Springe nei ynhâld

Frida Boccara

Ut Wikipedy
Frida Boccara
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
berne 29 oktober 1940
berteplak Casablanca
stoarn 1 augustus 1996
stjerplak Parys
wurkpaad
grutste hit(s) Cent mille chansons
jierren aktyf 1960-1983

Frida Boccara (berne op 29 oktober 1940 yn Casablanca (Marokko), ferstoarn op 1 augustus 1996 yn Parys) wie in Frânske sjongeres fan joadsk-Italjaanske komôf.

Frida Boccara wie in dochter fan in oarspronklik út Livorno (Itaalje) stammende joadske famylje, dy't him ynearsten yn Tunis en dêrnei yn Casablanca nei wenjen sette. Doe't hja 17 jier wie, ferhûze hja nei Frankryk en folge dêr har musikale oplieding oan it Petit Conservatoire de la Chanson yn Parys.

Hja fertsjinwurdige Frankryk op it songfestival fan 1969 mei de ballade Un jour, un enfant. Mei Nederlân, Spanje en it Feriene Keninkryk helle hja dêr it earste plak. Alle fjouwer lannen hiene likefolle punten, mar it reglemint hie yn sa'n gefal gjin regeling om ien winner oan te wizen. Om yn sokke gefallen dat wol mooglik te meitsjen waard dêrnei it reglemint oanpast.

Bûten Frankryk wie Boccara ek yn 'e Benelúks en Dútslân, mar fral yn Spanje tige populêr. Njonken Frânske opnames song hja yn ferskillende oare talen.

Har tiid as populêre sjongeres mei alle jierren nije platen lei tusken 1960 en 1983. Nei 1988 waarden gjin nije opnames mear makke. Frida Boccara ferstoar yn 'e âldens fan 55 jier oan in longûntstekking en hja waard op it joadske diel fan it súdlik fan Parys lizzende begraafplak Cimetière parisien de Bagneux (lokaasje 63e ôfdieling, 2e rige, 4e grêf) begroeven.

Har bekendste liet is Cent Mille Chansons út 1968. Oare bekende lieten binne Un jour, un enfant (1969), Les moulins de mon cœur (1969), Les quatres chemins de l'amour (1970), L'arbre d'amour (1976).

Har soan Tristan Boccara, dy't healwei 1970 berne waard, soe letter ek musikus wurde.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Frida Boccara fan Wikimedia Commons.