Johan Valckenaer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Johan Valckenaer

Johan Valckenaer, (Frjentsjer, 12 jannewaris 1759 - Bennebroek, 25 jannewaris 1821) wie in jurist en patriot.

Valckenaer wie in soan fan Loadewyk Kaspar Valckenaer, heechlearaar Gryksk oan de Universiteit fan Frjentsjer, en Johanna van der Streng. Yn 1766 waard syn heit de opfolger fan Tiberius Hemsterhuis yn Leien. Syn famylje wie besibbe oan de Luzacs, útjouwers fan de ynternasjonaal remonnearre krante Gazette de Leyde. Johan en Emilie Luzac wiene syn neef en nicht.

Valckenaer promoverre yn 1781 en wie dêrnei heechlearaar oan de Hegeskoalle fan Frjentsjer tusken 1781-1787. Hy stie ûnder ynfloed fan Voltaire en Rousseau. Om syn aktykf patriottisme waard er op 16 maaie 1787 ûntslein, tagelyk mei Samuel Manger, Gadso Coopmans en Theodorus van Kooten. Waard lieder fan de ballingen yn Frankryk en Belgje, dêr't er spul krige mei syn freon Court Lambertus fan Beyma. Spile in grutte rol yn de Bataafske Republyk (oant 1823). Yn 1795 sluet er him oan by de jakobinen, wie 1795-1796 noch heechlearaar yn Leien.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: