Springe nei ynhâld

Keramykmuseum Prinsessehof

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan It Prinsessehof)
It Prinsessehof
Ytkeamer Marijke Meu mei har portret
De fiif bylden yn de tún fan museum It Prinsessehof

Keramykmuseum Prinsessehof is in museum oan de Grutte Tsjerkestrjitte 11 yn Ljouwert. It museum sit yn in yn 1693 boud hearehûs mei de status fan ryksmonumint, eigentlik in lyts stedspaleis.

It museum waard yn 1917 fêstige yn de eardere stedspaleis fan prinsesse Marijke Muoi, Maria Louise fan Hessen Kassel, prinsesse fan Oranje Nassau. Doe krige de grutte kolleksje ierdewurk, tegels en porslein fan Nanne Ottema dêr in plak.

It gebou bestiet út in ± 1622 boud gedielte en de restanten fan de Papingastins dy’t mooglik út de 15e iuw komt. Yn 1644 kaam it yn eigendom fan it laach Aylva. Yn 1731 waard it as residinsje oankocht troch Maria Louise fan Hessen-Kassel, yn de folksmûle Marijke Meu, de widdo fan Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz, steedhâlder fan Fryslân, foarâlder fan it hjoeddeiske Nederlânsk keningshûs. Hja boude in grutte samling keramyk op, dy’t no ûnderdiel is fan de kolleksje fan it Keramykmuseum.
Letter waard it pân yn 3 wenhuzen opsplitst; yn it middelste dêrfan is yn 1898 de ferneamde grafikus M.C. Escher berne.

Nanne Ottema hie in notariskantoar oan de prins Hindrikstrjite yn Ljouwert. Hy wist in soad oer Aziatysk keramyk en pubisearre yn 1943 syn hânboek: "Chinese keramiek". Hy wie spesjaal ynteressearre yn Aziatysk ierdewurk trochdat dat de Jeropeeske styl beynfloede. Hy koe hast alles beskriuwe mar slagge der net yn om de eftergrûnen fan "Beppes faaske" te finen. It hat by him op it buro stien en hat him syn libben lang dwers sitten. De lettere direktrise Barbara Harrisson fûn út dat it in net sa bysûnder Sineesk faaske út de 18e iuw wie. Hy bewarre syn samling by him thús en op de souder fan de eardere ambachtsskoalle yn Ljouwert, tsjinoer de Koepeltsjerke.

Ottema wie ek mei-oprjochter fan It Fryske Gea, it Ottema-Wiersma reservaat is nei him neamd.

Objekt fan Karel Appel

It museum hat sa'n 21 sealen mei samlingen út Jeropa en Aazje, yn de bibleteek steane sa'n 35000 boeken oer keramyk. De foarwerpen binne oardere yn 4 groepen:

  • Aziatyske, benammen Sineeske keramyk en porslein 2800 f.Kr.- 1900 n.Kr.
  • Tegels en potguod (islamityske lannen) út it Midden-Easten, de âldste binne fan 1000 foar Kristus.
  • Europeeske keramyk (û.o. Wedgwood, Meissen) 15e- 19e iuw
  • Jugendstil en Art Deco - objekten fan ierdewurk en porslein, ± 1885-1940
  • Moderne keramyske objekten ( ± 1950- no)
  • It noch folslein ynrjochte atelier fan de Nederlânsks keramist Jan van der Vaart
  • Stylkeamer (Nassaukeamer): de yn barokstyl ynrjochte ytkeamer fan prinses Maria Louise fan Hessen-Kassel, nei wa’t it gebou neamd is, mei fraai porslein.
  • Yn de tún steane fiif bylden dy't taskreaun binne oan Jan van Logteren (foár 1738): Fiif tekens an de diereriem: Raam, Kreeft, Skealings, Skorpioen en Bôgesjitter.

Der is ek in soad keunst út Nederlânsk Ynje dy't Anne Tsjibbes van der Meulen út Burgum, de soan fan Tsjibbe Gearts van der Meulen, samle hat. De samling hie dêrfoar yn Burgum te sjen west yn in Yndysk museum. Beide manlju hawwe letter tegearre war dien om it Prinsessemuseum fierder út te wreidzjen.

Yn 1982 is der by it 75-jierrich bestean fan it museum in grutte eksposysje hâlden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: