Oerlis:ABBA

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wiske diskografy[boarne bewurkje]

@FreyaSport: Goeie. Jo hawwe hjoed sa'n bytsje de hiele diskografy op dizze side wiske. Mei't ik, doe't ik dizze side skreau, in pear dagen oan it gearstallen fan dy diskografy wurke haw, wie ik dêr net sa bliid mei en haw ik it weromset. Ik wit net wat jo hjirmei yn 't sin hawwe. Sa'n soad ynformaasje wiskje, kin fansels net, mar ik nim oan dat jo dat sels ek wol foar it ferstân hawwe. Ik fermoedzje dêrom dat jo fan doel binne om in aparte side foar in mear útwreide diskografy oan te meitsjen. Sa't ik al earder ris sein haw, bin ik in grut tsjinstanner fan aparte siden foar diskografyen en filmografyen ensfh. Dat is ien fan myn grutte ergernissen op 'e Ingelske Wikipedy; dan miene je dat je de goede side hawwe, en dat moatte je wer earne oars wêze. Doe't jo in aparte diskografy oanmakken foar de Golden Earring haw ik dat noch eefkes oankaarte. Jo fûnen dat lykwols dochs nedich en doe haw ik dat fierders gewurde litten om't ik oaren sokke dingen net ferbiede wol, ek al bin ik it der net mei iens. Oan 'e oare kant wol ik der dan sels ek frij foar kieze kinne om in diskografy wól gewoan op 'e side fan 'e band/sjonger te setten dêr't er by heart. Dêrom wol ik dizze side graach ynklusyf diskografy hâlde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 jun 2022, 00.01 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeiemoarn, @Ieneach fan 'e Esk,
Ik ha de yndruk dat jo it net alhiel goed besjoen hawwe, Ja der stiene minder tekens mar de diskografy sa as ik him juster makke ha hie mear ynformaasje. Lykas de dei dat de albums útbrocht binne, yn plak fan allinne it jier, en de singles hie ik by de albums setten. Ek wie ik fan doel west om nei it wykein oan de albums te begjinnen. Ik fyn it tige spitich dat jo it net goed besjoen, hawwe en myn oanfollingen werom draait hawwe FreyaSport (oerlis) 23 jun 2022, 08.47 (CEST)[beäntwurdzje]
@FreyaSport: Goeie. Ik sjoch it dochs oars. Jo hiene der oare ynformaasje by set, dat is wier, mar jo hiene de kolommen "Prizen en nominaasjes" en "Resultaat" fuortsmiten. Fral fan al dy gouden en platina platen en sa haw ik doe hiel wat wurk hân om it út te sykjen en om it sa kreas te fermelden. En by de kompilaasje-albums tel ik by my 35 en by jo 17. Boxsets en singles hawwe jo hielendal wiske. Sjoch, ik haw der hielendal neat op tsjin as jo ûntbrekkende ynformaasje tafoegje, mar ik fyn dat jo net samar in hiele slompe ynformaasje dy't der al stiet, fuortsmite kinne.
Ik moat earlik sizze, ik baalde der justerjûn wol fan, mar ik hoopje dat we dizze lytse oanfarring hiel gau flotlûke kinne troch de ynformaasje fan ús beiden te kombinearjen. Dat jo de singles inkeld yn 'e tabel fan 'e albums fermelde wolle, haw ik wol wat in probleem mei. Dan kinne je oer sa'n single fierder gjin spesifike ynformaasje jaan. Ik fyn dat je dan better oan 'e tabel fan 'e singles in ekstra kolom mei "Album" tafoegje kinne. Ik haw fan 'e middei en fan 'e jûn even flink oan it switten west om 'e troch jo oandroegen ynformaasje yn 'e tabellen te ferwurkjen en itselde systeem ek by de singlestabel troch te fieren. Ik sil it der no daliks op sette. Sa giet der gjin ynformaasje ferlern. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 jun 2022, 21.58 (CEST)[beäntwurdzje]

Der steane in tal singles neamd, as net útbrocht op in album mar dy't al op in studio-album útbrocht binne. Bygelyks Ring Ring (Bara Du Slog en Signal) stiet op de Skandinavyske ferzje fan it album Ring Ring. En sa bin ik noch in tal nûmers tsjin kaam. FreyaSport (oerlis) 1 jul 2022, 21.39 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw my blykber tefolle ferlitten op in list op 'e Ingelske Wikipedy, wêryn't by dy lieten oanjûn stie dat se allinne as single útbrocht wiene. As je dan nei de artikels oer de spesifike lieten geane, sjogge je yndie dat it oars sit, mar dat hie ik dus net dien. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 jul 2022, 22.41 (CEST)[beäntwurdzje]