Waterloo (liet fan ABBA)

Ut Wikipedy
Waterloo (liet fan ABBA)
Ring ring by ABBA US single vinyl
Ring ring by ABBA US single vinyl
algemiene ynformaasje
B-kant Watch Out
artyst ABBA
album Waterloo
taal Ingelsk
sjenre Pop
útbrocht 4 maart 1974
opnommen Metronome Studios,
17 desimber 1973
doer 2:42
label Polar Music
skriuwer Benny Andersson,
Stig Anderson,
Björn Ulvaeus
produsint Benny Andersson,
Björn Ulvaeus
fideoclip
ABBA - Waterloo (Official Music Video),
ABBA Waterloo Eurofyzje Sjongfestival 1974
resultaten
hitlisten flagge fan Austraalje Kent Music Report - 4,
flagge fan Eastenryk Ö3 Austria Top 40 - 2,
flagge fan Belgje Ultratop 50 Flanders - 1,
flagge fan Belgje Ultratop 50 Wallonia - 1,
flagge fan Kanada RPM - 7,
flagge fan Denemark IFPI - 1,
flagge fan Finlân Mitä Suomi soittaa - 1,
flagge fan Frankryk IFOP - 4,
flagge fan Ierlân IRMA - 1
flagge fan Itaalje Musica e dischi - 15,
flagge fan Nederlân Dutch Top 40 - 2,
flagge fan Nederlân Single Top 100 - 1,
flagge fan Nij-Seelân Listener - 3,
flagge fan Noarwegen VG-lista - 1,
flagge fan Spanje PROMUSICAE - 3,
Flagge fan Sweden Kvällstoppen 2 (swd) ,
Flagge fan Sweden Kvällstoppen 3 (in) ,
flagge fan Switserlân   Schweizer Hitparade - 1,
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân UK Singles - 1,
flagge fan de Feriene Steaten Billboard Hot 100 - 6,
flagge fan de Feriene Steaten Cashbox Top 100 - 10,
flagge fan Dútslân Official German Charts - 1,
flagge fan Simbabwe ZIMA - 2,
Flag of South Africa (1928–1994).svg
Springbok Radio - 1
prizen Eurofyzje Sjongfestival (1974)
sertifisearre Flag of the United Kingdom (3-5).svg Grut-Brittanje Goud,
Flag of Yugoslavia (1946-1992).svg Joegoslaavje Goud
tal covers 36

Waterloo is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 17 desimber 1973 yn de Metronome Studios yn Stockholm en útbrocht op it album mei deselde namme út 1974. De Sweedske ferzje fan Waterloo wie it earste nûmer en de Ingelske ferzje fan Waterloo wie it tsiende nûmer op it album, en waard op 4 maart 1974 útbrocht as earste single fan it album. Op 6 april 1974 wûn ABBA mei de Ingelske ferzje it Eurofyzje Sjongfestival.

Oer it nûmer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei ’t de groep yn de Sweedske nasjonale foarronde fan it sjongfestival yn 1973 tredde wurden wie mei it nûmer Ring Ring, besochten se it yn 1974 op ’e nij. Der waard diskear foar Waterloo keazen, dêr't beide sjongeressen likefolle tekst yn hiene. It nûmer giet oer in frou, dy't har oerjaan wol oan de leafde, sa't Napoleon him oerjoech by de Slach by Waterloo yn 1815. De single waard yn desimber 1973 sawol yn it Sweedsk as yn it Ingelsk yn de Metronome Studios yn Stockholm opnommen en op 12 maart 1974 offisjeel foarsteld. De Sweedske ferzje helle it twadde plak yn de Sweedske hitlisten.

Sjongfestival[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 6 april 1974 wûn ABBA mei de Ingelske ferzje it Eurofyzje Sjongfestival. Harren optreden soarge foar in folsleine stylbrek mei de dramatyske ballades-tradysje wêrmei't it songfestivalpublyk doe fertroud wie. Har opfallende glitterkostúms, sulveren platosoalen, it uptemporitme en de ienfâldige (mar noch net earder fertoande) dûnsstapkes. Dat ABBA, sûnt in resinte reglemintswiziging, har ferske net allinne yn harren lânstaal mar ek yn it Ingelsk bringe mocht, wie in bykommende troef.

Mei wrâldwiid 8,5 miljoen ferkochte eksimplaren skoarde ABBA dêrnei mei Waterloo in grutte en brutsen se ynternasjonaal definityf troch it nûmer waard in nûmer 1 - hit yn in soad lannen.

Muzikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]