yn in algemiene folksbewapening, te effektuerjen.[1] Doe't Fan Beyma yn 1783 in súksesfol bûnsgenoatskip tusken acht stêden ta stân brocht hie, wûnen de patriotten yn de Fryske stêden oan ynfloed en macht.[2] Troch it opstellen fan in reaster waard it mooglik wichtige posten binnen de Provinsjale Steaten op demokratyske wize rûlearje te litten; Harns, Warkum en Starum protestearden.

In provinsjaal leger dat inkele moannen nei de Tsjetteloarloch en it fuortgean fan de hartoch fan Brunswyk yn jannewaris 1785 formearre waard, rôp fûl ferset op by de aristokraten. De measte aristokraten wiene republikeinsk, hienen net folle op mei demokratisearring en heakken ôf. De Fryske Steaten rekken hieltyd mear ferdield, benammen doe't de steedhâlderlike famylje yn septimber 1785 De Haach ferlitten hie en de gewesten ôfreizge om stipe te sykjen. Yn Ljouwert is op 15 oktober in nij regearingsreglemint presintearre, dat pas op 1 juny 1787 yn wurking gean soe, mei strangere easken oan nije froedskipsleden.[3]

Utert[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjin augustus 1786 besocht Fan Beyma mei J. Roorda, A.C.J. de Beere, Cornelis van den Burg en J.L. Huber, de lanlike byienkomst fan frijkorpsen en eksersysjegenoatskippen yn Utert, saneamd allinnich om te hearren en te sjen. De Utertse patriotten makken linich gebrûk fan it besyk fan mear as 13.000 frijkorporisten en safolle kopstikken oan de stêd. Net allinnich H.W. Daendels, in jonge jurist út Hattem, mar ek Gerrit Paape, de sjoernalist út Delft, Piter Vreede, in tekstylfabrikant út Leien en John Adams, doe noch gesant yn de republyk, wienen oanwêzich. Op woansdeitemoarn 2 augustus 1786 waarden ten oerstean fan de samle eksersysjegenoatskippen 16 "demokratysk" keazen patriotten yn de Utertse froedskip beëdige. Fan Beyma sette de oare dei ôf en joech it foarsitterskip oer oan Jacob fan Manen, sekretaris fan it Utertse frijkorps.[4] It is net ûnmooglik dat Fan Beijma, dy't - blikens advertinsjes yn de Ljouwerter Krante út dy dagen - wykliks iepenbiere ferkeapings liede, net langer by de parades en feesten oanwêzich wêze koe.

Frjentsjer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn augustus 1787 late Fan Beyma in kûp yn de Fryske Steaten, neidat dy ferbea stipe oan Hollân te ferlienen. (It gewest Hollân waard bedrige mei in besetting troch in Pruisysk leger, omdat it gjin ferûntskuldigingen oanbiede woe nei de oanhâlding fan Wilhelmina fan Pruisen). Mei in tsiental meistanners setele Fan Beyma him yn Frjentsjer. Wylst organisearre men oanfier fan munysje fia Makkum en de ferdigening fan Frjentsjer. In fleanend legerke frijwilligers besette in oantal Fryske stêden om de ferdielde froedskippen ûnder druk te setten de Pretense Steaten te erkennen en jild binnen te krijen. By tichterbykommen fan de Pruisyske troepen rekke Fan Beyma yn panyk en drigde de diken by De Lemmer troch te stekken. Doe't op sneintemiddei 23 septimber 1787 -- nei de tsjerketsjinst -- dúdlik wie dat der net genôch steun fan de befolking wie, de finansjele middelen beperkt wienen en Frankryk net helpe soe, waard de patriotten yn Fryslân oanrieden de flechtsjen. Troch de hastige ôftocht lieten Fan Beyma of syn sekretaris Van Altena belangrike en belestende declaratoiren (pleidoei foar it werstel fan rjochten en frijheden) yn in kastke lizze, sadat it twa jier letter foar Justysje maklik wie in grutte groep patriotten út Fryslân te feroardielen: 19 út Frjentsjer, 12 út Boalsert en twa út Ljouwert. Johan Valckenaer, de pedante ex-heechlearaar út Frjentsjer, en syn reisgenoat tusken Amsterdam en Brussel, naam him net allinnich de kûp mar ek syn sleauwens kweaôf.[5]

Sint-Omaars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei in besite oan Parys krige Fan Beyma it behear en besliste oer de hichte fan de útkearings oan de patriotten yn Noard-Frankryk. Dêrby ûntstie opnij spul mei Valckenaer. De bannelingen rekken ferdield oer de te folgjen taktyk. Der ûntstie in ferdieling yn Valckenaeristen en Beymanisten, dy't útfochten is yn pamfletten. De twist berikte yn 1791 in hichtepunt. Valckenaer krige fan Fan Beyma gjin uitkearing. Valckenaer wûn lykwols de steun fan de patriottyske leden fan it eardere politike establishment.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. H. Spanninga (1987) Begjinsel en belang by C.L. van Beyma, p. 35. Yn: For uwz lân, wyv en bern. De patriottentijd in Friesland. Under redaksje fan W. Bergsma, C. Boschma, M.G. Buist en H. Spanninga, .
  2. Yn de resolúsjes fan de froedskip fan Boalsert dd. 29 novimber 1782 en fan 15 maaie 1783 en de Konvinsje fan Dokkum fan 27 juny 1783 waard de macht fan de steedhâlder oangeande it ferjaan fan saneamde ambulatware amten beheind.
  3. Tegenwoordige Staat van Friesland (1789), deel IV, side 709.
  4. Algemien Ryksargyf 2.21.057, argyf P.A. Dumont-Pigalle, inv. nr. 87: Handelingen en Besluiten van de Algemeene Vergadering der Gewapende Burger-Corpzen Provintialiter gehouden binnen Utrecht op den 1 Augustus 1786 en volgende dagen; H.T. Colenbrander (1898) De patriottentijd. Hoofdzakelijk naar buitenlandsche bescheiden. Deel II 1784-1796, p. 255
  5. Roosendaal, J. (2003) Bataven! Nederlandse vluchtelingen in Frankrijk 1787-1795, p. 217.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Kuiper, J. - (2002) Een revolutie ontrafeld. Politiek in Friesland 1795-1798.