Nordwin Kolleezje

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Nordwin Kolleezje
Nordwin College
Nordwin College logo.png
algemiene ynformaasje
hist. namme AOC Friesland
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
type org. skoalle
wurkmêd fuortset ûnderwiis
haadkertier Ljouwert (Fryslân)
oprjochte 1990
offisjele webside
www.nordwincollege.nl

It Nordwin Kolleezje (Nederlânsk en offisjeel: Nordwin College), foarhinne bekend as AOC Friesland, is in regionaal opliedingesintrum foar oan fieding-, natoer- en miljeurelatearre opliedings yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Nordwin Kolleezje waard yn 1990 oprjochte troch in fúzje fan ferskate pleatslike lânbouskoallen yn Fryslân.[1] It kaam doe AOC Friesland te hjitten (AOC stiet foar Agrarisch Opleidingencentrum). Per 1 septimber 2012 waard de namme fan 'e skoalle feroare yn Nordwin Kolleezje.[2]

Ein maaie 2020 waard bekend dat it Nordwin Kolleezje mei yngong fan it skoaljier 2021-2022 opgiet yn Aeres, in koepel foar 'grien' ûnderwiis yn 'e midden fan Nederlân mei de haadfêstiging yn Almeare. De namme 'Nordwin' sil dan ferdwine. De hoop fan it skoalbetsjoer fan it Nordwin Kolleezje is dat dit de skoalle wer yn kalmer farwetter bringe sil nei't der yn 2018 ûntstjoer ûntstien wie troch in ferneatigjend rapport fan 'e Underwiisynspeksje, noch datselde jiers folge troch in heechoprinnend konflikt tusken Nordwin-topman Ton Stierhout en de ried fan tafersjoch, dy't foar de rjochter útfochten waard en einige yn it ûntslach fan Stierhout.[3]

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Nordwin Kolleezje hat seis ûnderskate fêstigings. De ried fan bestjoer en de haadfêstiging befine har yn Ljouwert. Oare ûnderwiislokaasjes binne ferspraat oer Bûtenpost, It Hearrenfean, en Snits.

De organisaasje fan it Nordwin Kolleezje bestiet út fjouwer pylders, te witten:

Yn totaal folgje likernôch 1.400 learlingen vmbo-ûnderwiis oan it Nordwin Kolleezje. Per fêstiging bestiet it vmbo-learlingebestân út likernôch 350 oant 400 learlingen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Van Tuinbouwschool naar AOC, op BinnenBuitenpost.nl
  2. AOC wordt Nordwin College, op Wâldnet, 4 septimber 2012
  3. Jong, Marissa de, Minister geeft groen licht voor fusie: naam Nordwin College verdwijnt, yn: de Ljouwerter Krante, 27 maaie 2020, s. 2.