Pride Ljouwert
| Pride Ljouwert Pride Leeuwarden | ||
| plak en tiid | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | ||
| holden yn | greften fan 'e Ljouwerter binnenstêd | |
| tiid fan it jier | ein maaie / begjin juny | |
| bysûnderheden | ||
| oare namme | GayStraightParade | |
| oanlieding | tolerânsje foar homoseksualiteit | |
| soarte evenemint | optocht fan boaten | |
| bestean | 2015 – no | |
| org. troch | Leeuwarden Studiestad | |
| offisjele webside | ||
| www.leeuwardenstudiestad.nl/evenementen/pride-leeuwarden-2018 | ||
Pride Ljouwert (útspr. "praaid"; Nederlânsk en offisjeel: Pride Leeuwarden) is in optocht fan boaten troch de greften fan 'e Ljouwerter binnenstêd yn it ramt fan it Frysk StrjitFestival.[1][2]
Opset en opbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bedoeling fan dit evenemint is om it belang fan 'e tolerânsje foar homoseksuëlen, lesbiënnes, biseksuëlen en transseksuëlen út te dragen.[2][3] De optocht bestiet út preamen, om't de boaten ûnder fêste brêgen troch kinne moatte.[2] De optocht giet mank mei in protte rôze ballonnen, reinbôgeflaggen, ABBA-muzyk en manlju yn frouljusklean.[1][2] It evenemint bestiet út twa ûnderdielen: de Pride Parade, de eigentlike optocht, dy't sa'n twa oeren duorret en midden op 'e dei plakfynt, en de Pride Party, in feest dat dêrnei begjint en trochgiet oant midsnacht.[3] Yn 2018 waard dat feest holden op it Mata Hariplein, oan it Ruterskertier, dêr't û.m. it duo Loïs Lane in optreden fersoarge.[2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pride Ljouwert begûn yn 2015 ûnder de namme GayStraightParade,[1][2][3] as ûnderdiel fan it Simmerfestival fan dat jier, mei in optocht fan trije boaten.[1][2] Yn 'e jierren dernei bestie de grutste optocht út sân boaten,[2] mar yn 2018 diene der ynienen 27 preamen mei.[1][2] Dat jiers wie ek de earste kear dat de organisaasje efter de optocht, Leeuwarden Studiestad, gearwurke mei oare organisaasjes, lykas it COC, Neushoorn en Dizz Events.[2]
Tagelyk mei dy groei krige it evenemint ek syn hjoeddeistige namme.[3] Neffens Leeuwarden Studiestad wie dat om't men in wat algemienere namme hawwe woe, dy't foar de rest fan 'e wrâld maklik te pleatsen wêze soe.[2][3] Boppedat, sa sei wurdfierster Talitha Boersma yn it fraachpetear mei de Ljouwerter Krante, binne de dielnimmers hartstikkene grutsk (pride is it Ingelske wurd foar "grutskens") op wa't se binne en op Ljouwert.[2]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|