Summer Night City
Summer Night City | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Medley | |
artyst | ABBA | |
album | Greatest Hits Vol. 2 | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Pop | |
útbrocht | 6 septimber 1978 | |
opnommen | Metronome Studio, maitiid 1978 | |
doer | 3:34 | |
label | Polar Music | |
skriuwer | Benny Andersson, Björn Ulvaeus | |
produsint | Benny Andersson, Björn Ulvaeus | |
fideoclip | ||
ABBA - Summer Night City | ||
resultaten | ||
hitlisten | ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() | |
sertifisearre | ![]() |
Summer Night City is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA. It nûmer is ien fan de gruttere hits fan ABBA, mar hat nea op in studio-album fan de popgroep stien. Wol is it nûmer opnommen op it kompilaasje-album Greatest Hits Vol. 2 út 1979. Summer Night City waard op 6 septimber 1978 útbrocht as single.
Oer it nûmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Summer Night City waard skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus. De opnamesesjes foar Summer Night City begûnen yn it begjin fan 1978. ABBA's nije opnamestudio, Polar Music Studio, waard iepene yn maaie mar wie doe noch net klear foar gebrûk. Dêrom waarden earst opnamen makke yn de Metronome Studio. De 43 sekonden duorjende intro waard skrast om de kwaliteit te ferbetterjen, mar it woe net slagje. It miksen duorre sels in wike, folle langer as it miksen fan oare ABBA nûmers. ABBA besleat, nettsjinsteande it, yn harren eagen, net al te bêste einresultaat, it nûmer yn septimber út te bringen op single. Nettsjinsteande dat de groep sels it nûmer net al te bêst fûn, waard Summer Night City in hit foar ABBA. It nûmer kaam op nûmer 1 yn Ierlân, Finlân en Sweden, it wie sels harren lêste nûmer 1-hit yn Sweden.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Agnetha Fältskog – Sang
- Anni-Frid Lyngstad – Sang
- Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar
- Benny Andersson – Sang & Toetsen