Springe nei ynhâld

ABBA

Ut Wikipedy
ABBA
band
It logo fan ABBA, dat yn 1976 ûntwurpen waard troch Rune Söderqvist.
It logo fan ABBA, dat yn 1976 ûntwurpen
waard troch Rune Söderqvist.
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Sweedsk
sjongtaal Ingelsk (ek Sweedsk en Spaansk)
sjenre popmuzyk, poprock, disko
bestean 1972-1982
2016-no
label(s) Polar, Polydor, Atlantic, Epic,
RCA Victor, Vogue, Sunshine
prizen Eurofyzjesongfestival (1974)
Edison (1978)
World Music Award (1993)
webside abbasite.com
leden
Agnetha Fältskog
Björn Ulvaeus
Benny Andersson
Anni-Frid Lyngstad
Dizze side giet oer de Sweedske band ABBA. Foar oare betsjuttings, sjoch: Abba (betsjuttingsside).

ABBA wie in almeast yn it Ingelsk sjongende Sweedske band dy't yn 1972 foarme waard troch sjongsters Agnetha Fältskog en Anni-Frid Lyngstad, gitarist en sjonger Björn Ulvaeus en pianist en sjonger Benny Andersson. De namme bestiet út 'e inisjalen fan 'e foarnammen fan 'e leden. De muzyk fan ABBA kin kwalifisearre wurde as popmuzyk, poprock en disko. De band krige ynternasjonale bekendheid troch it winnen fan it Eurofyzjesongfestival fan 1974 mei it liet Waterloo.

Neitiid groeide ABBA út ta ien fan 'e meast kommersjeel súksesfolle formaasjes út 'e skiednis fan 'e popmuzyk, dy't fan 1974 oant 1982 yn in protte lannen allegeduerigen boppe-oan yn 'e hitlisten stie mei wiidferneamde hits as Dancing Queen, Money, Money, Money, Knowing Me, Knowing You, The Name of the Game, Take a Chance on Me, The Winner Takes It All, Mamma Mia, Super Trouper, One of Us, Happy New Year, Thank You for the Music en The Day Before You Came. Neffens guon skattings waarden der wol 500 miljoen platen fan ABBA ferkocht. It wie de earste band út in net-Ingelsktalich lân dy't oanhâldend súkses yn Ingelsktalige wrâld hie.

Nei't ABBA ein 1982 útinoarfallen wie, waard it wurk fan 'e band fan 1989 ôf op 'e nij útbrocht, mei nije populariteit ta gefolch. Der waarden in musical (Mamma Mia út 1999) en twa films (Mamma Mia! út 2008 en Mamma Mia! Here We Go Again út 2018) omhinne makke. De muzyk fan ABBA is oant hjoed de dei tige by tige populêr yn hast de hiele wrâld. Yn 2021 brocht de band nei fjirtich jier wer in nije album út.

Begjin: 1972–1973

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lettere leden fan ABBA, Björn Ulvaeus, Benny Andersson, Agnetha Fältskog en Anni-Frid Lyngstad, wiene ein 1960-er jierren allegear al belutsen by de Sweedske muzykyndustry. Se metten inoar fan 1968 ôf yn ferskate gearstallings en wurken yn april 1970 foar it earst mei syn fjouweren gear doe't se in optreden fersoargen foar de Sweedske troepen dy't as ûnderdiel fan in fredesmacht fan 'e Feriene Naasjes op Syprus legere wiene. Yn novimber 1970 brochten se mei syn fjouweren in earste single út, it Sweedsktalige Hej, Gamle Man ("Hee, Aldman"), in liet oer in âlde Heilsoldaat. Se namen de namme Björn & Benny, Agnetha & Anni-Frid oan en mei stipe fan Stig Anderson, de oprjochter en eigner fan platemaatskippij Polar Music, waard yn juny 1972 de earste Ingelsktalige single People Need Love útbrocht, dy't yn Sweden it santjinde plak behelle en ek yn guon oare lannen yn 'e hitlisten kaam.

ABBA (dat doe noch net sa hiet) by in optreden yn 1973.

Ein septimber 1972 sette it fjouwertal útein mei de opnamen foar harren earste album, Ring Ring, mei û.o. it nûmer Nina, Pretty Ballerina, dat in top 10-hit waard yn Austraalje. It album die it ek goed op it fêstelân fan West-Jeropa en yn Súd-Afrika, mar in trochbraak yn it Feriene Keninkryk en Noard-Amearika bleau út. Doe't Agnetha Fältskog yn 1973 befoel fan har earste bern, waard se foar in toernee yn West-Dútslân ferfongen troch Inger Brundin. Letter dat jier sette muzykprodusint Stig Anderson, dy't syn nocht hie fan 'e bombidige namme Björn & Benny, Agnetha & Anni-Frid útein mei it ferwizen nei de band as ABBA, in letterwurd gearstald út 'e inisjalen fan 'e foarnammen fan 'e leden. Om dêr de offisjele namme fan it meitsjen, moast lykwols ûnderhannele wurde mei it bedriuw Abba Seafood, dat yn Sweden de rjochten op dy namme yn besit hie. Mids oktober 1973 fûn de formele omneaming plak, wêrnei't yn maaie 1976 foar de band it bekende logo mei de horizontaal spegele earste B ûntwurpen waard troch Rune Söderqvist.

Trochbraak: 1973–1975

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1973 die ABBA mei it liet Ring Ring in goai nei de Sweedske dielname oan it Eurofyzjesongfestival, mar dat slagge net. In jier letter, yn 1974, waard de band troch de Sweedske organisaasje fan it nasjonale Melodifestval útnûge om jitris in liet yn te stjoeren. Mei it fleurige Waterloo besochten se it op 'e nij. Diskear waarden se útornearre foar de Sweedske ynstjoering nei it Eurofyzjesongfestival, dat se op 6 april 1974 yn it Ingelske Brighton wûnen. Waterloo waard in ûnbidich grutte hit en soarge foar de ynternasjonale trochbraak fan ABBA, ek yn Ingelsktalige lannen lykas it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten. Yn 'e Amerikaanske Billboard Hot 100-hitlist behelle it liet it 6e plak. It album Waterloo as gehiel die it alteast yn Noard-Amerika net sa geweldich, mar ûntfong frijwol unanime lof fan 'e Amerikaanske muzykkritisy. De folgjende single fan ABBA, Honey, Honey berikte it 27e plak yn 'e Billboard Hot 100 en it 2e plak yn 'e hitlisten fan West-Dútslân.

ABBA gie yn novimber 1974 op toernee troch Denemark, West-Dútslân en Eastenryk, mar dat waard net sa'n grut súkses as de band hope hie. De measte konserten wiene net útferkocht en by guon gie de kaartsjeferkeap sa min dat se ôfsein wurde moasten, lykas by it iennichste plande konsert yn Switserlân. It twadde diel fan it toernee, dat de band yn jannewaris 1975 dwers troch Sweden, Noarwegen en Finlân fierde, wie datoangeande stikken better. De single I Do, I Do, I Do, I Do, I Do, dy't mids 1975 útkaam, wie in súkses op it fêstelân fan Jeropa, mar die net in soad yn 'e Ingelsktalige lannen. Letter dat jier kaam it trêde album fan 'e band út, mei as titel ienfâldichwei ABBA. Dêrfan behelle de single SOS it 6e plak yn 'e Britske hitlisten, wylst Mamma Mia in nûmer 1-hit waard yn it Feriene Keninkryk, West-Dútslân en Austraalje.

ABBA op 'e Nederlânske tillefyzje yn AVRO's TopPop, yn april 1974. Mei de klok mei fan loftsboppen: Benny Andersson, Björn Ulvaeus, Agnetha Fältskog en Anni-Frid Lyngstad.

Heechtijdagen: 1976–1977

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maart 1976 brocht ABBA by Polar Music syn earste kompilaasje-album út, Greatest Hits, ek al hie de band doe noch mar seis top 40-hits hân yn it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten. Nettsjinsteande dat waard it it earste nûmer 1-album fan ABBA yn it Feriene Keninkryk. Yn 'e Feriene Steaten briek de band mei Greatest Hits foar it earst troch yn 'e top 50 fan 'e albumlisten. Op Greatest Hits stie ek in nije single, Fernando, dy't yn trettjin lannen it 1e plak yn 'e histlisten berikte, wêrûnder it Feriene Keninkryk, West-Dútslân, Súd-Afrika en Austraalje, en dêr't mear as 10 miljoen eksimplaren fan ferkocht waarden. Yn Austraalje behold de single it 1e plak 14 wiken lang, en behelle sa in dield rekôr mei Hey Jude fan The Beatles. Yn 'e Feriene Steaten berikte Fernando it 13e plak yn 'e Billboard Hot 100. Om deselde tiid hinne brocht ek RCA Records in sammelalbum fan ABBA út, mei as titel The Best of ABBA, dat yn Austraalje mar leafst 22 kear platina waard.

It fjirde studio-album fan ABBA, Arrival, wie in nûmer 1-bestseller yn West-Jeropa en Austraalje. Der kaam hit nei hit út fuort, lykas Money, Money, Money (nûmer 1 yn West-Dútslân en Austraalje) en Knowing Me, Knowing You (de 6e opienfolgjende nûmer 1 fan ABBA yn West-Dútslân en ek nûmer 1 yn it Feriene Keninkryk en Súd-Afrika). Mar de echte sensaasje wie it nûmer Dancing Queen, dat net inkeld de nûmer 1-posysje berikte yn Austraalje, Súd-Afrika, West-Dútslân, it Feriene Keninkryk en grut tal oare Westjeropeeske lannen, mar foar it earst ek yn 'e Feriene Steaten. Tsjin dy tiid hie ABBA syn posysje as ien fan 'e populêrste bands aller tiden konsolidearre yn West-Jeropa (ynkl. it Feriene Keninkryk), Súd-Afrika, Austraalje en Nij-Seelân, mar yn 'e Feriene Steaten soe de populariteit yn ferhâlding noch in skoft minder bliuwe. Wol briek de band mei Arrival einlings troch yn 'e Amerikaanske albummerk mei in gouden plaat en it 20e plak yn 'e Billboard 200-albumlist.

Yn jannewaris 1977 gie ABBA op syn earste grutskalige toernee. De leden fan 'e band waarden doe sjoen as superstjerren, en konserten yn Goateburch, Kopenhagen, Berlyn, Keulen, Amsterdam, Antwerpen, Essen, Hannover, Hamburch, Manchester, Birmingham, Glasgow en Londen wiene folslein útferkocht. Foar de kaartsjes foar de beide konserten yn Londen allinnich al wiene 3,5 miljoen gadingmakkers, wêrmei't de konsertseal 580 kear oan 'e râne ta fol kinnen hie. Nei it Jeropeeske toernee reizge ABBA yn maart 1977 troch nei Austraalje, dêr't by 11 konserten yn û.m. Sydney, Melbourne en Adelaide foar in publyk fan yn totaal 160.000 minsken spile waard. Fan it Australyske toernee waard troch regisseur Lasse Hallström de lange dokumintêre ABBA: The Movie makke.

Benny Andersson en Anni-Frid Lyngstad (foaroan) komme oan op Schiphol yn 1976.

It fyfde studio-album fan 'e band, mei as titel ABBA: The Album kaam út yn desimber 1977, en brocht ferskate nije wrâldwide hits fuort: The Name of the Game en Take a Chance on Me, dy't allebeide it 1e plak yn 'e Britske hitlisten hellen en yn 'e Amerikaanske Billboard Hot 100 it 12e, resp. 3e plak berikten. Hoewol't Take a Chance on Me net it earste plak yn 'e Amerikaanske hitlisten helle, wie it de grutste hit fan ABBA yn 'e Feriene Steaten, dêr't mear eksimplaren fan ferkocht waarden as fan Dancing Queen. ABBA: The Album omfette ek it nûmer Thank You for the Music, de B-kant fan 'e single Eagle, dy't ûnferwachts in hit waard en dêrom yn 1983 dochs noch as A-kant-single útbrocht waard yn it Feriene Keninkryk en Ierlân. Thank You for the Music ûntjoech him ta it populêrste en bekendste liet fan ABBA dat ûnder it bestean fan 'e band nea as single útkaam.

Heechtijdagen: 1978–1981

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin 'e ein fan 1978 wie ABBA ien fan 'e grutste bands fan 'e wrâld, dy't sels súkses hie efter it Izeren Gerdyn; yn 'e Sovjet-Uny waard de band betelle yn ierdoalje fanwegen it Westerske embargo fan 'e Russyske roebel. Op 9 jannewaris 1979 spile ABBA op it Music for UNICEF Concert by de Algemiene Gearkomste fan 'e Feriene Naasjes yn New York, dat holden waard ta gelegenheid fan UNICEFs 'Jier fan it Bern', it nûmer Chiquitita. De single fan dat liet waard de wyks dêrop útbrocht en berikte it earste plak yn 'e hitlisten yn tsien lannen. It sechsde studio-album, Voulez-Vous, waard yn april 1979 útbrocht. Njonken Chiquitita stiene dêrop ek lieten as Does Your Mother Know, Angeleyes en Voulez-Vous, dy't it tige goed diene yn it Feriene Keninkryk, mar minder op it fêstelân fan Jeropa. I Have a Dream wie in hit yn it Feriene Keninkryk en Jeropa en berikte yn Kanada it earste plak yn 'e hitlisten (de earste nûmer 1-hit fan ABBA yn dat lân sûnt Fernando).

Mids septimber sette ABBA útein mei in nij toernee, diskear mei 17 konserten yn Noard-Amearika en oanslutend nochris 23 yn West-Jeropa. It earste konsert fûn op 13 septimber plak foar 14.000 man yn in smoarfol Northlands Coliseum yn it Kanadeeske Edmonton. Oare konserten waarden holden yn û.o. New York, Boston, Washington, D.C. en Toronto. Neitiid spile de band û.m. seis folslein útferkochte konserten yn 'e Wembley Arena yn Londen. Yn oktober 1979 kaam in nij kompilaasje-album fan 'e band út, mei as namme Greatest Hits Vol. 2. Dêrop stie ek it nije liet Gimme! Gimme! Gimme! (A Man after Midnight), dat it 3e plak yn 'e hitlisten berikte yn sawol it Feriene Keninkryk as West-Dútslân.

Agnetha Fältskog by in konsert yn Oslo op 28 jannewaris 1977.

Yn maart 1980 die ABBA Japan oan, dêr't de band op 'e Ynternasjonale Lofthaven Narita yn Tokio bestoarme waard troch tûzenen fans. De band spile yn Japan alve folslein útferkochte konserten. Mids 1980 brocht ABBA de single The Winner Takes It All út, in grutte hit yn in grut tal lannen, wêrûnder it Feriene Keninkryk. Yn 'e Feriene Steaten brocht it liet it ta nûmer 8 yn 'e Billboard Hot 100. De liettekst waard rûnom misbegrepen as kommentaar op 'e skieding fan Ulvaeus en Fältskog; Ulvaeus, dy't de tekst skreau, sei dat The Winner Takes It All net oer harren priveelibben gie, en Fältskog ferklearre ferskate kearen dat sy net de 'ferliezer' yn 'e skieding wie. It liet waard ein 1980 yn it Frânsk en yn in justjes oanpaste foarm troch Ulvaeus en Andersson produsearre foar de Frânske sjongster Mireille Mathieu ûnder de titel Bravo, Tu As Gagné. Yn novimber fan dat jier kaam it sânde studio-album fan ABBA út, Super Trouper, mei behalven The Winner Takes It All ek de hit Super Trouper, de lêste nûmer 1 foar ABBA yn it Feriene Keninkryk.

Yn 1980 waard ek it liet Happy New Year as single útbrocht, mar inkeld yn Nederlân, Portegal en Brazylje, en as promo-útjefte yn Kanada en de Feriene Steaten. Lay All Your Love on Me waard yn 1981 as single útbrocht yn inkele lannen en territoaria, en berikte yn it Feriene Keninkryk it 7e plak yn 'e hitlisten. Underwilens hie ABBA yn 1980 ek in kompilaasje-album mei oersettings yn it Spaansk fan harren grutste hits útbrocht, dat Gracias por la Música hiet. Yn Spanje en Latynsk-Amearika, mar ek yn Japan en Austraalje, waard dat in trochslaand súkses. Yn 'e mande mei it súkses fan 'e Spaanske ferzje fan Chiquitita soarge dat foar de trochbraak fan ABBA yn 'e Spaansktalige wrâld.

Lêste jierren: 1981–1982

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It súkses fan ABBA wie fierhinne te tankjen oan 'e muzikale firtuositeit fan Andersson, dy't de iene nei de oare hit skreau, kombinearre mei it saaklik talint fan Ulvaeus. Foar't ABBA populêr waard, trouden Ulvaeus en Fältskog mei-inoar en Andersson en Lyngstad ek. Beide houliken hiene yn 'e súksestiid fan 'e band te lijen ûnder de spannings dy't de geduerige gearwurking en de grutte populariteit oprôpen. Dat late úteinlik ta de skieding fan Ulvaeus en Fältskog yn 1979 en dy fan Andersson en Lyngstad yn 1981. Teffens wiene der spannings tusken Fältskog, de lead-sjongster, en Lyngstad, dy't altyd de twadde fioele spylje moast. De feroarings yn 'e ûnderlinge relaasjes waarden wjerspegele yn 'e muzyk fan 'e band, mei't de lettere lieten mear yntrospektyf wiene en dûnkerder lietteksten hiene as earder.

ABBA by in optreden yn it Kanadeeske Edmonton, yn 1979.

Soks iepenbiere him by útstek yn it achtste en lêste studio-album fan ABBA, The Visitors, dat yn novimber 1981 útkaam. De ferskes dêrfan lieten in djipte en ripens sjen dy't dúdlik ûntbriek oan it ierdere wurk fan 'e band. De iennichste tige súksesfolle single fan it album wie One of Us, dat de lêste nûmer 1-hit fan ABBA yn West-Dútslan wie, en ek yn Súd-Afrika en it Feriene Keninkryk heech yn 'e hitlisten trochkrong. In oare single, When All is Said and Done, hie minder súkses en wie de lêste top 40-hit fan ABBA yn 'e Feriene Steaten.

Yn 'e maityd fan 1982 sette ABBA útein mei de opnamen fan in nij album, mar de ûnderlinge relaasjes fan 'e bandleden wiene as min wurden dat it in striid waard om wat dien te krijen. Nei't net mear as trije lieten opnommen wiene, en net ta tefredenheid fan Ulvaeus en Andersson, besleat de band foar de simmer lins te nimmen. Begjin augustus waarden de opnamen ferfette, mar it wie dúdlik dat it útbringen fan in nij album dat jiers net mear slagje soe. Ynstee waard besletten om in nij kompilaasje-album gear te stallen en oan te foljen mei inkele nije nûmers, en dat dan foar de kryst út te bringen. It album kaam te hjitten The Singles: The First Ten Years. As nije singles waarden yn oktober, resp. desimber útbrocht it dramatyske The Day Before You Came en Under Attack. The Day Before You Came helle de top 5 yn West-Dútslân, Nederlân en Belgje, en Under Attack, dat de lêste single fan ABBA wie, belike dy prestaasje yn Nederlân en Belgje.

Uteinlik foel ABBA yn desimber 1982 ta grut fertriet fan tsientallen miljoenen fans útinoar. It lêste optreden fan 'e band wie yn it Britske tillefyzjeprogramma The Late, Late Breakfast Show op 'e BBC (live út Stockholm wei) op 11 desimber 1982. Der waard nea offisjeel bekendmakke dat ABBA útinoarfallen wie, mar de gearwurking tusken de bandleden stûke en kaam nea wer op gong, dat it resultaat wie itselde. Behalven yn in tillefyzjeprogramma yn 1986 kamen de fljouwer bandleden net wer yn it iepenbier byinoar oant de Sweedske premiêre fan 'e film Mamma Mia! yn 2008.

ABBA yn Rotterdam yn 1979. F.l.n.rj.: Björn Ulvaeus, Anni-Frid Lyngstad, Agnetha Fältskog en Benny Andersson.

Nei it útinoarfallen fan 'e band setten Ulvaeus en Andersson as partners útein mei it skriuwen fan lietteksten foar toaniel, wylst Lyngstad en Fältskog yn 't earstoan mei wikseljend súkses solokarriêres neistribben en har letter allebeide út 'e iepenbierheid weromloeken. Inkele al wol opnommen lieten fan ABBA wiene lizzen bleaun. I Am the City waard úteinlik útbrocht op it kompilaasje-album More ABBA Gold: More ABBA Hits út 1993, wylst Just Like That neitiid recycle waard foar oare artysten dêr't Ulvaeus en Andersson mei gearwurken, en yn 'e musical Chess. De ABBA-ferzje fan it nûmer is noch altyd net útbrocht, hoewol't der yllegale opnamen fan opdûkt binne op it ynternet.

Mei de populariteit fan 'e muzyk fan ABBA rekke it yn it neigean oant de fûnskatalogus fan 'e band en syn platemaatskippij Polar Music yn 1989 opkocht waard troch Polydor. Dat klearre it paad foar in ynternasjonale werpublikaasje fan 'e muzyk troch in nij kompilaasje-album, ABBA Gold: Greatest Hits, yn septimber 1992. It album waard wrâldwiid in trochslaand súkses. Ferskate films, yn 't bysûnder Muriel's Wedding (1994) en The Adventures of Priscilla, Queen of the Desert (1994) brûkten ABBA-nûmers yn harren soundtrack, wat de nije belangstelling foar de band noch fierder oanfitere. Ferskate oare kompilaasje-albums kamen dêrnei troch de jierren hinne út.

Yn 1999 waard troch Ulvaeus en Andersson in stikmannich ABBA-hits brûkt om 'e musical Mamma Mia te meitsjen, dy't skreaun wie troch Catherine Johnson. De musical iepene yn Londen, mar gie op toernee troch in ferskaat oan lannen en groeide út ta in reuseftich wrâldwiid súkses. Yn 2008 ferskynde op basis fan 'e toanielmusical de filmmusical Mamma Mia!, dy't ek tige súksesfol wie, mei Meryl Streep, Amanda Seyfried en Pierce Brosnan yn 'e haadrollen. In ferfolchfilm, Mamma Mia! Here We Go Again, kaam út yn 2018.

Op 5 novimber 2021 kaam nei fjirtich jier foar it earst wer in nij album fan ABBA út, ûnder de titel Voyage. Ta gelegenheid dêrfan joech de band in konsert yn it Queen Elizabeth Olympic Park yn Londen. Andersson, Ulvaeus, Fältskog en Lyngstad, dy't tsjin 2021 allegear yn 'e santich wiene, treden lykwols sels net op, mar lieten dat dwaan troch hologrammen fan harrensels mei it oansjen dat se yn 'e 1970-er jierren hiene.

De wichtichste priis dy't ABBA ea wûn, wie it earste plak op it Eurofyzjesongfestival fan 1974 mei it nûmer Waterloo. Dy oerwinning makke nammentlik de ynternasjonale trochbraak fan 'e band mooglik. Yn 2005 waard ABBA op it Eurofyzjesongfestival fan dat jier huldige om't Waterloo útroppen wie ta it bêste liet út 'e fyftichjierrige skiednis fan it festival. De band wûn ek ferskate oare prizen, wêrûnder in Nederlânske Edison foar it album ABBA: The Album yn 1978, en twa kear de Svenska Grammofonpris, yn 1979 en 1981, foar de albums Voulez-Vous, resp. Super Trouper. Yn 1992 ûntfong ABBA in Sweedske eare-Grammis foar it hiele oeuvre en yn 1993 in World Music Award foar it kompilaasje-album ABBA Gold: Greatest Hits. Yn 2010 waard ABBA ynhuldige as lid fan 'e Rock and Roll Hall of Fame, en yn 2015 waard it liet Dancing Queen opnommen yn 'e Grammy Hall of Fame.

De leden fan ABBA yn 2008 mei de cast en crew fan 'e film Mamma Mia! F.l.n.rj. ABBA-lid Benny Andersson; akteurs Pierce Brosnan, Amanda Seyfried en Meryl Streep; ABBA-leden Agnetha Fältskog en Anni-Frid Lyngstad; akteurs Christine Baranski en Colin Firth; senarioskriuwster Catherine Johnson; regisseur Phyllida Lloyd; filmprodusinte Judy Craymer; ABBA-lid Björn Ulvaeus; en akteur Dominic Cooper.
titel útbrocht op label prizen en nominaasjes resultaat
Ring Ring 26 maart 1973 Polar Music flagge fan Austraalje  (3× platina)
Waterloo 4 maart 1974 flagge fan Austraalje (2× platina)
flagge fan Dútslân (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
ABBA 21 april 1975 flagge fan Austraalje (10× platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
Arrival 11 oktober 1976 flagge fan Austraalje (18× platina)
flagge fan Dútslân (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
flagge fan de Feriene Steaten (goud)
flagge fan Kanada (2× platina)
ABBA: The Album 12 desimber 1977 wûn in Edison foar bêste album flagge fan Dútslân (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Kanada (2× platina)
Voulez-Vous 23 april 1979 wûn in Svenska Grammofonpris foar bêste LP flagge fan Dútslân (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
flagge fan de Feriene Steaten (goud)
flagge fan Kanada (2× platina)
Super Trouper 3 novimber 1980 wûn in Svenska Grammofonpris foar bêste LP flagge fan Dútslân (2× platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
flagge fan de Feriene Steaten (goud)
The Visitors 30 novimber 1981 flagge fan Dútslân (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
Voyage 5 novimber 2021 Universal Music flagge fan Dútslân (2× platina)
Flagge fan Sweden (2× platina)
flagge fan Eastenryk (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
flagge fan Frankryk (platina)
flagge fan Austraalje (goud)
titel útbrocht op label prizen en nominaasjes resultaat
ABBA Live 18 augustus 1986 Polar Music
ABBA: Live at Wembley Arena 29 septimber 2014 Universal Music Flagge fan Sweden (platina)

Kompilaasje-albums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
titel útbrocht yn/op label prizen en nominaasjes resultaat
The Best of ABBA augustus 1975 PolyGram flagge fan Austraalje (22× platina)
flagge fan Dútslân (goud)
flagge fan Kanada (goud)
Greatest Hits 17 novimber 1975 Polar Music flagge fan Dútslân (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (8× platina)
flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Kanada (5× platina)
The Very Best of ABBA: ABBA's Greatest Hits
(allinne yn Dútslân)
1976 flagge fan Dútslân (3× goud)
ABBA: Greatest Hits
(allinne yn Japan)
1977
All About ABBA
(allinne yn Japan)
1978
Greatest Hits Vol. 2 29 oktober 1979 Polar Music flagge fan Dútslân (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
flagge fan de Feriene Steaten (goud)
(sp) Gracias por la Música
(allinne yn Spanje en Latynsk-Amearika)
23 juny 1980 Septima Records flagge fan Spanje (platina)
The Magic of ABBA 1980
A wie ABBA / A van ABBA
(allinne yn Dútslân en Nederlân)
1981 flagge fan Dútslân (goud)
Very Best of ABBA
(allinne yn Japan)
1981
The Singles: The First Ten Years 8 novimber 1982 Polar Music flagge fan Dútslân (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
I Love ABBA 1983
Thank You for the Music
(allinne yn it Feriene Keninkryk)
11 novimber 1983 Epic Records flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
From ABBA with Love
(allinne yn Nederlân)
1984
Absolute ABBA 1988
The Love Songs
(allinne yn Nederlân)
1989
ABBA Gold: Greatest Hits 21 septimber 1992 PolyGram wûn in World Music Award
foar bêste kompilaasje-album
flagge fan Austraalje (17× platina)
flagge fan Dútslân (10× goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (17× platina)
flagge fan de Feriene Steaten (6× platina)
flagge fan Frankryk (diamant)
flagge fan Kanada (diamant)
More ABBA Gold: More ABBA Hits 24 maaie 1993 flagge fan Dútslân (goud)
flagge fan Frankryk (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
flagge fan Kanada (goud)
(sp) ABBA Oro: Grandes Éxitos
(allinne yn Spanje en Latynsk-Amearika)
24 septimber 1993 Polydor Records
The Music Still Goes On
(allinne yn Austraalje)
16 april 1996 Atlantic Records flagge fan Austraalje (goud)
Love Stories 26 oktober 1998 PolyGram
ABBA: 25 Jaar na Waterloo
(allinne yn Nederlân)
2 april 1999 Polydor Records
ABBA: 25 Jaar na Waterloo – Deel 2
(allinne yn Nederlân)
10 septimber 1999
The Complete Singles Collection
(allinne yn Dútslân, Eastenryk en Switserlân)
23 novimber 1999 Atlantic Records flagge fan Switserlân   (goud)
20th Century Masters – The Millennium
Collection: The Best of ABBA

(allinne yn Noard-Amearika)
26 septimber 2000 flagge fan de Feriene Steaten (goud)
flagge fan Kanada (platina)
The Definitive Collection 2 novimber 2001 PolyGram / Universal Music flagge fan Austraalje (2× platina)
flagge fan Dútslân (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
flagge fan Frankryk (goud)
SOS: The Best of ABBA
(allinne yn Japan)
7 febrewaris 2001 Atlantic Records flagge fan Japan  (3× platina)
The Name of the Game
(allinne yn Jeropa)
oktober 2002 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
(platina)
Flagge fan Sweden (platina)
The ABBA Story
(allinne yn Dútslân)
6 july 2004
ABBA: The Ultimate Collection
(allinne yn it Feriene Keninkryk)
2004 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
Todo ABBA
(allinne yn Spanje)
2004 Polydor Records flagge fan Spanje (goud)
18 Hits 8 septimber 2005 PolyGram / Universal Music flagge fan Austraalje (4× platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
Number Ones 20 novimber 2006 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
ABBA: Classic 2009 Spectrum Music
Icon 2010 flagge fan Kanada (platina)
ABBA: The Essential Collection 2012
40/40: The Best Selection
(allinne yn Japan)
2014 Universal Music
titel útbrocht op label prizen en nominaasjes resultaat
Thank You for the Music 31 oktober 1994 PolyGram
ABBA: The Complete Studio Recordings 7 novimber 2005 Universal Music
ABBA: The Albums 11 novimber 2008 Flagge fan Sweden (platina)
flagge fan Denemark (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
ABBA Album Box Set 27 maaie 2022

Oarspronklike útjeften

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
titel útbrocht album prizen en
nominaasjes
resultaat
People Need Love 1 juny 1972 Ring Ring
He is Your Brother 1 novimber 1972
Ring Ring 14 febrewaris 1973
(dú) Ring Ring 1973 The Complete Studio Recordings
(swd) Ring Ring (Bara Du Slog en Signal) 1973 Ring Ring (allinne Skandinavyske ferzje)
Another Town, Another Train maart 1973 Ring Ring
Love Isn't Easy (But It Sure Is Hard Enough) juny 1973
Rock'n Roll Band july 1973
Nina, Pretty Ballerina oktober 1973
I'm Just a Girl
(allinne yn Japan)
1973
Waterloo 4 maart 1974 Waterloo flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
(dú) /(fr) Waterloo 1974 The Complete Studio Recordings
(swd) Waterloo 1974 Waterloo
Honey, Honey april 1974
Hasta Mañana
(allinne yn Itaalje, Japan, Portegal, Rodeezje en Súd-Afrika)
1974
So Long 18 novimber 1974 ABBA
I've Been Waiting for You 18 novimber 1974
I Do, I Do, I Do, I Do, I Do april 1975
SOS juny 1975 flagge fan Japan (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
Bang-A-Boomerang 1975
Mamma Mia septimber 1975 Flagge fan Sweden (4× platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
flagge fan Denemark (goud)
flagge fan Itaalje (goud)
Fernando 10 novimber 1975 Greatest Hits flagge fan Dútslân (goud)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
flagge fan Frankryk (goud)
flagge fan Ierlân (goud)
flagge fan Kanada (goud)
Rock Me april 1976 ABBA
Dancing Queen 15 augustus 1976 Arrival flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (2× platina)
flagge fan Denemark (goud)
flagge fan de Feriene Steaten (goud)
flagge fan Ierlân (goud)
flagge fan Itaalje (goud)
flagge fan Japan (goud)
Money, Money, Money 1 novimber 1976 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
flagge fan Frankryk (goud)
Dum Dum Diddle
(allinne yn Argentynje)
1976
Knowing Me, Knowing You 14 febrewaris 1977 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
flagge fan Kanada (goud)
That's Me
(allinne yn Japan)
july 1977
King Kong Song 1977 Waterloo
The Name of the Game 14 oktober 1977 ABBA: The Album flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
Take a Chance on Me april 1978 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
flagge fan de Feriene Steaten (goud)
flagge fan Kanada (goud)
Eagle 18 maaie 1978
Thank You for the Music
(B-kant fan Eagle)
18 maaie 1978
One Man, One Woman
(allinne yn Taiwan)
1978
Summer Night City 6 septimber 1978 Greatest Hits Vol. 2 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
Chiquitita 16 jannewaris 1979 Voulez-Vous flagge fan Japan (platina)
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
flagge fan Nederlân (goud)
(sp) Chiquitita 1979 Gracias por la Música
Does Your Mother Know 27 april 1979 Voulez-Vous flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
Voulez-Vous 2 july 1979 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
Angeleyes
(B-kant fan Voulez-Vous)
2 july 1979 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
Gimme! Gimme! Gimme! (A Man after Midnight) oktober 1979 Greatest Hits Vol. 2 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
flagge fan Denemark (goud)
flagge fan Frankryk (goud)
flagge fan Itaalje (goud)
flagge fan Nederlân (goud)
I Have a Dream 7 desimber 1979 Voulez-Vous flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
As Good as New
(allinne yn Argentynje, Bolivia en Meksiko)
1979
Move On
(allinne yn Sily)
1979 ABBA: The Album
The Winner Takes It All 21 july 1980 Super Trouper flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (platina)
flagge fan Denemark (goud)
flagge fan Nederlân (goud)
On and On and On septimber 1980
Super Trouper 3 novimber 1980 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
Our Last Summer
(allinne yn Grikelân)
3 novimber 1980
Happy New Year
(allinne yn Nederlân, Portegal en Brazylje)
15 desimber 1980
(sp) ¡Dame! ¡Dame! ¡Dame! (Gimme! Gimme! Gimme!) 1980 Gracias por la Música
(sp) Estoy Soñando (I Have a Dream) 1980
(sp) Gracias por la Música (Thank You for the Music) 1980
(sp) Felicidad (Happy New Year) 1980
(sp) Fernando 1980
(sp) Mamma Mia 1980
Andante, Andante
(allinne yn Latynsk-Amearika en Súd-Afrika)
febrewaris 1981 Super Trouper
Slipping through My Fingers
(allinne yn Japan)
juny 1981 The Visitors
Lay All Your Love on Me july 1981 Super Trouper flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
One of Us 4 desimber 1981 The Visitors flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (goud)
When All Is Said and Done 31 desimber 1981
(sp) Andante, Andante (Andante, Andante) 1981 Super Trouper (Latynsk-Amerikaanske ferzje)
Head over Heels 19 maart 1982 The Visitors
The Visitors april 1982
The Day Before You Came 18 oktober 1982 The Singles: The First Ten Years
(sp) No Hay a Quien Culpar (When All Is Said and Done) 1982 Gracias por la Música (rerelease 2014)
(sp) Se Me Está Escapando (Slipping through My Fingers) 1982 The Visitors (Latynsk-Amerikaanske ferzje)
Under Attack 3 desimber 1982 The Singles: The First Ten Years
Dream World oktober 1994 Thank You for the Music
Put On Your White Sombrero oktober 1994
I Still Have Faith in You 2 septimber 2021 Voyage
Don't Shut Me Down 2 septimber 2021
Just a Notion 22 oktober 2021
Little Things 3 desimber 2021
No Doubt About It 11 febrewaris 2022
titel útbrocht yn album prizen en
nominaasjes
resultaat
Thank You for the Music 1983 Thank You for the Music flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
Dancing Queen 1992 ABBA Gold: Greatest Hits
Voulez-Vous
Thank You for the Music
Summer Night City 1994 More ABBA Gold: More ABBA Hits
Happy New Year 1999 The Complete Singles Collection
SOS 2001 SOS: The Best of ABBA
Waterloo 2004 Waterloo: 30th Anniversary Collection
Happy New Year 2008 The Complete Singles Collection
Mamma Mia ABBA
Dancing Queen Arrival
Honey, Honey Waterloo
Happy New Year 2010 The Complete Singles Collection

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.