Angeleyes

Ut Wikipedy
Angeleyes
algemiene ynformaasje
B-kant Voulez-Vous
artyst ABBA
album Voulez-Vous
taal Ingelsk
sjenre Pop
útbrocht 6 july 1979
opnommen Polar Studios,
26 oktober 1978
doer 4:20
label Polar Music
skriuwer Benny Andersson,
Björn Ulvaeus
produsint Benny Andersson,
Björn Ulvaeus
resultaten
hitlisten flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân UK Singles - 3,
flagge fan de Feriene Steaten Billboard Hot 100 - 64 ,
flagge fan de Feriene Steaten Billboard Adult Contemporary - 37,
flagge fan de Feriene Steaten Cash Box Top 100 - 76
sertifisearre Grut-Brittanje Sulver

Angeleyes is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 26 oktober 1978 yn de Polar Studios yn Stockholm en waard útbrocht op it album Voulez-Vous út 1979. Angeleyes wie it fjirde nûmer op it album en waard op 6 july 1979 1979 útbrocht as tredde single fan it album, tegearre mei it nûmer Voulez-Vous as dûbele A-kânt.

Oer it nûmer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Angeleyes waard skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus. Angeleyes is in nûmer wêryn't de haadpersoan froulju smeket om de ferrifeljend ûnskuldige eachopslach fan in kreaze, mar misliedende man te mijen, en warskôget harren op te passen foar it "spul dat er graach spilet".

Muzikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]