Springe nei ynhâld

World Music Award

Ut Wikipedy
World Music Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Monegaskysk
útrikt foar muzyk
útrikt troch IFPI
frekwinsje 1x jiers
plak Monte Carlo (Monako)
1e útrikking 1989
offisjele webside
www.worldmusicawards.com

De World Music Awards binne in groep ynternasjonale prizen ûnder it beskermhearskip fan prins Albert II fan Monako, dy't ienris yn it jier by in seremoanje yn it Monegaskyske Monte Carlo útrikt wurde foar de bêst ferkeapjende muzikale wurken en artysten fan 'e wrâld fan it foargeande jier en oan 'e bêst ferkeapjende muzikale wurken en artysten yn beskate dielen fan 'e wrâld fan it foargeande jier. De ferkeapsifers dêr't de tawizing fan 'e prizen op basearre is, wurde byholden troch de International Federation of the Phonographic Industry (IFPI). Fierders binne der njoggen publyksprizen, wêroer't online in stimming holden wurdt dêr't yn prinsipe in elk oan meidwaan kin. De World Music Awards waarden yn 1989 foar it earst útrikt, mar yn 2009, 2011, 2012 en 2013 waard der gjin útrikking holden.

Der binne trije spesjale prizen. De Legend Award wurdt útrikt oan tige goed ferkeapjende artysten, en is yn it ferline wûn troch sokke grutte nammen as de Bee Gees, Mariah Carey, Cher, Celine Dion, Whitney Houston, Eminem, Elton John, Michael Jackson, Beyoncé Knowles, Jennifer Lopez, Lionel Richie, Diana Ross, Tina Turner en Stevie Wonder. De Diamond Award is foar artysten dy't yn har karriêre mear as 100 miljoen platen ferkocht hawwe, en is mar seis kear útrikt, oan Rod Stewart, Mariah Carey, Celine Dion, Bon Jovi, Michael Jackson en de Beatles. De Millennium Award waard yn 2000 útrikt oan 'e bêst ferkeapjende manlike en froulike artyst aller tiden: Michael Jackson en Mariah Carey.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.