Springe nei ynhâld

Eurofyzjesjongfestival

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eurofyzje Sjongfestival)
Eurofyzjesjongfestival
tillefyzjeprogramma
makkers
basearre op Festival fan San Remo
muzyk Te Deum fan Marc-Antoine Charpentier
presintaasje
presintaasje ôfhinklik fan organisearjend lân
skaaimerken
sjenre muzyk
start 1956
tal ôfl. 76
lân/lannen leden fan de EBU
netwurk tilefyzje
radio
ynternet
stjoerder Eurovision TV Distribution Network
taal Ingelsk
Frânsk
webside Webstee fan de organisaasje

It Eurofyzjesjongfestival (Ingelsk: Eurovision Song Contest, Frânsk: Concours Eurovision de la Chanson) is sûnt 24 maaie 1956 in jierlikse presintaasje en kompetysje fan ferskes en wurdt útstjoerd op telefyzje yn Europa; sûnt 1967 wurdt it festival ek yn lannen bûten Europa útstjoerd. Fierder is it festival op it ynternet te folgjen. It festival hat de namme te tankjen oan it "Eurovision TV Distribution Network", in ûnderdiel fan de Europeeske Radio-uny (EBU). Oan it sjongfestival kin elk aktyf lid fan de EBU meidwaan, wêrtroch't ek guon lannen dy't bûten Europa lizze meidwaan kinne. It giet om lannen yn Noard-Afrika, it Midden-Easten en West-Azië. Sûnt 2015 docht ek Austraalje mei oan it festival hoewol't it gjin lid is fan de EBU.

It earste sjongfestival, basearre op it Italiaanske "Festival fan San Remo", wie in geastesbern fan de EBU. It earste festival fûn plak yn 1956, doe't sân lannen meidiene, elk mei twa ferskes. Denemark en Eastenryk waarden diskwalifisearre om't harren oanmelding te let binnenkaam. It Feriene Keninkryk keas derfoar om net mei te dwaan, omdat dêr al it "Festival of British Popular Songs" organisearre waard. Al gau groeide it tal dielnimmende lannen fierder. Yn 1969 wie it de earste en iennige kear dat der meardere lannen tagelyk wûnen: Frankryk, Nederlân, Spanje en it Feriene Keninkryk.

Guon lannen diene yn de rin fan de jierren net mei. Denemark die tusken 1966 en 1978 net mei om't de Deenske omrop it festival in toanbyld fan minne smaak fûn. Yn 1970 lutsen de oare Skandinavyske lannen, Eastenryk en Portugal har foar ien kear werom nei it debâkle fan 1969, doe't der op it festival yn Madrid fjouwer winners wiene.

Fan 1997 ôf gie it sjongfestival fierder mei syn tiid mei. Beslisten hjirfoar de jury's (besteande út in mjuks fan fakminsken en minsken dy 't krekt neat mei de muzykwrâld te krijen hiene) oer de punten, fan no ôf wiene it de minsken thús dy't fia de telefoan, en letter ek fia ynternet, de winner oantsjutte koene.

Yn 2004 wie der op 'e nij in weach fan nije dielnimmers. Om dit mooglik te meitsjen waard de opset yngeand op 'e nij besjoen, tenei soe der in foarronde komme, in pear dagen foar it festival, dêr't de 10 bêste ferskes út trochstjitte soene nei de grutte finale. De lannen dy't it ôfrûne jier by de bêste 10 einige wiene krigen daalks tagong ta de finale. By de edysje fan 2008 waard der foar it earst yn de skiednis twa heale finales hâlden.

Foar de edysje fan 2009 waard der op 'e nij in sjuery ynfierd, dy't foar de helte fan it totale oantal punten meitelle soe (de oare helte bliuwt it resultaat fan it publyk).

Yn 2024 waard de Nederlânske dielnimmer diskwalifisearre fanwegen in ynsidint krekt foar de repetysje fan de finale.

De eare fan it organisearjen fan it Eurofyzjesjongfestival giet nei de winner fan it foargeande jier. Utsûndering dêrop wiene de festivals fan 1957, 1960, 1963, 1972, 1974, 1980 en 2023.

De festivalfinale wurdt heal maaie (mar yn earder jierren ek wol begjin maaie of ein maaie of yn maart of april) op sneontejûn om 21 oere Midden-Europeeske Tiid live útstjoerd. By lannen mei West-Europeeske Tiid is dat dan om 20.00 oere en yn lannen mei East-Europeeske Tiid om 22.00 oere. It festival fan 2012 yn Azerbeidzjan waard troch it lokale tiidsferskil fan 3 oeren mei de Midden-Europeeske tiid dêr yndie útstjoerd op sneintenacht fan 0.00 oere ôf wêrby't de puntetelling en de winner pas fier nei 3 oere pleatslike tiid bekend waarden. De letter ynfierde heale finales starte ek om 21 oere, op tiisdei en tongersdei.

It Eurofyzjesjongfestival bestiet sûnt 2004 út 1 heale en sûnt 2008 2 heale finales, folge troch in finale dêr’t maksimaal 26 lannen oan meidwaan kinne. De iennige útsûndering hjirop wie 2015, doe't Austraalje foar it earst meidie en foar de gelegenheid fuortendaliks yn de finale stie, wêrtroch 't der 27 finalisten wiene. Sûnt 2004 moatte de measte lannen harren earst kwalifisearje út in heale finale. Alle shows moatte live útstjoerd wurde troch de dielnimmende omroppen. Foar elk lân mei ien artyst mei ien liet meidwaan, en treed dat live op yn de shows dêr 't dat lân oan meidocht.

Utsein by it earste festival, doe 't mar sân lannen meidiene, tinget per lân ien ferske mei. Fanwegen in groeiend tal potinsjele dielnimmers is sûnt 1993 socht nei ferskate wizen om it tal dielnimmers te beheinen, sadat ek de lannen út it eardere Eastblok, dy't har fan dat jier ôf oanmelden, meidwaan koene sûnder dat it programma te lang waard. In ferske mei net langer duorje as trije minuten.

It hjoeddeistige reglemint jout oan dat foar in lân maksimaal seis artiesten op it poadium stean meie. Dy moatte uterlik op 31 desimber fan it jier fan it festival minimaal 16 jier âld wêze. Der is gjin restriksje foar wat harren nasjonaliteit oanbelanget, sadat bygelyks de Kanadeeske Céline Dion Switserlân fertsjintwurdigje koe en de fiif winners foar Lúksemboarch gjin fan allen berne binne yn dat lân. Ek foar Monako steane der faaks bûtenlânske artysten op it poadium. Yn de perioade fan 1973 oant en mei 1976 en fan 1999 ôf is it tastien om yn elke willekeurige taal te sjongen. In protte lannen kieze sûnt dy tiid foar it Ingelsk om’t hja fynt dat men yn dy taal it publyk better berikke kin.

In oantal lannen komt, ûnôfhinklik fan harren einplak yn de finale fan it foargeande festival, automatysk yn de finale. Dizze lannen hoege dus net oan te treden by ien fan de heale finales.

By de oprjochting fan de saneamde Grutte Fjouwer yn 2000 bestie dy út Frankryk, Dútslân, Spanje en it Feriene Keninkryk. Sy tankje harren garandearre finaleplak oan harren finansjele stipe oan it festival. Yn 2011 waard Itaalje oan dit selskip taheakke, wêrtroch ’t de Grutte Fjouwer, de Grutte Fiif waard.

Ynternasjonaal proses

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De winner fan it festival wurdt bepaald troch it jaan fan punten troch elk dielnimmend lân oan harren tsien favorite ferskes. Elk lân jout de punten ferplichte troch 50% publyk en 50% karkommisjes. De dielnimmers trede hjirta twa kear op, ien kear foar de karkommisjes en ien kear foar de tillefyzje-sjoggers; de karkommisjes beoardielje de dielnimmers in dei earder as de sjoggers, by in spesjale "Sjueryshow". Elke sjogger kin ûnder de tv-útstjoering telefoanysk of fia ynternet op it ferske fan syn of har foarkar stimme.

Dielnimmende lannen meie net op harsels stimme. Ek de karkommisjes meie gjin punten jaan oan harren eigen lân. De krityk dêrop is dat de stimmen fan lytse lannen like swier wage as fan grutte lannen wylst der minder minsken stimd hawwe. Fan 1975 oant en mei 2015 joech elk lân in set fan 1 oant en mei 8, 10 en 12 punten, fan 2016 ôf binne dat twa sets punten. Foar 1975 wiene der ferskate wizen wêrop't de punten ferdield waarden.

It komt net faak foar dat in dielnimmend lân sûnder punten bliuwt. As dat wol bart, wurdt dat oantsjut mei de term "nul points". Der hawwe mei-inoar 39 ferskes west dy't gjin punten krigen hawwe. Noarwegen en Eastenryk oerkaam dit beiden fjouwer kear en dy binne dêrmei rekôrhâlders.

It Eurofyzjesjongfestival is sân kear wûn troch Ierlân en Sweden, dy binne dêrmei tegearre rekôrhâlder. Frankryk, Lúksemboarch, Nederlân en it Feriene Keninkryk wûnen elk fiif kear. Fan de lannen dy't al mear as 30 kear meidiene wachtsje Syprus, Malta en Yslân noch altyd op harren earste oerwinning.

De suksesfolste artyst is Johnny Logan. Hy wûn trije ris it sjongfestival foar Ierlân, wêrfan twa kear as sjonger. De tredde oerwinning behelle er as tekstskriuwer. Loreen wûn út namme fan Sweden de edysjes fan 2012 en 2023.

Jier Winnend lân Artyst Ferske Taal Lannen Plak
1956   Switserlân Lys Assia Refrain Frânsk 7 flagge fan Switserlân   Lugano
1957 Nederlân Corry Brokken Net als toen Nederlânsk 10 flagge fan Dútslân Frankfurt am Main
1958 Frankryk André Claveau Dors, mon amour Frânsk 10 flagge fan Nederlân Hilfertsom
1959 Nederlân Teddy Scholten 'n Beetje Nederlânsk 11 flagge fan Frankryk Cannes
1960 Frankryk Jacqueline Boyer Tom Pillibi Frânsk 13 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Londen
1961 Lúksemboarch Jean-Claude Pascal Nous les amoureux Frânsk 16 flagge fan Frankryk Cannes
1962 Frankryk Isabelle Aubret Un premier amour Frânsk 16 flagge fan Lúksemboarch Lúksemboarch
1963   Denemark Grethe & Jørgen Ingmann Dansevise Deensk 16 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Londen
1964 Itaalje Gigliola Cinquetti Non ho l'età Italjaansk 16 flagge fan Denemark Kopenhagen
1965 Lúksemboarch France Gall Poupée de cire, poupée de son Frânsk 18 flagge fan Itaalje Napels
1966 Eastenryk Udo Jürgens Merci chérie Dútsk 18 flagge fan Lúksemboarch Lúksemboarch
1967 Grut-Brittanje Sandie Shaw Puppet on a string Ingelsk 17 flagge fan Eastenryk Wenen
1968 Spanje Massiel La la la Spaansk 17 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Londen
1969 Frankryk
Nederlân
Spanje
Grut-Brittanje
Frida Boccara
Lenny Kuhr
Salomé
Lulu
Un jour, un enfant,
De troubadour,
Vivo cantando,
Boom bang-a-bang
Frânsk
Nederlânsk
Spaansk
Ingelsk
16 flagge fan Spanje Madrid
1970 Ierlân Dana All kinds of everything Ingelsk 12 flagge fan Nederlân Amsterdam
1971   Monako Séverine Un banc, un arbre, une rue Frânsk 18 flagge fan Ierlân Dublin
1972 Lúksemboarch Vicky Leandros Après toi Frânsk 18 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Edinburgh
1973 Lúksemboarch Anne-Marie David Tu te reconnaîtras Frânsk 17 flagge fan Lúksemboarch Lúksemboarch
1974 Sweden ABBA Waterloo Ingelsk 17 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Brighton
1975 Nederlân Teach-In Dinge-dong Ingelsk 19 Flagge fan Sweden Stockholm
1976 Grut-Brittanje Brotherhood of Man Save your kisses for me Ingelsk 18 flagge fan Nederlân De Haach
1977 Frankryk Marie Myriam L'oiseau et l'enfant Frânsk 18 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Londen
1978 Israel Izhar Cohen & The Alphabeta A-ba-ni-bi Hebriuwsk 20 flagge fan Frankryk Parys
1979 Israel Gali Atari & Milk & Honey Hallelujah Hebriuwsk 19 flagge fan Israel Jeruzalem
1980 Ierlân Johnny Logan What's another year Ingelsk 19 flagge fan Nederlân De Haach
1981 Grut-Brittanje Bucks Fizz Making your mind up Ingelsk 20 flagge fan Ierlân Dublin
1982 Dútslân Nicole Ein bißchen Frieden Dútsk 18 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Harrogate
1983 Lúksemboarch Corinne Hermès Si la vie est cadeau Frânsk 20 flagge fan Dútslân München
1984 Sweden Herreys Diggi-loo diggi-ley Sweedsk 19 flagge fan Lúksemboarch Lúksemboarch
1985   Noarwegen Bobbysocks La det swinge Noarsk 19 Flagge fan Sweden Goateboarch
1986 Belgje Sandra Kim J'aime la vie Frânsk 20 flagge fan Noarwegen Bergen
1987 Ierlân Johnny Logan Hold me now Ingelsk 22 flagge fan Belgje Brussel
1988   Switserlân Céline Dion Ne partez pas sans moi Frânsk 21 flagge fan Ierlân Dublin
1989 Joegoslaavje Riva Rock me Servo-Kroätysk 22 flagge fan Switserlân   Lausanne
1990 Itaalje Toto Cutugno Insieme: 1992 Italjaansk 22 flagge fan Joegoslaavje Zagreb
1991 Sweden Carola Fångad av en stormvind Sweedsk 22 flagge fan Itaalje Rome
1992 Ierlân Linda Martin Why me? Ingelsk 23 Flagge fan Sweden Malmö
1993 Ierlân Niamh Kavanagh In your eyes Ingelsk 25 flagge fan Ierlân Millstreet
1994 Ierlân Paul Harrington & Charlie McGettigan Rock 'n' roll kids Ingelsk 25 flagge fan Ierlân Dublin
1995   Noarwegen Secret Garden Nocturne Noarsk 23 flagge fan Ierlân Dublin
1996 Ierlân Eimear Quinn The voice Ingelsk 23 flagge fan Noarwegen Oslo
1997 Grut-Brittanje Katrina & the Waves Love Shine a Light Ingelsk 25 flagge fan Ierlân Dublin
1998 Israel Dana International Diva Hebriuwsk 25 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Birmingham
1999 Sweden Charlotte Nilsson Take me to your heaven Ingelsk 23 flagge fan Israel Jeruzalem
2000   Denemark Olsen Brothers Fly on the wings of love Ingelsk 24 Flagge fan Sweden Stockholm
2001 Estlân Tanel Padar & Dave Benton & 2XL Everybody Ingelsk 23 flagge fan Denemark Kopenhagen
2002 Letlân Marie N I wanna Ingelsk 24 flagge fan Estlân Tallinn
2003 Turkije Sertab Erener Everyway that I can Ingelsk 26 flagge fan Letlân Riga
2004 Oekraïne Ruslana Wild dances Ingelsk en Oekraynsk 36 flagge fan Turkije Istanbûl
2005 Grikelân Elena Paparizou My number one Ingelsk 39 flagge fan Oekraïne Kiëv
2006 Finlân Lordi Hard rock hallelujah Ingelsk 37 flagge fan Grikelân Atene
2007 Servje Marija Šerifović Molitva Servysk 42 flagge fan Finlân Helsinki
2008 Ruslân Ell & Nikki Running scared Ingelsk 43 flagge fan Dútslân Düsseldorf
2012 Sweden Loreen Euphoria Ingelsk 42 flagge fan Azerbeidzjan Bakû
2013   Denemark Emmelie de Forest Only teardrops Ingelsk 39 Flagge fan Sweden Malmö
2014 Eastenryk Conchita Wurst Rise like a phoenix Ingelsk 37 flagge fan Denemark Kopenhagen
2015 Sweden Måns Zelmerlöw Heroes Ingelsk 40 flagge fan Eastenryk Wenen
2016 Oekraïne Jamala 1944 Ingelsk en Krim-Tataarsk 42 Flagge fan Sweden Stockholm
2017 Portegal Salvador Sobral Amar pelos dois Portugeesk 42 flagge fan Oekraïne Kiëv
2018 Israel Netta Barzilai Toy Ingelsk 43 flagge fan Portegal Lissabon
2019 Nederlân Duncan Laurence Arcade Ingelsk 41 flagge fan Israel Tel Aviv
2020 Ofsein fanwegen de koroanapandemy.
2021 Itaalje Måneskin Zitti e buoni Italjaansk 39 flagge fan Nederlân Rotterdam
2022 Oekraïne Kalush Orchestra Stefania Oekraynsk 40 flagge fan Itaalje Turyn
2023 Sweden Loreen Tattoo Ingelsk 37 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Liverpool
2024   Switserlân Nemo The code Ingelsk 37 Flagge fan Sweden Malmö

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL