Papingastins (Ljouwert)

Ut Wikipedy
Papingastins of Liauckemahûs

De Papingastins ek wol Liauckemahûs wie in stins yn Ljouwert yn de Grutte Tsjerkestrjitte nûmer 13. De stins is no ûnderdiel fan Keramykmuseum It Princessehof en fia it Princesshof tagonklik.

It hûs waard al neamd foar 1580. Op it steed stie al in âlder gebou, dat bewenne waard troch it út East-Dútslân kommende aadlik laach Papinga. Fan 1580 oant 1644 wie it gebou eigendom fan it laach Liauckema. Oan de tapaste bakstien fan al lyts formaat en de balklaach besteande út moer- en bernebynten meti rynsk profilearre, út hout en natuerstien gearstalde, sleutelstikken te sjen kin de no noch oanwêzige stins yn de twadde helte fan de 16e iuw boud wêze; mooglik yn 1580.

De stins hat de tradisjonele L-foarmige plattegrûn mei de treptoer yn de hoeke. De tagong wie yn de toer. Neffens de kapekonstruksje is de westlike fleugel wat letter byboud. De kelders binne oerwulft. De stins hie in eigen slotkapel. De fierdere ûntwikkeling fan de stins is net los te sjen fan dy fan de westlik lizzende Prinsessehof.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1580 - 1644 famylje Liauckema.

1765 Geert Wybes van der Bles, masterbakker en belestingûntfanger. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Aardrijkskundig Woordenboek van Van der Aa
  • Langs stinsen, states en andere voorname huizen in Friesland, 1979

  1. Historisch Centrum Leeuwarden / Leovardia, 2000-18 1-sept., s.14