Anne Tsjibbes van der Meulen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Anne Tsjibbes optoaid as Egyptysk foarst
Boarne: www.burguminfo.nl

Anne Tsjibbes van der Meulen (Burgum, 17 desimber 1862 - Kaïro, 10 jannewaris 1934) wie ûnderwizer en samler fan Yndyske âldheden dy't mei de basis foarmen fan de kolleksje fan it Princessehof.

Anne wie de soan fan Tsjibbe Gearts van der Meulen. Hy gie yn 1886 nei Semarang yn Nederlânsk-Ynje en samle dêr Yndyske en Sineeske âldheden. Fanwege sykte gie er yn 1892 werom nei Nederlân. Neifolgjend reizge er trije jier troch Europa en moetet in protte keunstners. Van der Meulen spriek ferskate talen, sa as Maleisk, Italjaansk, Spaansk en Dútsk. Doe't er yn 1907 weris yn Burgum kaam rjochte hy dêr in Yndyskmuseum op. De kolleksje fan it museum waard yn 1917 troch Nanne Ottema kocht en nei Ljouwert oerbrocht. De samling foarme de grûnslach fan Keramykmuseum It Prinsessehof.

Nei 1921 by in ferbliuw yn Kairo ûtdekt Van der Meulen syn passy foar âld glês. Hy bout stadichoan in grutte samling âld glês op, geve objekten en skerven, dy't er op syn keamers yn Hotel Luna yn Kairo útstalt. It âldste glês is fan om 1500 foar Kristus hinne. Nei syn ferstjerren yn 1934 wurdt de kolleksje oerbrocht nei it Ryksmuseum fan Aldheden yn Leien. [1]

Van der Meulen hold in deiboek by oer syn sammeljen en joech lêzingen, dêr't ien fan publisearre is ûnder de titel Oud Glas (1931).

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earst ein 2009 wurdt Van der Meulen syn glêssamling út it depot helle en wurdt de útstalling Pasja van het Glas ynrjochte.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red., Ensyklopedy fan Fryslân, (Amsterdam: Elsevier, 1958) Meulen, Anne Tsjibbes van der.
  1. Trouw, 20 maaie 2010. Een passie voor scherven en glas