Ring Ring (liet)

Ut Wikipedy
Ring Ring (liet)
Ring ring by ABBA UK single vinyl
Ring ring by ABBA UK single vinyl
algemiene ynformaasje
B-kant Åh vilka tider
artyst ABBA
album Ring Ring
taal Ingelsk
sjenre Pop
útbrocht 14 febrewaris 1973
opnommen Metronome Studios,
10 jannewaris 1973
doer 3:00
label Polar Music
skriuwer Benny Andersson,
Stig Anderson,
Björn Ulvaeus,
Neil Sedaka,
Phil Cody
produsint Benny Andersson,
Björn Ulvaeus
fideoclip
ABBA - Ring, Ring (Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Austraalje Kent Music Report - 92,
flagge fan Eastenryk Ö3 Austria Top 40 - 2,
flagge fan Belgje Ultratop 50 Flanders - 2,
flagge fan Belgje Ultratop 50 Wallonia - 17,
flagge fan Denemark IFPI - 1,
flagge fan Finlân Suomen virallinen singlelista - 25,
flagge fan Nederlân Dutch Top 40 - 5,
flagge fan Nederlân Single Top 100 - 5,
flagge fan Noarwegen VG-lista - 2,
Flagge fan Sweden Kvällstoppen - 2,
flagge fan Simbabwe ZIMA - 12,
Springbok Radio - 3

Ring Ring is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 10 jannewaris 1973 yn de Metronome Studios yn Stockholm en útbrocht op it album mei deselde namme út 1973. De Sweedske ferzje fan Ring Ring wie it earste nûmer en de Ingelske ferzje fan Ring Ring wie it tsiende nûmer op de Skandinavyske ferzje fan it album en it earste nûmer op 'e Ynternasjonale ferzje dêr't de Sweedske ferzje fan it nûmer net op stie. It liet waard op 14 febrewaris 1973 útbrocht as tredde single fan it album.

Oer it nûmer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ring Ring wie oarspronklik yn it Sweedsk skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus tegearre mei harren manager Stig Anderson. De Ingelske oersetting waard makke mei help fan Neil Sedaka en Phil Cody mei de bedoeling om der in modern popnûmer fan te meitsjen, as ynstjoering fan de Sweedske foarrondes fan it Eurofyzje Sjongfestival, wat yngean soe tsjin de tradisjonele songfestivalnûmers fan doe. Ta har ûntnochtering einigen se op it tredde plak.

Yn de kombinearre single/album hitlist fan Sweden mei namme Kvälllstoppen stie op 10 en 17 april 1973 op itselde stuit de Sweedske ferzje Ring ring (bara du slog en signal) op nûmer 1, de Ingelsktalige ferzje op nûmer 2 en it album op nûmer 3. De titel Ring ring stie op nr. 1, 2 en 3.

Muzikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gastmuzikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]